Springe nei ynhâld

Frozen (franchise)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Once Upon a Snowman)
Frozen
betinker Chris Buck
Jennifer Lee
Peter Del Vecho
John Lasseter
eigner The Walt Disney Company
lân Feriene Steaten
begjinjier 2013
films
langspylfilms Frozen
Frozen II
koarte films Frozen Fever
Myth: A Frozen Tale
Once Upon a Snowman
dokumintêres The Story of Frozen: Making
   a Disney Animated Classic

Into the Unknown: Making
   Frozen 2
tillefyzje
tekenfilmsearjes At Home with Olaf
specials Olaf's Frozen Adventure
teäter
toanielstikken Frozen: A Musical
   Spectacular

Frozen: Live at the Hyperion
Frozen (musical)
spultsjes
fideospultsjes sjoch hjirre
literatuer
romans sjoch hjirre
strips sjoch hjirre
muzyk
soundtracks Frozen
Frozen II
offisjele webside
frozen.disney.com

Frozen is in Amerikaanske mediafranchise fan The Walt Disney Company, dy't yn 2013 úteinsette mei de lange tekenfilmmusical Frozen. Dy wie sawol kritysk as kommersjeel alderraarst sa súksesfol. Frozen waard betocht troch Jennifer Lee en Chris Buck y.g.m. filmprodusint Peter Del Vecho en útfierend produsint John Lasseter. De franchise waard fan filmmuzyk foarsjoen troch komponist Christophe Beck en lietsjeskriuwers Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez. Anno 2021 bestiet de franchise út twa lange films, trije koarte films, in tillefyzjespecial, in tekenfilmsearje, inkele crossovers nei oare tillefyzjesearjes, twa efter-de-skermendokumintêres, in toanielstik, twa musicals en fierders soundtrack-cd's, fideospultsjes, boeken en strips.

De Wikipedy hat ek in side Frozen (film út 2013).

Frozen wie ynspirearre troch it mearke De Sniekeninginne fan 'e njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer Hans Christian Andersen. De film giet oer de manmoedige jonge prinsesse Anna (ynsprutsen troch Kristen Bell) dy't ûnferskrokken ôfset mei de fernimstige iishouwer Kristoff (Jonathan Groff), syn trouwe rindier Sven en de naïve libbene snieman Olaf (Josh Gad) om har fan har ferfrjemde suster Elsa (Idina Menzel) te finen, dy't mei har izige boppenatuerlike krêften by fersin in ivige winter ôfroppen hat oer harren keninkryk Arendelle.

Frozen waard regissearre troch Chris Buck en Jennifer Lee nei in senario fan Lee. De film gie op 19 novimber 2013 yn premiêre, en brocht $1.291 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen. Dêrmei wie it de meast opbringende animaasjefilm aller tiden en de op tolve nei meast opbringende film aller tiden. Frozen wûn twa Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm), twa Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm), twa Grammy Awards, ien BAFTA, fiif Annie Awards en in Saturn Award.

De Wikipedy hat ek in side Frozen II.

Yn Frozen II, dat trije jier nei de foarfallen yn Frozen spilet, sette Elsa (Idina Menzel), Anna (Kristen Bell), Kristoff (Jonathan Groff), Sven en Olaf (Josh Gad) ôf op in reis om utens. Harren doel is om 'e oarsprong te ûntdekken fan Elsa har boppenatuerlike krêften en it keninkryk Arendelle te rêden nei't Elsa oanroppen is troch in mysterieuze stimme.

Frozen II waard op 'e nij regissearre troch Chris Buck en Jennifer Lee, nei in senario fan Lee. De film gie op 7 novimber 2019 yn premiêre, en brocht $1.450 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen. Dêrmei wie it de op twa nei meast opbringende film fan 2019, de op ien nei meast opbringende animaasjefilm aller tiden (nei de remake fan The Lion King) en de op njoggen nei meast opbringende film aller tiden. Frozen II waard nominearre foar ien Oscar, twa Golden Globes, in BAFTA, in Satellite Award en sân Annie Awards, en wûn twa Annie Awards.

De Wikipedy hat ek in side Frozen Fever.

