Frozen Fever
Frozen Fever | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Chris Buck Jennifer Lee | |
produsint | Peter Del Vecho Aimee Scribner | |
senario | Chris Buck Jennifer Lee | |
basearre op | Frozen fan Disney | |
muzyk | Christophe Beck | |
filmstudio | Walt Disney Animation Studios | |
distribúsje | Walt Disney Studio Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Idina Menzel Kristen Bell | |
byrollen | Jonathan Groff Josh Gad | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 maart 2015 | |
foarm | koarte tekenfilmmusical | |
sjenre | fantasyfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 7 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Frozen |
Frozen Fever is in Amerikaanske koarte fantasyfilm yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilmmusical út 2015 fan 'e Walt Disney Animation Studios. It is in filmke fan goed 7 minuten, dat regissearre waard troch Chris Buck en Jennifer Lee. It is in ferfolch op 'e tige súksesfolle Disneyfilm Frozen, út 2013. Krekt as yn dy film waarden ek yn Frozen Fever de haadrollen ynsprutsen troch Idina Menzel en Kristen Bell. De titel betsjut "Beferzen Koarts". Yn it filmke is it Anna har jierdei, en der is har suster Elsa alles oan gelegen om der in bysûndere dei fan te meitsjen. As se lykwols sels kjeld skipet, hat dat ûnferwachtse gefolgen. Frozen Fever krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei harren aventoeren yn Frozen binne de susters Elsa en Anna inoar neier as ea tefoaren. Mei't Elsa no har magyske fermogens mei snie en iis net mear ferburgen hoecht te hâlden, kin fan it jier foar it earst sûnt se lyts wiene Anna har jierdei fierd wurde. Elsa is wisberet om der foar har suster in moaie dei fan te meitsjen, en om't se no keninginne fan Arendelle is, hoecht se dêrfoar oan nimmen ferantwurding ôf te lizzen. It hichtepunt fan 'e jierdei moat it binnenplak fan it keninklik kastiel wurde, dêr't in grutte iistaart klear stiet mei in perfekte lytse iisskulptuer der boppe-op. Anna har frijer Kristoff, syn yntelliginte nuete rindier Sven en de libbene snieman Olaf hawwe meiskrept om alles klear te setten, en krije fan Elsa de taak taparte om derfoar te soargjen dat neat it spul op it binnenplak yn 'e war jaget.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sels giet Elsa nei Anna har sliepkeamer ta om har suster wekker te meitsjen. Elsa hjit Anna om 'e reade tried te folgjen, dy't út har sliepkeamer it kastiel yn liedt en dêrwei de stêd yn. De tried liedt Anna fan it iene kado nei it oare, wylst Elsa har tasjongt. Underweis wurdt lykwols almar dúdliker dat Elsa kjeld skipe hat. Sels hâldt se lykwols fol dat se, fanwegen har affiniteit mei snie en iis, gjin kjeld skypje kin. Mar eltse kear dat se proeste moat, produsearret se by fersin trije oant fiif libbene miniatuersniemannen, dat fuortendaliks útnaaie. Om't Elsa by it proesten de eagen stiif tichtdocht, hat se dêr sels alhiel gjin euvelmoed yn, en Anna sjocht hieltyd krekt de ferkearde kant út.
De ûndogenske lytse sniemantsjes bejouwe har nei it binnenplak ta, dêr't se alle tariedings foar it hichtepunt fan Anna har jierdei begjinne te ûntmanteljen. Kristoff, Sven en Olaf besykje de lytse dogeneatsjes tsjin te kearen, mei hilaryske gefolgen. Underwilens boazet Elsa har tastân fluch oan en begjint se te dwyljen fan 'e koarts. Nei't se op in hier nei fan 'e klokketoer ôfknoffele is, wit Anna har einlings en te'n lêsten te bepraten om har troch har op bêd stopje te litten. Wylst se weromrinne nei it kastiel, biedt Elsa har suster har ûntskuldigings oan om't se dizze jierdei ek alwer ferrinnewearre hat, mar Anna bewissiget har derfan dat der neat ferrinnewearre is. Krektoarsom, dat Elsa talit dat Anna har fersoarget, is foar Anna it bêste jierdeiskado dat se ea krigen hat.
As de beide susters by de poarten fan it kastiel oankomme en it binnenplak oprinne, sjogge se dêr Kristoff, Sven en Olaf, dy't de iistaart besykje te rêden fan in lytse berch fan miniatuersniemantsjes. Elsa proest daliks op 'e nij en sjocht dan einlings dat sy it sels is dy't de lytse wêzentsjes produsearret. Nettsjinsteande alles dat Anna dertsjin ynleit, stiet Elsa derop om 'e feestlikheden te besluten troch op in reuseftige Alpenhoarn te blazen. Ynstee fan derop te blazen, proest se der lykwols yn, wat in reuseftige sniebal feroarsaket dy't troch de Alpenhoarn lansearre wurdt en alhiel oer de see nei de Sudereilannen fljocht. Dêr komt er del op 'e aaklike prins Hans (sjoch: Frozen), dy't troch de krêft fan 'e sniebal yn in weinfol hynstedong smiten wurdt.
