Springe nei ynhâld

Nijfûnlân en Labrador

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nijfoundlân en Labrador)
Nijfûnlân en Labrador
Newfoundland and Labrador
flagge wapen
Latyn: Quaerite prime regnum Dei
("Set it sin alderearst op it keninkryk fan God")
(Mt. 6:33)
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting NL
lân Kanada
status (jier) provinsje (1949)
haadstêd St. John's
grutste stêd St. John's
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 514.536 (2011)
befolkingstichtens 1,4 / km²
oerflak 405.212 km² (ynkl. wetter)
373.872 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -3½ (Nijfl.); -4 (Lbr.)
webside www.gov.nl.ca

Nijfûnlân en Labrador (Ingelsk: Newfoundland and Labrador; Frânsk: Terre-Neuve-et-Labrador) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It is it meast eastlik leine diel fan it lân, dat mei de Kustprovinsjes de regio fan Atlantysk Kanada foarmet. De provinsje is opmakke út it eilân Nijfûnlân en in gebiet op it Kanadeeske fêstelân dat fan Labrador hjit. Wat oerflak oanbelanget, nimt Nijfûnlân en Labrador it sânde plak yn op 'e ranglist fan 'e tsien provinsjes, mei 4,1% fan it Kanadeeske grûngebiet (mar as de trije territoaria meirekkene wurde, komt it út op it tsiende plak). De haadstêd en teffens de grutste stêd is St. John's. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Nijfûnlân en Labrador doe krapoan 515.000 ynwenners, wat delkomt op 1,5% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

De namme fan it eilân Nijfûnlân of Newfoundland komt fan it Ingelske "new found land", dat eins in net alhiel krekte oersetting is fan it Portegeeske Terra Nova, dat "nij lân" betsjut. Labrador is ferneamd nei de Portegeesk ûntdekkingsreizger João Fernandes Lavrador, dy't om 1500 hinne de kust fan it gebiet yn kaart brocht.

De Churchillwetterfal.

Nijfûnlân en Labrador hat in oerflak fan 405.212 km², wêrfan't 373.872 km² út lân bestiet en 31.340 km² út wetter. Dêrfan beslacht Labrador, de regio op it fêstelân, 294.330 km² en it eilân Nijfûnlân mei byhearrende lytsere eilantsjes 111.390 km². Mar hoewol't Labrador dus mear as twa kear sa grut is as Nijfûnlân, wennet 91% fan 'e befolking fan 'e provinsje it eilân.

Nijfûnlân wurdt alhiel omjûn troch de Atlantyske Oseaan. Yn it noardwesten skiedt de smelle Strjitte fan Belle Isle it fan Labrador. De haadstêd, St. John's, leit alhiel oan 'e oare, súdeastlike kant fan it eilân, op it Avalonskiereilân. Oan 'e súdkant skiedt de Cabotstrjitte Nijfûnlân fan Kaap Bretoneilân, dat ta de provinsje Nij-Skotlân heart. Nijfûnlân leit dwers foar de mûning fan 'e rivier de Saint Lawrence, en skept sa de Saint Lawrencebaai, dat de grutste riviermûning fan 'e wrâld is. Mear nei it súdeasten ta, deunby de Nijfûnlânske kust, lizze yn 'e Atlantyske Oseaan de eilantsjes Sint-Pierre en Miquelon, dy't it iennichste oerbleaune Frânske gebietsdiel yn Noard-Amearika foarmje.

Labrador beslacht it eastlike part fan it Labradorskiereilân, en grinzget yn it súdwesten oan 'e provinsje Kebek, dêr't it oant 1809 diel fan útmakke. De grins mei Kebek waard yn 1927 troch in Britske keninklike kommisje fêststeld, mar is noch altyd net planút erkend troch it provinsjale Kebekaanske regear. Yn it súdeasten wurdt Labrador troch de Strjitte fan Belle Isle skaat fan Nijfûnlân. Oan 'e noardeastkant leit de Labradorsee, in ûnderdiel fan 'e Atlantyske Oseaan. Yn it noardwesten wurdt Labrador begrinzge troch de Hudsonstrjitte en dielt it in hiel koarte grins mei it territoarium Nûnavût op it eilantsje Killiniq.

