Poalklimaat

Ut Wikipedy
Gebieten mei in poalklimaat (E)

It poalklimaat is it E-klimaat yn de klimaatklassifikaasje fan Köppen. Yn gebieten mei in poalklimaat groeie gjin planten, allinnich mar moasen. Dat komt omdat de wintertemperatuer dêr tige leech is. Winterdeis komt de sinne hielendal net op yn it poalgebiet. It is der dei en nacht tsjuster en it kin op sommige plakken wol mear as 60 graden frieze. Yn de simmer bliuwt de sinne dei en nacht skinen. Mar omdat it yn 'e winter sa kâld is en de simmer mar koart duorret ûntteit allinnich de boppeste laach fan de ierde, de rest bliuwt beferzen. Hjirtroch kinne der kwalik planten goeie, en binne der meast moasen te finen. Trochstrings leit de temperatuer yn de waarmste moanne tusken de 0 en de 10 graden Celsius.

Fierdere ûnderferdieling neffens Köppen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]