Springe nei ynhâld

Nijlân (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Plak fan Nijlân yn Ljouwert
Antilleflat yn Nijlân

Nijlân is in buert yn de gemeente Ljouwert yn de stêd Ljouwert en leit yn de wyk Nijlân-De Swette. De buert leit yn it suden fan Ljouwert en wurdt begrinzge troch it spoar fan Swol nei Ljouwert yn it westen, de Julianaleane yn it noarden, de Oeriselskewei yn it easten, en it van Harinxmakanaal yn it suden. De buert hat sa'n likernôch 2300 húshâldings en sa'n 3785 ynwenners (2018). De buert waard boud yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw, waard rom opset en befettet in soad griene romten. In grut tal huzen besteane út flatwenten. Stedsbuslinen 4, 5, 15 en 615 ferbine Nijlân mei it treinstasjon Ljouwert.

De namme Nijlân komt fan it nije lân dat ûntstie troch it tichtslykjen en ôfsluten fan de Middelsee. Eastlik fan de wyk Nijlân leit de wenwyk Aldlân. Der binne twa skoallen yn Nijlân, it "Piter Jelles" en it "Friesland College".

De wichtichste diken dy't troch de buert rinne binne de Nijlânsdyk en Uterdyksterwei. De Nijlânsdyk is de earste nije offisjele Fryske strjitnamme yn de stêd Ljouwert. It ferwiist nei in dyk dy't dêr eartiids rûn hie. By it kiezen fan de strjitnammen yn de 1960-er jierren soe ynearsten dy dyk de Nederlânske namme Nieuwlandslaan krije. By de definitve strjitnammekar waard keazen om de âlde Fryske namme te hâlden. De oare strjitten waarden ûnder oaren neamd nei eilannen fan de (eardere) Nederlânske Antillen, distrikten fan Suriname, leden fan it Keningshûs en nammen dy't mei de eardere Middelsee te krijen hawwe.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark