Parker (film út 2013)
Parker | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Taylor Hackford | |
produsint | Les Alexander Steven Chasman Taylor Hackford Sidney Kimmel Jonathan Mitchell | |
senario | John J. McLaughlin | |
basearre op | Flashfire fan Donald E. Westlake | |
kamerarezjy | J. Michael Muro | |
muzyk | David Buckley | |
filmstudio | Incentive Filmed Entertainment Sierra Pictures Sidney Kimmel Entertainment Current Entertainment Alexander/Mitchell Anvil Films | |
distribúsje | FilmDistrict | |
spilers | ||
haadrollen | Jason Statham Jennifer Lopez | |
byrollen | Nick Nolte Michael Chiklis Clifton Collins jr. Micah Hauptman Wendell Pierce Emma Booth | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 jannewaris 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | misdiefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $31–35 miljoen | |
opbringst | $46,2 miljoen |
Parker is in Amerikaanske misdiefilm en aksjeskriller út 2013 ûnder rezjy fan Taylor Hackford, mei yn 'e haadrollen Jason Statham en Jennifer Lopez. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan. It ferhaal giet oer de dief Parker, dy't in oerfal útfierd mar neitiid oanfallen en foar dea efterlitten wurdt troch syn eigen trewanten. Hy efterfolget harren nei Palm Beach yn Floarida om wraak te nimmen en syn diel fan 'e bút te bemachtigjen. Dêrby wurdt er holpen troch de pleatslike makelder Leslie Rodgers. Parker krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en prestearre yn 'e bioskopen teloarstellend. Anno 2021 is it yn 'e Feriene Steaten lykwols de bêst besjoene film op Netflix.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Parker is ien dy't fan dieverij syn karriêre makke hat. Hy is dêr goed yn en hy is oprjocht yn 'e sin dat er ôfspraken altyd neikomt. Datselde ferwachtet er ek fan oaren. Syn mentor Hurley freget him om in oerfal út te fieren op 'e Steatsmerke fan Ohio yn Columbus, mei in groepke oare dieven dy't er net ken. It binne Melander, Ross, Carlson en Hardwicke. De oerfal is in súkses, mar Hardwicke, dy't foar in ôfliedingsmaneuver soargje moast troch op in beskaat plak brân te stiftsjen, is in gleie suffert dy't hast syn beurt fersit om't er te drok is mei it begluorkjen fan 'e dielnimsters oan 'e skientmewedstryd yn 'e tinte dy't se brûke as klaairomte. Hy feroaret op eigen manneboet it plak fan 'e brân, mei as gefolch dat dêrby in deade falt. Parker, dy't de lieding oer de oerfal hat, is poer en jout him neitiid in fikse opstopper.
As de fiif mannen yn in flechtauto mei de bút fan $1 miljoen sjogge dat se út Ohio komme, stelt Melander foar om 'e hiele bút te ynvestearjen yn in nije oerfal, dy't in noch grutter rindemint opleverje moat. Parker hat dêrfoar lykwols gjin belangstelling. Hy wol syn fyfdepart hawwe, $200.000, en wat de oare mannen mei harren oandielen dogge, dat moatte se sels mar witte. Melander besiket Parker te bepraten, mar dyselde hâldt foet by stik, ek as Melander útleit dat er ferlet hat fan 'e hiele bút om 'e nije oerfal fan te finansieren, om't dy oars net trochgean kin. As dúdlik wurdt dat Parker net fan gedachten feroarje sil, besykje de oare fjouwer mannen him earne yn Kentucky te fermoardzjen. Parker ferwûnet Carlson, Hardwicke en Ross, en wit mei in skotwûne yn it skouder út it stikkene rút fan 'e ridende auto te springen, mar bliuwt neitiid bewusteleas lizzen. Melander twingt Hardwicke om werom te gean en Parker dea te sjitten, wat Hardwicke mei tsjinnichheid docht, net om't er wat tsjin it deadzjen fan oare minsken hat, mar om't er it foar de moade hat om him foar alle ferfelende putsjes wei te winen. Hy fjurret syn pistoal ôf op it lichem fan Parker en rôlet him fan 'e wei ôf yn 'e berm, mar fersommet om te kontrolearjen oft er wol echt dea is.
