Frozen (soundtrack)
Frozen | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | ferskaat | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | popmuzyk | |
útbrocht | 25 novimber 2013 | |
opnommen | 2012-2013 | |
doer | 69:40 | |
label | Walt Disney Records | |
produsint | Kristen Anderson-Lopez, Robert Lopez, Christophe Beck, Chris Montan, Tom MacDougall | |
resultaten | ||
ferkocht | >10 miljoen yn 2014 | |
albumlisten | nû. 1 yn Austraalje, Feriene Keninkryk, Feriene Steaten, Ierlân, Japan, Kanada, Nij-Seelân, Sina nû. 2 yn Itaalje, Nederlân, Súd-Koreä nû. 3 yn Meksiko, Noarwegen | |
prizen | Grammy Award 2014 | |
sertifisearre | sjoch: § Muzyksertifikaasjes |
Frozen, folút: Frozen: Original Motion Picture Soundtrack, is de yn 'e foarm fan in album útjûne soundtrack fan 'e Disney-tekenfilmmusical Frozen. De cd befettet tsien orizjinele lieten dy't foar de film skreaun waarden troch Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez, mei dêropta 22 filmmuzykstikken komponearre troch Christophe Beck en Frode Fjellheim. Under de lieten is it mei ferskate wichtige prizen bekroane Let It Go, dat twaris op it album stiet, yn 'e filmferzje songen troch Idina Menzel en yn 'e singleferzje songen troch Demi Lovato. It album waard op 25 novimber 2013 útbrocht troch platemaatskippij Walt Disney Records, trije dagen nei't de film Frozen yn 'e Amerikaanske bioskopen útkaam.
Spyllist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]nû. | titel | skriuwers | songen troch | doer | opmerkings |
---|---|---|---|---|---|
1. | Frozen Heart | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | cast fan Frozen | 1:45 | |
2. | Do You Want to Build a Snowman? | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Kristen Bell, Agatha Lee Monn en Katie Lopez | 3.27 | |
3. | For the First Time in Forever | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Kristen Bell en Idina Menzel | 3.45 | |
4. | Love is an Open Door | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Kristen Bell en Santino Fontana | 2:07 | |
5. | Let It Go | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Idina Menzel | 3:44 | single, jann. 2014 |
6. | Reindeer(s) Are Better Than People | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Jonathan Groff | 0:50 | |
7. | In Summer | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Josh Gad | 1:54 | |
8. | For the First Time in Forever (Reprise) | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Kristen Bell en Idina Menzel | 2:30 | |
9. | Fixer Upper | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Maia Wilson en de cast fan Frozen | 3:02 | |
10. | Let It Go (singleferzje) | Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez | Demi Lovato | 3:47 | single, 21 okt. 2013 |
11. | Vuelie | Christophe Beck en Frode Fjellheim | ynstrumintaal | 1:36 | |
12. | Elsa and Anna | Christophe Beck | ynstrumintaal | 2:43 | |
13. | The Trolls | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:48 | |
14. | Coronation Day | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:14 | |
15. | Heimr Àrnadalr | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:25 | |
16. | Winter's Waltz | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:00 | |
17. | Sorcery | Christophe Beck | ynstrumintaal | 3:17 | |
18. | Royal Pursuit | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:02 | |
19. | Onward and Upward | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:54 | |
20. | Wolves | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:44 | |
21. | The North Mountain | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:34 | |
22. | We Were So Close | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:53 | |
23. | Marshmallow Attack! | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:43 | |
24. | Conceal, Don't Feel | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:07 | |
25. | Only an Act of True Love | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:07 | |
26. | Summit Siege | Christophe Beck | ynstrumintaal | 2:32 | |
27. | Return to Arendelle | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:38 | |
28. | Treason | Christophe Beck | ynstrumintaal | 1:36 | |
29. | Some People Are Worth Melting For | Christophe Beck | ynstrumintaal | 2:06 | |
30. | Whiteout | Christophe Beck | ynstrumintaal | 4:17 | |
31. | The Great Thaw (Vuelie Reprise) | Christophe Beck en Frode Fjellheim | ynstrumintaal | 2:29 | |
32. | Epilogue | Christophe Beck | ynstrumintaal | 3:04 | |
totale lingte | 69:40 |
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albumlisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soundtrack fan Frozen behelle it earste plak yn 'e albumlisten fan Austraalje, it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Ierlân, Japan, Kanada, Nij-Seelân en Sina, it twadde plak yn 'e albumlisten fan Itaalje, Nederlân en Súd-Koreä en it trêde plak yn 'e albumlisten fan Meksiko en Noarwegen. Yn 'e Amerikaanske Billboard 200-list stie it album trettjin net opienfolgjende wiken op it earste plak. It wie it fjirde soundtrackalbum fan in animaasjefilm dat ea it earste plak helle hie, en behold dat plak it langst fan alle soundtrackalbums sûnt de soundtrack fan Titanic yn 1998.
Ferkeapsifers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2013 wie Frozen it op fjouwer nei bêst ferkeapjende soundtrackalbum yn 'e Feriene Steaten, mei 338.000 ferkochte eksimplaren. Yn 2014 wie Frozen yn 'e Feriene Steaten it bêst ferkeapjende soundtrackalbum fan it jier, doe't goed 3.527.000 eksimplaren oer de toanbank giene. Yn Kanada waarden datselde jier nochris 226.000 eksimplaren ferkocht, en wrâldwiid waarden allinnich al yn 2014 mear as 10 miljoen eksimplaren fan it soundtrackalbum ferkocht. Dêrmei wie it it bêst ferkeapjende album fan it jier.
Muzyksertifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frozen behelle de folgjende sertifikaten fan muzykferkeap:
- : (5× platina)
- : (platina)
- : (platina)
- : (4× platina)
- : (4× platina)
- : (4× platina)
- : (diamant)
- : (goud)
- : (diamant)
- : (5× platina)
- : (goud)
- : (platina)
- : (3× platina)
- : (diamant)
- : (goud)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Grammy Awards fan 2014 waard de soundtrack fan Frozen nominearre yn twa kategoryen: bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media, en bêste filmmuzyksoundtrack foar fisuele media, wêrfoar't beide kearen de ear nei komponist Christophe Beck gie. It album wûn de priis foar bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media. Dêrnjonken waard it liet Let It Go, skreaun troch Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez en songen troch Idina Menzel, bekroane mei in Grammy foar bêste liet skreaun foar fisuele media. Dat liet wûn dat jiers ek sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste orizjinele liet en waard nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste liet.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |