Springe nei ynhâld

Rambo: Last Blood

Ut Wikipedy
Rambo: Last Blood
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Adrian Grünberg
produsint Avi Lerner
Kevin King Templeton
Yariv Lerner
Les Weldon
senario Matthew Cirulnick
Sylvester Stallone
kamerarezjy Brendan Galvin
muzyk Brian Tyler
filmstudio Millennium Films
Balboa Productions
Templeton Media
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Yvette Monreal
byrollen Paz Vega
Sergio Peris-Mencheta
Óscar Jaenada
Adriana Barraza
Fenessa Piñeda
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 septimber 2019
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk en Spaansk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $91,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Rambo
● foarich diel Rambo (film)

Rambo: Last Blood, yn guon lannen en territoaria útbrocht as Rambo V of as Rambo V: Last Blood, is in Amerikaanske aksjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Adrian Grünberg, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Yvette Monreal. De film is it fyfde diel út 'e Rambo-filmsearje en folget as sadanich op 'e film Rambo út 2008. De titel betsjut "Rambo: Lêste Bloed", en ferwiist nei de earste film út 'e rige, dy't First Blood ("Earste Bloed") hjit. It ferhaal folget John Rambo, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en in feteraan út 'e Fjetnamoarloch, as er yn Meksiko op 'e siik giet nei de fermiste beppesizzer fan syn húshâldster. It docht bliken dat it fanke ûntfierd is om as as prostituee tewurksteld te wurden. Rambo: Last Blood krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Alve jier nei de foarfallen yn Birma hâldt John Rambo, in âld-kommando út it Amerikaanske Leger en in traumatisearre feteraan út 'e Fjetnamoarloch, wer ta yn syn berteplak Bowie, yn 'e Amerikaanske steat Arizona. Hy bewennet dêr de hynsteranch fan syn heit silger, yn 'e mande mei María Beltrán, syn heite húshâldster, dy't fan Meksikaansk komôf is, en María har beppesizzer Gabriela, in teenagefamke dat noch op 'e middelbere skoalle sit.

Rambo bedript himsels mei it belearen fan hynders. Hy is ek as frijwilliger belutsen by rêdingsaksjes yn 'e bergen fan súdlik Arizona. By swiere rein en hurde wyn spoart er dêr trije ferdwaald rekke kuierders op. Ien fan beide froulju is al dea, mar har man wegeret dat te akseptearjen. Allebeide wurde se fuortspield as in beekje troch alle delslach oerstreamt. De trêde kuierder, in famke, wit Rambo wol te rêden, mar neitiid piniget er himsels om't er harren net alle trije libben en wol fan 'e berch bringe kinnen hat, wylst ek syn posttraumatysk stress-syndroom wer opspilet.

Gabriela har mem, María har dochter, is in stikmannich jierren lyn ferstoarn oan kanker. Har heit hat syn húshâlding om dyselde tiid hinne yn 'e steek litten. Fia Gizelle, in freondinne wa har famylje nei Meksiko ferhuze is, wit Gabriela har heit Manuel op te spoaren. Se wol nei him ta om him te freegjen wêrom't er útnaaid is, in fraach dêr't se bot mei ompakt. Rambo fertelt har dat Manuel gewoan in aaklik stik fretten wie dat nearne ta doogde. Hy besiket en ûntpraat har it plan om har heit op te sykjen. Gabriela liket har dêrûnder del te jaan, mar de oare deis bringt se itselde idee wer op 't aljemint, diskear yn in petear mei har beppe. María wol dêr alhielendal neat fan witte. Se seit tsjin Gabriela dat Manuel har mem mishannele en dat er har net ien kear yn it sikehûs besocht hat doe't se siik waard. Op 'e nij leit Gabriela har del by it opjaan fan har plannen. As se letter dy deis yn 'e auto nei in skoalfreondinne sil, betinkt se har lykwols, keart de auto en riidt nei Meksiko.