Archeologyske fynsten bewize dat Nijfûnlân en Labrador al teminsten 9.000 jier troch minsken bewenne wurdt. Fan likernôch 7000 oant 1500 f.Kr. waard it gebiet befolke troch stammen dy't ta de saneamde Maritym Argayske Kultuer hearden, en bestiene út seesûchdierejagers fan it Subarktysk Gebiet. Dy waarden úteinlik lykwols stadichoan ferkrongen of assimilearre troch de Dorsetkultuer, dy't bestie tusken 2000 f.Kr. en 800 n.Kr., en der nei alle gedachten ûnder strûpte troch de Midsiuwske Waarme Perioade.

It wrâlderfgoedplak te L'Anse aux Meadows, mei in moderne imitaasje fan it soarte wente dat de Wytsingen dêr bewenne hawwe moatte.

De ierste kontakten mei Jeropeänen fûnen plak om it jier 1001 hinne, doe't de Wytsing-ekspedysje fan 'e Iislanner Leif Eriksson op trije plakken yn Noard-Amearika oan lân gie. It earste neamden se Helluland, en wie mooglik it eilân Baffinlân; it twadde neamden se Markland, en wie mooglik Labrador; en it trêde neamden se Vínland, en wie wierskynlik Nijfûnlân. Argeologyske opgravings hawwe by L'Anse aux Meadows, op Nijfûnlân, in Wytsingdelsetting bleatlein dy't yn 1978 opnommen waard op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Neitiid wiene der ferskate ûnbefêstige ferhalen oer Jeropeeske skippen dy't troch stoarmen fan harren koerts rekken en by in eilân útkamen dat mooglik Nijfûnlân wie (lykas de leginde fan Sint-Brandaan, wêrfan't guon skiedkundigen miene dat dy in histoaryske basis hat), mar it earste dokumintearre besyk wie yn 1497, doe't it eilân troch de Italjaanske ûntdekkingsreizger yn Ingelske tsjinst John Cabot (Giovanni Caboto) oandien waard. Koarte tiid letter, om 1500 hinne, waarden de fiskrike wetters by Nijfûnlân in ûnwjersteanbere boarne fan rykdom foar fiskerslju út Portegal, Spanje (benammen Baskelân), Frankryk (benammen Bretanje) en Ingelân. Tsjin dy tiid hiene de Beotûk-Yndianen har op it eilân nei wenjen set, dy't letter ûnder de koloniale tiid útstjerre soene.

Yn 'e jierren 1499-1500 waard de kust fan Labrador yn kaart brocht troch de Portegeeske ûntdekkingsreizgers João Fernandes Lavrador en Pêro de Barcelos, wylst harren lânslju, de bruorren Gaspar en Miguel Corte Real, dat yn 1501 foar Nijfûnlân diene. Yn 1583 waard Nijfûnlân yn besit nommen troch sir Humphrey Gilbert, út namme fan 'e Ingelske Kroan. Dêrmei wie it de âldste Ingelske koloanje, de Nijfûnlânkoloanje, dy't formeel yn 1610 ûntstie. Under de ierste kolonisten wiene in protte Baskyske fiskers, dy't al sûnt 1498 by Nijfûnlân op kabeljau fisken, en it havenstedsje Placentia stiften, dêr't har ek in protte Frânske fiskers nei wenjen setten. Yn 1655 stelde Frankryk in eigen gûverneur foar Placentia oan, wêrmei't de striid tusken Ingelân en Frankryk om 'e hegemony yn Noard-Amearika útwreide waard nei Nijfûnlân. De Frânsen fûnen bûnsgenoaten yn 'e Mikmak-Yndianen, dy't ûnderwilens oerstutsen wiene út Nij-Skotlân wei, en har ek op it eilân nei wenjen set hiene. Under de saneamde Oarloch fan Kening Willem (1688-1697) waarden suver alle Ingelske delsettings op Nijfûnlân ferwoastge. Nei't de Frânsen úteinlik yn 1710 al harren sizzenskip oer Nijfûnlân ferlearen (en har dêr yn 1713, by de Frede fan Utert, by delleine), fochten harren bûnsgenoaten, de Mikmak, noch troch oant de definitive Frânske nederlaach yn Noard-Amearika yn 1763.