Yn 'e koarte film Frozen Fever is it Anna (Kristen Bell) har jierdei, en der is har suster Elsa (Idina Menzel) alles oan gelegen om der in bysûndere dei fan te meitsjen. As se lykwols sels kjeld skipet, hat dat ûnferwachtse gefolgen. Frozen Fever waard regissearre troch Chris Buck en Jennifer Lee nei in senario fan harren beiden. De film hat in spyldoer fan goed 7 minuten en gie op 13 maart 2015 yn premiêre, yn 'e mande mei Cinderella, de live-action-remake fan 'e lange tekenfilm Cinderella, út 1950.

Myth: A Frozen Tale

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Myth: A Frozen Tale is in prequel is fan Frozen II. Yn dy koarte film fertelt Iduna (Evan Rachel Wood), de mem fan Elsa en Anna, it eftergrûnferhaal fan 'e elemintêre geasten. Myth: A Frozen Tale waard regissearre troch Jeff Gipson. De film kaam op 11 juny 2020 út, mar hie in firtuele foarm en wie inkeld beskikber fia Oculus Rift, in produsint fan firtuele-reäliteitsbrillen. Op 15 jannewaris 2021 waard oankundige dat op 26 febrewaris fan dat jier in "platte" ferzje fan 'e koarte film beskikber komme soe fia de streamingtsjinst Disney+.

Once Upon a Snowman

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Once Upon a Snowman is in koarte film dy't yngiet op in ûnbeljochte part fan 'e earste film. It ferhaaltsje folget de snieman Olaf (Josh Gad) fan it momint dat er by fersin troch Elsa skepen wurdt ûnder it liet Let It Go oant syn earste moeting mei Anna, Kristoff en Sven letter yn 'e film. Once Upon a Snowman, wêrfan't de titel likernôch betsjut: "Der Wie Ris in Snieman", waard op 23 oktober 2020 útslutend fia de streamingtsjinst Disney+ útbrocht.

Searje koarte films

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

At Home with Olaf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

At Home with Olaf is in searje koarte tekenfilmkes mei inkeld de snieman Olaf (Josh Gad) as haadpersoan, dy't fan 6 april oant 13 maaie 2020 troch Disney útbrocht waarden fia it YouTube-kanaal en de Twitter-account fan 'e filmstudio. De filmkes waarden thús makke troch Hyrum Osmond en in stikmannich oare animators doe't se ûnder de earste lockdown y.f.m. de koroanafiruspandemy thúswurkje moasten.

Tillefyzjespecial

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olaf's Frozen Adventure

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Olaf's Frozen Adventure.

Olaf's Frozen Adventure is in tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst, mei in spyldoer fan 21 minuten. It ferhaal folget Elsa (Idina Menzel) en Anna (Kristen Bell) en harren freonen as it foar it earst kryst wurdt yn Arendelle nei de foarfallen yn Frozen. No't Elsa har boppenatuerlike krêften net mear geheim hoecht te hâlden, kinne de susters foar it earst mei-inoar kryst fiere, mar dan beseffe se dat se, oars as de oare ynwenners fan Arendelle, hielendal gjin famyljetradysjes oangeande de kryst hawwe. De snieman Olaf (Josh Gad) nimt it op him om mei help fan it rindier Sven op 'e sneup te gean nei krysttradysjes. As de syktocht yn gaos einiget, beseffe de susters dat harren krysttradysje fan bern ôf oan al west hat om in snieman te meitsjen, en dat Olaf dus yn sekere sin sels in krysttradysje is.

Olaf's Frozen Adventure waard regissearre troch Kevin Deters en Stevie Wermers nei in senario fan Jac Schaeffer. De special wie fan 22 novimber 2017 ôf yn in beheind tal bioskopen te sjen as foarfilm fan 'e lange animaasjefilm Coco. De tillefyzjepremiêre folge op 2 desimber fan dat jier doe't Olaf's Frozen Adventure op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard troch it oan Disney liëarre tillefyzjenetwurk ABC.

Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wiene ferskate crossovers tusken de Frozen-franchise en (oare) tillefyzjesearjes. Dêrby gie it om 'e lêste oflevering fan seizoen 3 (2014) en hiel seizoen 4 (2014-2015) fan 'e fantasytillefyzjesearje Once Upon a Time. It personaazje Olaf de snieman wie yn 2016 ek te sjen yn bernetekenfilmsearje Sofia the First.

The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic.

Oer de produksje fan 'e súksesfilm Frozen waard yn 2014 in 44 minuten duorjende dokumintêre makke mei as titel The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic. It tillefyzjeprogramma waard op 4 septimber 2014 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch ABC.