Se besiket Gizelle, dat neffens har beppe ek ien is dy't net doge wol. Gizelle nimt har mei nei it adres fan Manuel. As Gabriela lykwols by syn appartemint oankloppet en him befreget oer it ferline, seit er kâldwei tsjin har dat er fûn dat er syn tiid ferdie mei har mem en har en dat er neat mei har te krijen hawwe wol. Alhiel oerstjoer komt Gabriela dêrwei. It rint no tsjin 'e jûn, en Gizelle seit dat se yn dizze steat net efter it stjoer krûpe moat. Ynstee kin se wol by har útfanhûzje. Om Gabriela op te fleurjen, stelt se foar om út te dûnsjen te gean yn in nachtklub. Ienris yn 'e klub wurdt Gabriela oansprutsen troch in opsichtich klaaide man, dy't efter har rêch om wat yn har drankje docht. Neitiid wurdt se troch him meinommen en trochferkocht. Se bedarret yn in bordeel dêr't in hiele groep jonge prostituees fêstholden wurdt om 'traind' te wurden. Harren earste klanten binne in groep Meksikaanske plysjes dy't de famkes foar de earste kear ferkrêftsje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis skillet Gizelle María op mei it berjocht dat Gabriela ferdwûn is. Rambo set hookstrooks ôf nei Meksiko, dêr't er earst by Manuel oan 'e doar komt, dy't him ken en deabenaud fan him is. As er seit dat er neat mei de ferdwining út te stean hat, leaut Rambo him, hoewol't er tsjin him seit dat it allegear syn skuld is en dat er him alve jier lyn al smoare moatten hie. Neitiid siket er Gizelle op, dy't him in grutte bek jout oant er syn mânske mês foar 't ljocht hellet en har bedriget. Dan jout se ta dat se Gabriela mei opsetsin meinommen hat nei dy spesifike nachtklub en dat se dêrfoar betelle krigen hat. Rambo twingt har om mei te gean nei de nachtklub en dêr de man oan te wizen dy't Gabriela drogearre en ûntfierd hat. Dat is in frouljushanneler dy't El Flaco neamd wurdt. Rambo folget El Flaco nei it parkearterrein fan 'e klub, hoewol't er der gjin erch yn hat dat er sels folge wurdt troch in mysterieuze frou. Op it parkearterrein oermasteret er El Flaco en tramtearret er de man sa dat dy him it paad wiist nei de kriminelen oan wa't er Gabriela trochferkocht hat.

As Rambo dêr op ûndersyk útgiet, wurdt er besingele troch de bruorren Hugo en Victor Martínez en inkele tsientallen fan harren mannen. Se slane him hielendal yninoar, en pakke dêrnei syn rydbewiis ôf. Oan 'e hân dêrfan komme se te witten wêr't er wennet. As se yn syn bûse ek in foto fan Gabriela oantreffe, begripe se wat er wol. De gewelddiedige Victor wol him daliks deameitsje, mar de sadistyske Hugo leit dêr it near op. Hy fertelt Rambo dat de famkes dy't hy en syn broer eksploitearje, hielendal neat foar harren betsjutte en gjin minsken mar dingen binne. Hy hie dêrom nea omsjoen nei Gabriela, mar no sil er in foarbyld fan har meitsje. Hy lit Rambo libje sadat er de rest fan syn libben witte sil dat er mei syn eigen dieden it lot fan Gabriela besegele hat. Nei't de bruorren Martínez en harren trewanten ôfset binne, wurdt Rambo oerein holpen troch de mysterieuze frou dy't him al fan 'e nachtklub ôf folge is. Hja nimt him mei nei hûs en lit him temûk behannelje troch in befreone dokter.

Wylst Rambo de folgjende dagen stadichoan opbetteret fan û.m. in harsensskodding, kriget Gabriela fan Victor Ramírez heroïne tatsjinne, wêrnei't se troch klanten oan ien wei troch ferkrêfte wurdt. As Rambo op in stuit syn ferwûnings te boppe komt, is er raar gesteld as er heard dat er fjouwer dagen út 'e tiid west hat. De frou dy't him ferpleegd hat, stelt har foar as Carmen Delgado. Se neamt harsels in 'ûnôfhinklik sjoernaliste' dy't ûndersyk docht nei de bruorren Martínez en harren organisaasje, mar eins giet it har earne oars om: har jongere suster is troch de Martínez' ûntfierd en fermoarde. It is foar Rambo sadwaande net dreech om har te bepraten en fertel him wêr't Gabriela nei alle gedachten fêstholden wurdt. Inkeld bewapene mei in hammer kringt Rambo yn it bordeel binnen en slacht yn in hommelse geweldseksploazje fiif man dea. De jonge prostituees wegerje lykwols út te naaien, om't se deabenaud binne fan wat de bruorren Martínez mei harren dwaan sille as se har wer te pakken krije. Rambo ferlit dêrom it bordeel mei inkeld de dwyljende Gabriela by him. Underweis nei hûs komt it famke te ferstjerren oan in oerdoazis drugs dy't har tatsjinne is.

Rambo en María, dy't stikken is fan fertriet, begrave Gabriela op in heuvel ûnder it skaad fan in beam, njonken de grêven fan Rambo syn âldelju. Neitiid ferhuzet María fan 'e ranch om by har suster yn te lûken. Rambo bliuwt allinne efter en begjint tariedings te treffen foar in konfrontaasje troch oeral om 'e ranch falstrikken te pleatsen, mar fral yn it tunnelstelsel dat er sûnt syn thúskomst yn 2008 ûnder it hiem groeven hat. As alles ree is, keart er werom nei Meksiko, dêr't er Carmen freget om him te fertellen wêr't Victor Martínez wennet. Se besiket him syn plannen te ûntpraten troch te sizzen dat wat bard is, west hat. Rambo seit dat er it ferline net loslitte kin, al soed er it wolle, en dat er op wraak út is. Dêr heakket er oan ta dat sy neffens him ek wraak nimme wol. Carmen jout ta en wiist him de wei. Under dekking fan it nachtlik tsjuster docht Rambo in wraam op 'e filla fan Victor Ramírez, dêr't er al dy syn liifwachten deaslacht en dan de man sels te liif giet wylst er ûnder de dûs stiet.

De oare deis treft Hugo it stoflik omskot fan syn broer ûnthalze oan, mei deselde foto fan Gabriela mei in mês oan 't lewant neile, sadat dúdlik is wa't hjirefter sit. Hugo Ramírez stalt in legerke fan syn trewanten gear en riidt dêrmei nei de ranch yn Bowie ta, dêr't Rambo harren efter him oanlokket de tunnels yn. Dêr set er útein mei it systematysk ombringen fan 'e hiele binde, oant Hugo sels op 't lêst noch mar allinne oer is. Hoewol't Rambo tsjin dy tiid sels ferwûne rekke is, jaget er Hugo de tunnels út nei de skuorre ta, dêr't er him mei pylk-en-bôge oan 'e skuordoar fêstneilet mei fjouwer pylken troch syn beide skouders en boppeskonken. Dêrnei skuort er him letterlik it hert út it liif.

In ferswakke Rambo giet dêrnei op 'e weranda fan 'e ranch yn syn heite skommelstoel sitten, wylst er yn in voice-over swart dat er de neitins oan dejingen fan wa't er holden hat libben hâlde sil. Under de ôftiteling wurde flashbacks nei alle fiif Rambo-films toand, wylst Rambo syn hynder sealet en fuortriidt, de ûndergeande sinne yn 'e mjitte.

Sylvester Stallone.
Paz Vega.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John Rambo Sylvester Stallone
Gabriela Beltrán Yvette Monreal