Yn 1809 waard Labrador, op it fêstelân, troch de Britten losweakke fan Kebek, en by Nijfûnlân foege, in barren dêr't de Kebekanen har noch altyd net alhiel by dellein hawwe. Yn 1854 krige de Nijfûnlânkoloanje in beheind soarte fan selsbestjoer (responsible government). Hoewol't Kanada yn syn hjoeddeiske foarm yn 1867 yn it libben roppen waard, bleau Nijfûnlân dêr noch hiel lang bestjoerlik los fan. Yn 1907 krige it as it Dominion Nijfûnlân sels de status fan dominion, wêrmei't it binnen it Britske Ryk op ien hichte kaam mei Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en Súd-Afrika.

De King's Cove Head-fjoertoer, yn King's Cove.

Under de Earste Wrâldoarloch focht Nijfûnlân mei oan it Westfront, wêrby't op 1 july 1916, de earste dei fan 'e Slach oan de Somme, frijwol it hiele 1ste Nijfûnlânske Rezjimint omkaam. Fanwegen de hege skuldelêst, feroarsake troch de hege kosten fan 'e oarloch en troch de oanlis fan in eigen spoar op it eilân, dy't noch oanboaze waard troch it ynstoarten fan 'e fiskprizen, stimde it Nijfûnlânske parlemint yn 1933 foar it opheffen fan 'e dominion-status. It waard wer in koloanje, en dat bleau it oant nei de Twadde Wrâldoarloch.

Yn 'e perioade nei 1945 gie it ekonomysk wer folle better, en giene der stimmen op om wer in dominion te wurden. Mar tsjin dy tiid hiene de Britske en Kanadeeske regearings yn Londen en Ottawa eins al besletten dat Nijfûnlân by Kanada foege wurde moast. Op 3 juny 1948 waard der yn 'e koloanje in referindum holden wêrby't men kieze koe út it behâld fan 'e status quo, fiergeand selsbestjoer of oansluting by Kanada, dy't resp. 14,3%, 44,5% en 41,1% fan 'e stimmen krigen. Mei't net ien fan 'e mooglikheden in abslute mearderheid behelle hie, waard der op 22 july nochris stimd, wêrby't men diskear kieze koe út selsbestjoer en oansluting by Kanada. De offisjele útkomst wie: 52,3% foar oansluting by Kanada, en 47,7% foar selsbestjoer. Sadwaande sleat Nijfûnlân him yn 1949 as de tsiende provinsje oan by Kanada. Lykwols hat it der wol fan dat der eins in mearderheid wie foar selsbestjoer, mar dat de útkomst fan 'e folksriedplachting, wêrby't gjin inkel ûnôfhinklik tafersjoch oanwêzich wie, "byholpen" waard troch de Britske gûverneur, dy't fuort neitiid alle stimbiljetten ferbrâne liet.

As diel fan Kanada gie it Nijfûnlân en Labrador lange tiid ekonomysk foar de wyn, mar fan 'e santiger jierren ôf kaam de klad deryn. Troch de ynstoarting fan 'e kabeljaufiskerij, yn 'e njoggentiger jierren, rekke de ekonomy alhielendal yn it ûnleech, en ferlear provinsje 60.000 ynwenners dy't fral nei de Ontario ferfearen. Pas fan likernôch 2005 ôf klaude Nijfûnlân en Labrador wer by de wâl op, benammen troch de ynkomsten en wurkgelegenheid dy't de off-shore oaljeyndustry de provinsje ferskafte. Op 6 desimber 2001 waard de namme fan 'e provinsje mei in formeel amendemint oan 'e Kanadeeske Grûnwet offisjeel feroare yn Newfoundland and Labrador ("Nijfûnlân en Labrador"), hoewol't men it yn it deistich spraakgebrûk noch altyd hat oer Newfoundland ("Nijfûnlân").

