Baskelân (regio)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Baskelân
Flagge Wapen
Flag of the Basque Country.svg Escudo del Pais Vasco.svg
Lokaasje yn Spanje
Localización Comunidad Vasca.png
Algemien
Haadstêd Vitoria-Gasteiz
Oerflakte 7.234
Befolking 2.124.846
Befolkingstichtens 293,73/km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Aitxuri 1551 meter
Provinsjes {{{provinsjes}}}
De Selsstannige Regio Baskelân

De Selsstannige Regio Baskelân (Baskysk: Eusko Autonomia Erkidegoa; Spaansk: Comunidad Autónoma del País Vasco), koartsein Baskenlân (Baskysk: Euskadi), is ien fan de 17 Spaanske regio's fan Spanje. Baskelân leit oan de Atlantyske Oseaan yn it noarden fan Spanje, westlik fan de Pyreneeën en grinzet oan Frankryk. De haadstêd is Vitoria-Gasteiz, mar de grutste stêd fan de regio is Bilbao.

Topografyske oantsjutting[bewurkje seksje | edit source]

It Baskelân, histoarysk, kultureel, etnysk en taalkundich besjoen omfettet, útsein de selsstannige Regio Baskelân, de oanswettende regio's Navarra en Frânsk-Baskenlân. Ek yn dy kriten wenje benammen Basken. Lykwols wurdt de Baskyske taal dêr net folle mear sprutsen en idintyfisearje in protte ynwenners harren net langer mei it Baskysk nasjonalisme. Yn Frânsk-Baskelân wurdt noch wol in protte Baskysk sprutsen troch de befolking.

Taal en kultuer[bewurkje seksje | edit source]

De selsstannige regio Baskelân is offisjeel twatalich: it Spaansk en Baskysk binne de offisjele talen. It meastepart fan de ynwenners sprekt beide talen, útsein Spanjerts dy't út oare parten fan it lân komme. De Baskyske taal is in taalkundich riedsel, dat oant no ta gjin besibbenens mei oare talen sjen litten hat.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De selsstannige regio Baskelân hat trije provinsjes:

Provinsje Haadstêd
Álava Vitoria-Gasteiz
Biskaje Bilbao
Gipuzkoa Donostia-San Sebastián

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Under de Frânske en Spaanske keningen hienen de Baksen altyd in protte selsstannigens hân. Lykwols waard dizze troch de ieuwen hinne hieltyd mear oantaasten, oant it gebiet folslein yntegrearre waard yn de Frânske en Spaanske seaat.

Tidens de Twadde Spaanske Republyk ûnder presidint Aguirre, krigen de Basken op 'e nij autonomy. Under it bewâld fan Franco kaam oan dizze situaasje wer in ein en waarden de Baskyske frijheidsidealen sterk ûnderdrukt. As reaksje hjirop ûntstie lang om let de wapene ôfskiedingsbeweging ETA, mei as politike takke Batasuna. Doe't Juan Carlos kening fan Spanje waard, krige de Spaanske regio Baskenlân mear selsstannigens.