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Carmen Delgado Paz Vega
Hugo Martínez Sergio Peris-Mencheta
Victor Martínez Óscar Jaenada
María Beltrán Adriana Barraza
Gizelle Fenessa Piñeda
Manuel, Gabriela har heit Marco de la O
El Flaco Pascacio López
dokter Sergio Manuel Uriza
Laura Mirka Prieto
Alejandra Sheila Shah
don Manuel Joaquín Cosío
don Miguel Rick Zingale
sheriff Louis Mandylor
haadynspekteur fan 'e steatsplysje Aaron Cohen
klant yn bar Genie Kim (ek bekend as Yenah Han)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar de plot fan Rambo: Last Blood kaam al op 't aljemint doe't Sylvester Stallone yn 2006-2007 nei in ferhaal socht foar Rambo, de foargeande film yn 'e Rambo-rige. Op dat stuit fûn er it net gaadlik, om't er net betinke koe hoe't er John Rambo fan 'e ein fan Rambo III (1988) nei it útgongspunt fan Rambo: Last Blood bringe koe. De film Rambo, út 2008, foarme dat brechje. Fan 2009 ôf kamen der om 'e safolle tiid berjochten oer de preproduksje fan 'e fyfde Rambo-film nei bûten ta. Yn 2016 waard bekendmakke dat de film langer net mear yn produksje wie, mar yn maaie 2018 waard de produksje fannijs oankundige.

Rambo: Last Blood waard regissearre troch Adrian Grünberg nei in senario fan Matthew Cirulnick en Sylvester Stallone. As produsinten wiene Avi Lerner, Kevin King Templeton, Yariv Lerner en Les Weldon by it projekt belutsen foar de filmstudio's Millennium Films (fia Nu Image), Balboa Productions en Templeton Media. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Brendan Galvin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler.

De opnamen foar Rambo: Last Blood setten op 2 oktober 2018 útein en duorren oant 4 desimber fan dat jier, mei dêropta reshoots oan 'e ein fan maaie 2019. De film waard foar it meastepart opnommen yn Bulgarije. Inkele sênes waarden filme yn 'e omkriten fan Shreveport yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, en op Teneryf, yn 'e Kanaryske Eilannen.

De distribúsje fan Rambo: Last Blood waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 20 septimber 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 20 septimber by platemaatskippij Lakeshore Records. Rambo: Last Blood kaam op 3 desimber 2019 beskikber as digitale download en waard op 17 desimber útbrocht op dvd en blu-ray.

Alternative 'Noardamerikaanske' ferzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bioskoopferzje fan Rambo: Last Blood dy't yn 'e Feriene Steaten, Kanada en it Feriene Keninkryk útbrocht wie, hie in spyldoer fan 89 minuten. Yn 'e measte oare lannen en territoaria, wêrûnder Nederlân, Dútslân, Sweden, Finlân, Japan, Meksiko, Brazylje en Austraalje, waard in alternative ("ynternasjonale") ferzje fan 'e film útbrocht, dy't in spyldoer fan 101 minuten hie. Dêr wiene inkele koarte stikjes oan tafoege dy't út 'e 'Noardamerikaanske' ferzje fuortknipt wiene, mei dêropta in hast 10 minuten duorjende begjinsêne wêryn't Rambo dielnimt oan in rêdingsaksje fan trije ferdwaalde kuierders yn 'e bergen. (De 'Noardamerikaanske' ferzje fan 'e film begjint de moarns dêrnei mei Rambo op syn ranch.)

Fan 'e filmkritisy krige Rambo: Last Blood oer it algemien negative resinsjes. In útsûndering wie Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times, dy't de film 3 fan 4 stjerren joech. Hy neamde it ferhaal in "ferrassend somber ûndersyk" nei John Rambo. Dêroer skreau er: "Fansels leauwe je dat it him mienen is as Rambo úteinlik rotsakken begjint te fermoardzjen […], mar der is ek in beskate brekberens dy't je yn noed sitte lit dat oaren him ek wolris goed gnjirdzje kinne soene." Yn it tydskrift Variety fûn Peter Debruge dat Rambo "in fet fol tsjinstellings" wie, "oan 'e iene kant de permaninte skea fertsjintwurdigjend dy't militêre tsjinst jins siel tabringe kin, wylst er tagelyk suggestyf is foar hoe't de ideäle soldaat derút sjocht."