It Konfederaasjegebou, yn St. John's, de sit fan it provinsjale parlemint.

Nijfûnlân en Labrador hat in provinsjaal parlemint mei 48 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt, dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (itselde kiesstelsel as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt bestjoerd troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Nijfûnlân en Labrador yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 6 fan 105 sitten (5,7%), en yn it Legerhûs troch 7 fan 308 sitten (2,3%).

Tradisjoneel stipet de provinsjale ekonomy fan Nijfûnlân en Labrador benammen op 'e fiskerij. Sûnt de jierren santich is it mei dy sektor lykwols almar mear yn it neigean rekke, en troch it ynstoarten fan 'e merk foar kabeljau, yn 'e njoggentiger jierren, wierre it de provinsje op ekonomysk mêd hast fyftjin jier slim tsjin. Dochs is de fiskerijsektor ek hjoed de dei noch goed foar in oansjenlik diel fan it bruto provinsjaal produkt. Dêrby giet it fral om 'e fangst fan kabeljau, skylfisk, heilbot en makriel (yn 2006 fan 'e wearde fan 130 miljoen Kanadeeske dollar), en teffens om skelpdieren lykas krabben, garnalen en moksels (yn 2006 fan 'e wearde fan K$316 miljoen). Besibbe sektoaren lykas de fiskkwekerij (û.m. fan salm en forel) en de seehûnejacht brochten datselde jiers K$50 miljoen, resp. K$55 miljoen op.

Aktiviteit op it Terra Nova-oaljefjild, foar de Nijfûnlânske kust.

Fan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw ôf hat in boom yn 'e off-shore oaljeyndustry foar in rekôrgroei fan 'e Nijfûnlânske ekonomy soarge, wylst de mynbou op lân, yn Labrador, dêr't nei izer en nikkel dold wurdt, yn 2010 ek K$3,3 miljard yn 't laadsje brocht. In oare wichtige poat fan 'e Labradorske ekonomy is de papieryndustry yn Corner Brook. Oare yndustry yn 'e provinsje bestiet út itensfabriken, bierbrouwerijen en fuotarkmakkelei. Foar de tsjinstesektor, dy't it grutste part fan 'e ekonomy beslacht, is fral it bank- en fersekeringswêzen wichtich, en fierders de sûnenssoarch en it iepenbier bestjoer. De lânbou is yn Nijfûnlân en Labrador beheind ta in frij lytse krite yn it uterste suden fan Nijfûnlân, dêr't jirpels en griente ferboud wurde en melkkij en fleis- en lechhinnen holden wurde. Ta einbeslút moat ek noch it toerisme neamd wurde, dêr't yn Nijfûnlân en Labrador jiers sa'n K$366 miljoen mei fertsjinne wurdt.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Nijfûnlân en Labrador doe 514.536 ynwenners, wat 1,8% mear is as yn 2006, de earste fêstleine befolkingsgroei sûnt 1991. De befolkingstichtens wie yn 2011 1,4 minsken de km². De befolking is ûnevenredich oer de provinsje ferdield, mei mar 29.000 minsken yn Labrador, dat mear as twatrêdepart fan it grûngebiet fan Nijfûnlân en Labrador útmakket, wylst 91% fan 'e provinsjale befolking op it eilân Nijfûnlân libbet, dat geografysk mar sa'n 30% fan 'e provinsje foarmet. Dêrby libbet mear as de helte fan dy 91% ek nochris op in protsje op it súdeastlike Avalonskiereilân, dêr't û.m. de provinsjale haadstêd St. John's leit.

Utsjoch oer St. John's, de provinsjale haadstêd.