Wylst Elsa ûnder fersoarging fan Anna it bêd hâlde moat, eskortearje Kristoff, Olaf en Sven de lytse sniemantsjes nei Elsa har iispaleis, heech yn 'e bergen. De doarwachter, it grutte sniemeunster Marshmallow, sjocht raar fan 'e nijynkommelingen op, mar op syn freegjende blik antwurdet Kristoff dat er der mar better net nei freegje kin.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
keninginne Elsa fan Arendelle | Idina Menzel |
prinsesse Anna fan Arendelle | Kristen Bell |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Kristoff | Jonathan Groff |
Olaf de snieman | Josh Gad |
Oaken | Chris Williams |
prins Hans fan 'e Sudereilannen | Santino Fontana |
Marshmallow it sniemeunster | Paul Briggs |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e efter-de-skermendokumintêre The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic, dy't op 2 septimber 2014 foar it earste troch it tillefyzjenetwurk ABC op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard, kundige John Lasseter, de artistyk direkteur fan 'e Walt Disney Animation Studios, de produksje fan in koarte film oan dy't basearre wêze soe op 'e lange tekenfilm Frozen út 2013. Dyseldichste deis makke it tydskrift Variety bekend dat de koarte film Frozen Fever komme soe te hjitten en útbrocht wurde soe yn begjin 2015.
De produksje fan it goed 7 minuten duorjende Frozen Fever begûn yn 2014 en duorre seis moannen. Alle animators dy't meiwurke hiene oan Frozen woene ek teminsten ien shot oan Frozen Fever bydrage, wat resultearre yn in oermjitte soad animators foar sa'n koart filmke. Chris Buck en Jennifer Lee, dy't ek ferantwurdlik west hiene foar Frozen, fierden de rezjy. It senario wie ek troch harren skreaun. As produsinten wiene Peter Del Vecho en Aimee Scribner oan it projekt ferbûn foar de Walt Disney Animation Studios. Jeff Draheim naam de filmmontaazje op him. De filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck. It liet Making Today a Perfect Day, fan Kristen Anderson-Lopez en Robert Lopez makke ek diel út fan 'e soundtrack.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Frozen Fever waard fersoarge troch Walt Disney Studio Motion Pictures, de dochterûndernimming fan Walt Disney Pictures dy't him taleit op filmdistribúsje. De film kaam op 13 maart 2015 yn 'e bioskoop, as foarfilm by Cinderella, de live-action-remake fan 'e lange tekenfilm Cinderella, út 1950. Op 11 augustus 2015 kaam Frozen Fever fia Disney Movies Anywhere digitaal beskikber, en op 18 augustus waard er útbrocht op dvd en blu-ray as ûnderdiel fan 'e Walt Disney Animation Studios Short Films Collection. Op 15 septimber fan dat jier ferskynde Frozen Fever ek as bonusfilm op 'e dvd en blu-ray fan Cinderella.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frozen Fever krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ek it liet Making Today a Perfect Day waard rûnom priizge. Yn 'e Amerikaanske krante USA Today joech Claudia Puig Frozen Fever 3 fan 4 stjerren. Se skreau dat de koarte film "jin net sa de siken benimt noch sa finingryk is as it orizjineel, mar it is likegoed in traktaasje om in beheind ferhaal oer dizze beide susters te sjen yn in hertferwaarmjende spin-off."
Natalie Jamieson, dy't foar de BBC skreau, neamde Making Today a Perfect Day "pakkend en plezierich". In ôfwikende miening wie Dan Kois fan it tydskrift Slate tagedien, dy't Frozen Fever omskreau as "in echte ôfdijer, de earste resinte losse flodder fan it programma foar koarte films fan Disney […]." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Frozen Fever in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 4 ûnderskate resinsjes.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Frozen Fever
- (in) Ynformaasje oer Frozen Fever yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Frozen (filmsearje) | |
---|---|
lange films | |
Frozen (2013) • Frozen II (2019) | |
koarte films | |
Frozen Fever (2015) • Olaf's Frozen Adventure (2017) • Myth: A Frozen Tale (2020) • Once Upon a Snowman (2020) | |
oar | |
The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic (2014) • At Home with Olaf (2020) |
- Amerikaanske kompjûtertekenfilm
- Amerikaanske famyljefilm
- Amerikaanske filmmusical
- Amerikaanske fantasyfilm
- Amerikaanske komeedzjefilm
- Amerikaanske koarte tekenfilm
- Tekenfilmmusical
- Ingelsktalige film
- Film fan de Walt Disney Animation Studios
- Film fan Walt Disney Pictures
- Film fan Chris Buck
- Film fan Jennifer Lee
- Film út 2015
- Film oer in jierdei
- Film oer susters
- Film oer in prinsesse
- Film oer meunsters
- Frozen