Letter dy deis wurdt Parker yn 'e ûnderwâl oantroffen troch in foarbyridende boer dy't mei syn pick-uptruck syn tomaterispinge nei de merk bringt. Hy en syn wiif en soan skuorre Parker by de wâl op, en as bliken docht dat er noch libbet, bringe se him nei it pleatslike sikehûs ta. Sadree't er dêr wer by besleur komt, naait er út troch in ambulânse te stellen foar't de plysje arrivearje kin om 'e ûnbekende man dy't mei skotwûnen binnenbrocht is, te ûnderfreegjen. Hy ferskûlet de ambulânse yn in ikker mei heech stynske weet, leit in ynfús oan en jout himsels del op 'e brankaar. As Parker letter wer wekker wurdt, stelt er in opienfolging fan auto's, berôvet in bank om oan jild te kommen en keapet by in profesjonele ferfalsker nije identiteitspapierren. Hy skillet Hurley op en fertelt wat der bard is, en freget hoe't er Melander-en-dy wer fine kin. Hurley warskôget him dat Melander konneksjes hat mei Danzinger, in machtige maffiabaas yn Chicago, dy't de omke fan Harwicke is. Nei lang oandringen fan Parker fertelt Hurley úteinlik mei tsjinnichheid dat de broer fan Hardwicke in kafee yn New Orleans hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Parker reizget nei New Orleans, dêr't er Hardwicke syn broer mishannelet en dêrmei twingt om oan him út te bringen dat de nije oerfal fan Hardwicke en de oaren yn Palm Beach plakfine sil, yn súdlik Floarida. Foar't Parker mear freegje kin, wurde se ûnderbrutsen troch de liifwachten fan Hardwicke syn broer, oan wa't Parker lykwols sûnder swierrichheden wit te ûntkommen. Neitiid skillet er Hurley op en syn freondinne Claire, dy't Hurley syn dochter is, mei it boadskip dat er machtige fijannen makke hat en dat Danzinger miskien foar ferjilding in wraam op harren dwaan sil. Yndie komt der net folle letter in slûpmoardner fan Danzinger opdaagjen, dy't it op Claire foarsjoen hat, mar hja is him te fluch ôf en ûntkomt. As se Parker opskillet, jout dy har opdracht om net werom te gean, mar streekrjocht nei harren fakânsjehûs oan 'e Okeechobeemar yn Floarida te riden en har dêr skûl te hâlden. Letter moetet Parker Hurley, dy't him fertelt dat Danzinger him de $200.000 stjoerd hat dy't Melander-en-dy Parker skuldich binne. Parker trapet dêr net yn en hat fuortendaliks troch dat it Hurley syn eigen jild is, mei't de maffia net samar sa'n bedrach fuortskyt. Hy jout Hurley ta beskie dat er sýn jild net hawwe wol, mar hàrres. Sa hiene se dat ôfsprutsen en as minsken har net oan 'e ôfspraken hâlde wurdt it in gekkeboel. En dat is ûnakseptabel.
Parker reizget nei Palm Beach ta, dêr't er him foardocht as in rike Teksaanske ierdoaljemagnaat dy't Daniel Parmitt hjit. Hy nimt kontakt op mei in pleatslike makelerdij om't er sabeare in hûs yn 'e stêd siket. Makelder Leslie Cienfuegos Rodgers is in frou fan tsjin 'e fjirtich dy't koartby it hiele libben dat se opboud hie, kwytrekke is. Har houlik mei har liddichgonger fan in man is op 'e klippen rûn doe't er in jonger, kreazer frommeske fûn, mar foar't de skieding dertroch kaam, liet er him noch gau eefkes fallyt ferklearje, mei as gefolch dat Leslie mei in reuseftige berch skulden efterbleau dy't hy makke hie. Dêrtroch wie se twongen om wer by har mem yn te lûken, in widdo mei in yrritant kefferke, dy't de hiele dei nei soapsearjes sjocht. Op har wurk giet it mei har karriêre ek nearne hinne, en se stiet op it punt dat, fanwegen har skulden, har auto yn beslach nommen wurde sil, wat betsjutte soe dat se har baan net iens mear útoefenje kin. As der in rike Teksaan opdaagjen komt en it har slagget om syn opdracht oan in súksesfolle kollega te ûntfytmanjen, is Leslie dan ek alhiel feringele. Se sjocht dit as har grutte kâns. Tegearre geane se Palm Beach troch om huzen te besichtigjen dy't te keap steane. It iennichste dêr't Parmitt lykwols belangstelling foar toant, is in hûs dat koartby ferkocht is oan in Rodrigo. Leslie fielt har seksueel oanlutsen ta de Teksaan, mar as se him om in ôfspraakje freget, wegeret er beleefd.