Debruge omskreau fierder it geweld yn Rambo: Last Blood as "in ôfgryslike, mislik meitsjende slachting om oan te sjen". Yn Uproxx skreau Vince Mancini: "It is sa wierlik ferskriklik dat ik derfan oertsjûge bin dat der echte fideo's fan 'e drugskartels binne fan 'e marteling fan rivalen, dy't minder bluodderich binne." Nettsjinsteande dat rette er de film oan as ien dy't men sjen moàst. Johnny Oleksinski fan 'e New York Post neamde Rambo: Last Blood ek "mei gemak de gewelddiedichste film fan it jier." Dêr heakke er oan ta: "It is geweldich." Hy fûn lykwols dat de plot, de dramatyk en it ôfseage eftergrûnferhaal der wol útknipt wurde kinnen hiene. In protte filmkritisy fûnen dat de plot fan Rambo: Last Blood fierhinne stellen wie fan Taken (2008), mei Liam Neeson, mar de foaroansteande Amerikaanske resinsint James Berardinelli seach mear oerienkomsten tusken Rambo: Last Blood en Death Wish (1974), mei Charles Bronson. Hy parte de film 1 fan 4 stjerren ta.

In heikel punt wie de ôfskildering fan Meksiko yn Rambo: Last Blood as in broeinêst fan kriminaliteit en korrupsje. Dat late ta beskuldigings dat de film rasistysk en ksenofobysk wie en/of dat er besocht oansluting te finen by de oanhingers fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump, dy't ymmigranten út Meksiko ferskate kearen omskreaun hie as "moardners en ferkrêfters". Yn 'e Britske krante The Guardian neamde Peter Bradshaw de film "in ûnbidich fergrutte prostaat fan in film, [dy't] je inkeld yninoar krimpe litte kin mei syn min aktearre […] ekstreem geweld, syn trumpistyske fantasijen fan Meksikaanske ferkrêfters en in bespotlik ûn(der)befeilige Amerikaanske grins, en mei syn krúe entûsjasme foar ferkrêftingswraakoanfallen."

De Meksikaanske filmkritikus Gerardo Valero hie op 'e webside RogerEbert.com fral muoite mei de ynset fan Spaanske akteurs om 'e Meksikaanske personaazjes te spyljen. Hy skreau dat it "ûnmooglik wie om serieus te bliuwen as je hearre hoe't dizze groep Spaanske akteurs besiket om Meksikaansk te klinken troch yn in nuveraardich aksint om it wurd in krêftterm falle te litten." Dêr foege er oan ta: "As de film net sa dom wie, soe ik my wierskynlik troch dit alles misledige field hawwe."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rambo: Last Blood in leech goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 171 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Krekt as de eardere ferfolchfilms, is [dizze film] tefreden mei it tajaan oan bluodderich geweld yn it neidiel fan it ienris oangripende ferhaal fan 'e haadpersoan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rambo: Last Blood in goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 31 resinsjes.

Rambo: Last Blood brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $44,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $46,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $91,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $41,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Rambo: Last Blood waard nominearre foar acht kategoryen fan 'e Golden Raspberry Awards, de 'prizen' foar de minste prestaasjes op filmgebiet, wêrûnder dy foar minste film, minste regisseur en minste akteur (Sylvester Stallone). De film 'wûn' de Golden Raspberry Award foar minste prequel, ferfolch of remake en dy foar 'minste domdryste ferûntachtsuming fan minsklik libben en iepenbier eigendom'.

Fierdere ferfolchfilms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2019 sei Sylvester Stallone op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes dat er op 'e nij yn 'e hûd fan John Rambo krûpe sil as Rambo: Last Blood in kommersjeel súkses wie. Yn juny 2020 fertelde Stallone dat er mei it idee boarte om Rambo yn in sechsde film weromkeare te litten nei it Yndianereservaat dêr't syn mem wei kaam. Regisseur Adrian Grünberg beskôge Rambo: Last Blood lykwols as it ôfslutende diel fan 'e searje. Yn elts gefal besteane der al fierfoardere plannen foar in prequel fan 'e Rambo-filmsearje, om út te finen wa't Rambo wie foar't de Fjetnamoarloch him sa tatakele. Fansels kin Stallone omreden fan syn leeftyd yn sa'n film net de titelrol spylje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rambo (filmsearje)
First Blood (1982) • Rambo: First Blood Part II (1985) • Rambo III (1988) • Rambo (2008) • Rambo: Last Blood (2019)