It grutste part fan 'e ynwenners fan it eilân Nijfûnlân is fan Ingelsk (39,4%), Iersk (19,7%) of Skotsk (6,0%) komôf, wylst de Frânsktalige minderheid, de Franko-Nijfûnlanners, sa'n 5,5% fan 'e provinsjale befolking útmeitsje. Angelsaksyske Nijfûnlanners beskôgje harsels (en wurde troch de rest fan 'e Kanadezen beskôge) as in apart slach folk. Op it Kanadeeske fêstelân wurde grappen ferteld oer de Newfies (sa't de bewenners fan it eilân neamd wurde), min ofte mear sa't yn Nederlân wol Belgemoppen ferteld wurde. By de folkstelling fan 2006 joech 38% fan 'e befolking as etnisiteit "Nijfûnlanner" op. Der liket in Nijfûnlânsk nasjonalisme yn opkomst, mei as ien fan 'e wichtichste symboalen de grien-wyt-rôze trijekleur. Wat de lânseigen befolking fan it eilân oangiet, de oarspronklike Beotûk-Yndianen binne yn 'e koloniale tiid útstoarn. De lêste folbloed-Beotûk stoar yn 1829 en de lêst bekende healbloed-Beotûk yn 1919. De Mikmak-Yndianen, dy't har pas nei de kolonisaasje troch de Ingelsen (út Nij-Skotlân wei) op Nijfûnlân nei wenjen setten, meitsje tsjintwurdich 3,2% fan 'e provinsjale befolking út.

De mearderheid fan 'e ynwenners fan Labrador bestiet út lânseigen groepen: Inûyt, Yndianen fan 'e stammen fan 'e Montanjezen (Montagnais of Innu) en de Naskapy (Naskapi), en guon Métis. Foar't yn 'e fjirtiger en fyftiger jierren de natuerlike helpboarnen (dylchstoffen, ensfh.) fan Labrador yn produksje nommen waarden, wiene de blanken der mar hiel minmachtich, en noch altiten binne der net in protte blanken dy't der wenjen bliuwe as harren wurk der dien is. De "lânseigen" blanken wurde Livyers neamd, in wurdt dat ôflaat is fan it Ingelske tiidwurd to live ("wenje"), en dus min ofte mear "bewenners" betsjut.

De seepappegaai, de offisjele provinsjale fûgel fan Nijfûnlân en Labrador.

Op it mêd fan godststjinst bestiet mar leafst 97,3% fan 'e befolking fan Nijfûnlân en Labrador út kristenen (wêrûnder 60,3% protestanten en 36,9% roomsen). De wichtichste protestantske denominaasjes binne de anglikanen (26,1%), de feriene protestantske United Church of Canada (17,0%) en it Leger des Heils (7,9%), wylst de pinkstertsjerken mei-inoar 6,7% fan 'e befolking útmeitsje. Under de 2,7% net-kristenen binne benammen ateïsten en agnosten (2,5%).

Nijfûnlân en Labrador hat eins gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar it Ingelsk fungearret as de de facto offisjele taal. It saneamde Nijfûnlânsk-Ingelsk wykt op ferskate punten frij dúdlik ôf fan it Kanadeesk-Ingelsk, dat oare Kanadezen kinne drekt hearre oft se mei in Nijfûnlanner fan dwaan hawwe. It Frânsk genietet yn Nijfûnlân en Labrador in beskate erkenning as minderheidstaal. It ôfwikende Nijfûnlânsk-Frânske dialekt wurdt no yn syn fuortbestean bedrige, mei't de measte Franko-Nijfûnlanners oergien binne op it Akadiaanske dialekt fan 'e Kustprovinsjes. Yn 'e njoggentjinde iuw waard der njonken Ingelsk en Frânsk ek in protte Iersk op Nijfûnlân sprutsen; it eilân hie doe syn eigen Ierske dialekt, it saneamde Nijfûnlânsk-Iersk, dat sûnt útstoarn is. De lânseigen talen fan 'e provinsje binne it Mikmak (en foarhinne it no útstoarne Beotûk) op Nijfûnlân en it Inûktitût, Montanjeesk en Naskapy yn Labrador.

Nijfûnlân en Labrador hat trije ûnderskate klimaatsônes. It eilân Nijfûnlân hat in fochtich lânklimaat mei koele simmers en kâlde winters, dat lykwols folle kâlder wêze soe sûnder de bedimjende ynfloed fan 'e see. Yn it súdlike diel fan Labrador hearsket in toendraklimaat, wylst Noard-Labrador in poalklimaat hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
               Kanada
Flagge fan Kanada
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût
· · Berjocht bewurkje