Dy jûns beseft Leslie dat der wat aparts mei Parmitt is. Want as se rike manlju rûnliedt, moat se altyd op har iepenst wêze om harren hantaastlikheden te ûntwiken en ôf te warjen, mar net allegear en hielendal, want dan ferkeapet se nea in hûs. Parmitt hat lykwols net ien kear besocht har ûnfoech oan te reitsjen. As se ûndersyk docht nei syn finânsjes, docht bliken dat er noch nea in oare auto besitten hat as dy't er no hat en dat er noch nea wat mei in creditcard kocht hat. Sterker noch, it liket wol as is er in pear moanne lyn pas berne. Syn belangstelling foar dat iene hûs komt har wer yn 't sin, en as se Rodrigo neilûkt, blykt dy ek noch mar in healjier te bestean.
Dyselde jûns giet Parker werom nei it hûs fan 'Rodrigo', dy't, sa't er al fermoede, nimmen oars as Melander blykt te wêzen. As Melander-en-dy om in pizza geane (dy't se net thús besoargje litte kinne om't se net wolle dat immen wit dat sy hjir binne), glûpt Parker troch de automatyske kanteldoar fan 'e garaazje nei binnen. Hy trochsiket it hûs, mar kin net folle wiiswurde oer de plannen fan Melander-en-dy. Hy ferstoppet ûnder tafels ferskate pistoalen foar as er dy nedich hawwe sil yn 'e konfrontaasje mei de mannen dêr't er plannen foar makket. Ek fynt er de fjoerwapens fan Melander-en-dy, wêrfan't er de slachpinnen ferbûcht. As de mannen wer weromkomme, wit Parker nauwerneed te ûntsnappen sûnder sjoen te wurden. By syn auto, in ein fierderop yn 'e strjitte, wurdt er lykwols opwachte troch Leslie. Se konfrontearret him mei wat se oer him en Rodrigo ûntdutsen hat en konkludearret dat 'Parmitt' wat dwaan sil dat net troch de bûgel kin. Om't har eigen finansjele sitewaasje hopeleas is, biedt se har help oan by wat er dan ek mar fan doel is. Parker wol dêr earst neat fan witte, mar Leslie printet him yn dat er ferlet hat fan immen dy't bekend is mei de pleatslike sitewaasje, oars sil er sûnder mis troch de koer sakje. As Parker har fertelt dat Melander-en-dy dwaande binne mei in juwiellerôf ter wearde fan $75 miljoen, seit Leslie fuortendaliks dat it gean moat om 'e feiling fan 'e neilittenskip in smoarrike widdo dy't koartby ferstoarn is. De oare deis ride se tegearre dêrhinne en sinjalearret Parker op it lângoed fan 'e widdo yndie Melander.