Into the Unknown: Making Frozen II

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Into the Unknown: Making Frozen II.

Oer de produksje fan 'e langferwachte ferfolchfilm Frozen II, dy't yn 2019 útkaam, waard datselde jiers in seisdielige dokumintêresearje makke mei as titel Into the Unknown: Making Frozen II. De searje waard produsearre troch Lincoln Square Productions en regissearre troch Megan Harding. Alle seis ôfleverings waarden op 26 juny 2020 útbrocht fia de streamingtsjinst Disney+.

De filmmuzyk fan 'e films Frozen en Frozen II waard útbrocht op 'e soundtrackalbums Frozen (2013), resp. Frozen II (2019). De Frozen-franchise omfiemet in grut tal lieten dy't súkses berikt hawwe bûten de kontekst fan 'e films dêr't se oarspronklik diel fan útmakken. Dêrby giet it om:

Live-action-aktrises yn 'e rollen fan Elsa (l.) en Anna (rj.).


Nei it súkses fan Frozen yn 'e bioskopen waard it ferhaal fan 'e film adaptearre ta in foarstelling op redens yn it ramt fan Disney on Ice, dy't op 4 septimber 2014 yn ferdivedaasjepark Disney World yn Orlando yn premiêre gie. De film waard yn 2016 ek omwurke ta Frozen: A Musical Spectacular, in toanielstik dat opfierd waard op 'e cruiseskippen fan 'e Disney Cruise Line, en ta de musical Frozen: Live at the Hyperion, dy't opfierd waard yn it Hyperion Theater yn it ferdivedaasjepark Disney California Adventure. Yn 2018 kaam de musicaladaptaasje Frozen op Broadway yn New York op 'e planken.

Op basis fan 'e Frozen-franchise binne de folgjende fideospultsjes makke:

*) net spesifyk oer Frozen, mar der komme wol eleminten fan 'e franchise yn foar

Utjouwerij Random House brocht nei it útkommen fan 'e film Frozen fiif romans út dy't op it ferhaal fan 'e film basearre wiene. Op 29 juny 2014 stiene dy alle fiif yn 'e Amerikaanske bestsellerlisten. Tsjin augustus fan dat jier hie Random House fan 'e boeken mear as 8 miljoen eksimplaren ferkocht. Yn 2015 waarden nochris fjouwer boeken oer Elsa en Anna útbrocht, skreaun troch Erica David, wêryn't de beide susters folge waarden by nije aventoeren. Random House makke bekend fan doel te wêzen om tenei trije of fjouwer Frozen-boeken yn it jier út te jaan. Yn 2014 ferskynde ek The Art of Frozen, in oan Frozen wijd diel fan 'e The Art of …-searje fan Charles Solomon. Yn it non-fiksjeboek wurdt de produksje fan 'e film beskreaun oan 'e hân fan in grut tal konseptuele keunstwurken dy't de úteinlike fisuele styl fan 'e film bepale soene.

Frozen – Graphic Novel, in adaptaasje fan 'e film Frozen ta in grafyske roman, waard op 23 july 2014 digitaal publisearre troch Disney Press. In printe edysje waard op 27 jannewaris 2015 útbrocht troch Joe Books. Yn jannewaris 2018 waard bekendmakke dat der fan augustus fan dat jier ôf in stripsearje op basis fan Frozen ferskine soe. Dy searje, tekene troch de Kawaii Creative Studio en skreaun troch Joe Caramagna, kaam Disney Frozen te hjitten en waard publisearre troch útjouwerij Dark Horse Comics.

Yn ferskate ferdivedaasjeparken fan The Walt Disney Company binne attraksjes ynrjochte op basis fan Frozen, lykas yn Disney World yn Orlando (Floarida), Hong Kong Disneyland yn Hongkong, Disneyland Paris yn Parys, Tokyo Disneyland yn Tokio en Walt Disney Studios Park en Disney California Adventure yn Kalifornje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Frozen (filmsearje)
lange films
Frozen (2013) • Frozen II (2019)
koarte films
Frozen Fever (2015) • Olaf's Frozen Adventure (2017) • Myth: A Frozen Tale (2020) • Once Upon a Snowman (2020)
oar
The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic (2014) • At Home with Olaf (2020)