Werom yn syn hotelkeamer heech yn it hotel wurdt Parker opwachte troch de slûpmoardner fan Danzinger. In lang en bitter gefjocht folget, wêrby't Parker heal smoard wurdt, fjouwer brutsen ribben oprint en in mês troch de hân kriget. Uteinlik wit er de slûpmoardner lykwols fan it balkon te smiten, sadat de man te pletter falt. Sels ûntkomt er ear't de plysje arrivearje kin. De oare deis wurdt Leslie út bêd belle troch Jake Fernandez, in plysjeman dy't in eachje op har hat. Hy is hjir no lykwols fan beropswegen, om't er har juster mei Daniel Parmitt sjoen hat. Dyselde wurdt no socht om't er in man fan syn balkon smiten hat. Under it petear komt it kefferke fan Leslie har mem deryn en lûkt in spoar fan bluodderige poatprintsjes oer de tegels, dat Leslie temûk gau útwisket. Nei't se Fernandez ôfpoeiere hat, ûntdekt se de ferwûne en bliedende Parker ferskûle op 'e weranda. Hy jout har opdracht om nei har wurk te gean en út in tillefoansel wei in nûmer te skiljen. Har mem Asunción sjocht nearne fan op en nûget Parker deryn. It tillefoannûmer blykt fan Claire te wêzen, dy't delkomt om Parker syn wûnen te fersoargjen. Letter is Leslie tsjûge fan it ôfskie fan Parker en Claire, en se beseft dat se gjin inkele kâns by him makket. Nettsjinsteande alle oprûne ferwûnings is it Parker net te ûntpraten om dyselde jûns efter Melander-en-dy oan te gean.
Melander, Ross en Carlson kringe, troch de feilingmaster om te keapjen, foarôf de filla binnen dêr't de feiling holden wurde sil en pleatse dêr fjoerwurk yn 'e lûdsynstallaasje. As it fjoerwurk ûnder de feiling ôfgiet, liket it brân te feroarsaakjen. De trije mannen dogge har dan foar as brânspuitlju, dy't alle oanwêzigen derút stjoere om't de 'brân' giftige dampen ôfjaan soe. Ienris allinne helje se alle fitrines leech en ûntsnappe dan mei dûkútris troch de efterdoar en it oangrinzgjende kanaal, wylst Hardwicke yn in speedboat de tahastige wetterplysje ôfliedt. Underwilens is Parker it hûs fan Melander-en-dy ynkrongen, dêr't er harren opwachtet. Leslie, dy't bang is dat Parker, ferwûne as er is, it spul ferprutse sil, bejout har ek nei it hûs om te sjen wat der geande is, mar wurdt finzennommen troch Hardwicke. Melander fermoedet fuortendaliks dat Leslie foar Parker wurket en lit it hûs trochsykje, mar Parker deadet Ross yn stilte en weeft dan yn in gefjocht ôf mei Melander sels, dat er oerlibbet om't Melander syn wapen, as er Parker deasjitte wol, fanwegen de ferbûgde slachpin net ôfgiet. Leslie, dy't doe't se oer de grûn treaun waard ien fan Parker syn ferstoppe pistoalen ûnder de tafel hingjen sjoen hat, grypt dat wapen en sjit Carlson dea. Neitiid wurdt se lykwols gizele troch Hardwicke, dy't har as libben skyld besiket te brûken. Hy driget har dea te sjitten, mar Parker sjit him ynstee dea.
Neitiid jout Parker de bútmakke juwiellen oan Leslie, mei de opdracht om se yn it gebou fan 'e makelerdij yn in fentilaasjebuis te ferstopjen en der net mear oan te tinken. Mei in fearnsjier, as it trelit om 'e oerfal hinne wat saksearre is, sil er ien stjoere om it spul op te heljen. Dan moatte de juwiellen noch hiele wurde, wat noch wol in jier duorje kin. De earste $200.000 is foar him, om't Melander-en-dy him dat skuldich wiene. De twadde $200.000 is foar Hurley, dy't de oerfal op 'e Steatsmerke fan Ohio opset hie. Dêrnei diele Parker en Leslie de rest fan 'e bút midstwa. Mei wat gelok kin se miljoenen temjitte sjen.
In healjier letter kringt Parker yn Chicago it kantoar fan Danzinger binnen troch al syn liifwachten te fermoardzjen. De maffiabaas wol him ôfkeapje, mar Parker fertelt him dat it him net om jild te dwaan is en sjit him dea. Noch in jier letter wurde by Leslie twa swiere pakketten besoarge. As se dy iepenmakket, blike se fol te sitten mei steapels papierjild. De boer dy't Parker fûn en nei it sikehûs ta brocht, kriget ek in rynske jefte oer post besoarge, wêrmei't er al syn skulden ôflosse kin.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Parker | Jason Statham |
Leslie Cienfuegos Rodgers | Jennifer Lopez |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Hurley | Nick Nolte |
Melander | Michael Chiklis |
Ross | Clifton Collins jr. |
August Hardwicke | Micah Hauptman |
Carlson | Wendell Pierce |
Claire Hurley | Emma Booth |
plysje Jake Fernandez | Bobby Cannavale |
Asunción Cienfuegos | Patti LuPone |
Norte | Carlos Carrasco |
Kroll | Daniel Bernhardt |
himsels | Dax Riggs |
befeiligingsman Ben | Billy Slaughter |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De film Parker is ferneamd nei it personaazje mei deselde namme út 'e boeken fan skriuwer Donald E. Westlake. De rol wurdt yn dizze film spile troch de Britske akteur Jason Statham. Op it wite doek wie Parker earder te sjen (hoewol spile troch oare akteurs) yn seis oare films, wêrfan't de meast resinte Payback wie, út 1999 (mei Mel Gibson yn 'e haadrol). De film Parker wie basearre op 'e roman Flashfire, en waard regissearre troch Taylor Hackford nei in senario fan John J. McLaughlin.
As produsinten wiene Les Alexander, Steven Chasman, Sidney Kimmel, Jonathan Mitchell en Hackford sels by it projekt belutsen foar de filmstudio's Incentive Filmed Entertainment, Sierra Pictures, Sidney Kimmel Entertainment, Current Entertainment, Alexander/Mitchell en Anvil Films. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $31 oant 35 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan J. Michael Muro, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Buckley. De opnamen setten op 4 augustus 2011 útein en duorren oant jannewaris 2012. Der waard filme yn New Orleans (Louisiana), Baton Rouge (Louisiana), Palm Beach (Floarida), Miami (Floarida) en Columbus (Ohio).
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Parker waard fersoarge troch FilmDistrict. De film gie op 24 jannewaris 2013 yn premiêre yn Las Vegas, wêrnei't er op 25 jannewaris iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Parker kaam op 21 maaie 2013 út op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Parker mingde resinsjes. In diel fan harren, ûnder wa Alonso Duralde fan TheWrap en Joe Morgenstern fan The Wall Street Journal, fûn dat it in minne ferfilming fan 'e roman fan Westlake wie, en boppedat typearjend foar de rige healbakte films dêr't Jason Statham de foargeande pear jier yn spile hie. Oaren, lykas Connie Ogle fan 'e Miami Herald en Brian Lowry fan Variety, fûnen dat Statham krekt paste by de rol fan Parker. De measte resinsinten priizgen Jennifer Lopez yn in foar har ûnkarakteristike rol, dy't net selden ferlikings oprôp mei har rol as U.S. Marshal yn 'e misdiefilm Out of Sight út 1998. Ferskate foaroansteande kritisy, ûnder wa A.O. Scott fan The New York Times en ynternetfilmresinsint James Berardinelli, kamen ta de konklúzje dat Parker in behoarlik goede film wie.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Parker in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 107 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Jason Statham docht lykas gewoanlik syn bêst, mar Parker is in folslein ûnbysûndere en ûnnedich yngewikkelde heistfilm." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 21 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Parker brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $17,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $28,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $46,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $31 oant 35 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $11,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. As der yn 'e bioskopen al winst op Parker makke waard, sil it sadwaande in hiele tinne winst west hawwe, of mooglik sels in ferlies. Mar op 'e ferkeap fan dvd's en blu-rays waard allinne al yn 2013 yn 'e Feriene Steaten $11,3 miljoen fertsjinne, en yn maart 2021 wie Parker yn 'e Feriene Steaten de meast besjoene film op Netflix, foàr Training Day (2001), The Dark Night (2008), Moxie (2021) en Bigfoot Family (2020).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Parker (deade link)
- (in) Ynformaasje oer Parker yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske misdiefilm
- Amerikaanske skrillerfilm
- Amerikaanske aksjefilm
- Aksjeskrillerfilm
- Misdieskrillerfilm
- Ingelsktalige film
- Amerikaanske heistfilm
- Film fan Sidney Kimmel Entertainment
- Film fan FilmDistrict
- Film fan Taylor Hackford
- Film út 2013
- Film oer dieverij
- Film oer wraak
- Film basearre op in literêr wurk
- Palm Beach (Floarida)