Springe nei ynhâld

Mirror Sight

Ut Wikipedy
Mirror Sight
algemiene gegevens
auteur Kristen Britain
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy (steampunk)
1e publikaasje 2014, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Green Rider-searje
● foarich diel Blackveil
● folgjend diel Firebrand
kodearring
ISBN 978-0 75 64 08 794

Mirror Sight is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De titel betsjut: "Spegele Oanblik" of "Spegele Gesichtsfermogen". It boek fertelt it ferhaal fan 'e keapmansdochter Karigan G'ladheon, dy't tsjin wil en tank ien fan 'e saneamde Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia, en almar djipper behelle rekket yn 'e stiid tsjin 'e kwea-aardige tsjoender Mornhavon de Swarte en dy syn trewanten. Mirror Sight is it fyfde diel fan 'e Green Rider-searje, en folget as sadanich op it foargeande diel Blackveil. Mirror Sight waard yn 2014 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola.

Yn Mirror Sight reizget Karigan G'ladheon nei in takomst wêryn't steamtechnology foar master opslacht, mei alle fersmoarging dy't dêrmei mank giet. Se komt telâne yn in stêd mei withoefolle tekstylfabriken, dêr't slaven swier, gefaarlik en geastdeadzjend wurk dogge ûnder abominabele arbeidsomstannichheden. Yn in neiwurd by de roman skriuwt de auteur dat se op it idee foar sa'n wrâld kaam troch har eigen ûnderfinings. Britain is fan berop nammentlik parkwachter (park ranger) en hat foar de Amerikaanske Nasjonale Parktsjinst yn ferskate nasjonale parken en beskerme monuminten wurke. Sa wie se fan 1989 ôf ferskate jierren stasjonearre yn it Nasjonaalhistoarysk Park Lowell, dat in lytse 30 km boppe Boston leit, yn 'e steat Massachusetts. Under de Amerikaanske Yndustriële Revolúsje woeks Lowell troch de maklik beskikbere wetterkrêftenerzjy dy't dêre levere waard troch de rivier de Merrimack út ta in sintrum fan 'e tekstylyndustry. Twa iuwen letter wie it Britain har taak om rûnliedings troch de âlde fabriken te fersoargjen foar toeristen en oare belangstellenden.

Wat foarôf gie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karigan G'ladheon is in keapmansdochter dy't tsjin wil en tank ien fan 'e Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia. Troch de jierren hinne rekke se troch har oanhâldende aventoeren almar djipper behelle yn 'e striid tsjin 'e boaze tsjoender Morhavon de Swarte, dy't nei tûzen jier út 'e dea opstie om wraak te nimmen op 'e neikommelingen fan 'e Sacoridianen dy't him yn it ferline fersloegen. Karigan, dy't sels ek bejeftige is mei beskate boppenatuerlike fermogens, wist foar har lân tiid te winnen troch Mornhavon mei te nimmen in ûnbeskate ôfstân de takomst yn en him dêr efter te litten (sjoch: First Rider's Call). Neitiid besleaten de elfeftige Eletiërs, de mysterieuze en net folslein betroubere bûnsgenoaten fan 'e Sacoridianen, om in ekspedysje it dûnkere wâld Swartwale yn te stjoeren. Dat hie oarspronklik it Eletyske keninkryk Argenthyne west, mar waard mear as tûzen jier earder yn 'e Lange Oarloch troch Mornhavon ferovere en ta syn eigen útfalsbasis makke.

Yn it foargeande diel út 'e romanrige, Blackveil, weage in groep Eletiërs en Sacoridianen him yn Swartwale. Under harren wie ek Karigan. De ekspedysje berikte úteinlik Kastiel Argenthyne, yn it hert fan it dûnkere wâld, dêr't de skym fan 'e lang lyn ferstoarne Eletyske keninginne Laurelyn Karigan holp om 'e sliepende Eletiërs fan Argenthyne te rêden. Op dy misje mette Karigan de Spegelman, de trickster fan it Sacoridiaanske panteön, dy't der by har op oanstie om ien fan 'e maskers te kiezen dy't er har oanbea. Karigan wie him lykwols te fluch ôf en keas syn eigen masker, dat fan spegelglês makke wie. Werom yn Kastiel Argenthyne fûn se dêr yndie it spegelmasker fan 'e Spegelman. Doe't se oan 'e binnenkant fan it masker yn 'e spegel seach, seach se alle triedden fan dieden en minskelibbens dy't alle mooglike takomsten foarmen. Se wist dat sy it masker nea opdwaan soe, om't se net mei de takomst opprutse woe.

Krekt op dat stuit berikte it ferrin fan 'e tiid it stikje takomst dêr't Karigan Mornhavon de Swarte efterlitten hie. De tsjoender besette it lichem fan Karigan har freon, de Griene Ruter Yates Cardell, mar doe't er har it spegelmasker besocht te ûntfytmanjen, dat him de macht fan in god jûn hawwe soe, smiet Karigan dat oan gruzeleminten foar syn fuotten. Dat feroarsake in eksploazje fan tiidsdielen en takomstmooglikheden dy't Mornhavon slim ferwûne. Karigan, har reisgenoaten en Mornhavon, allegear waarden se troch tiid en romte fuortslingere. De Griene Ruter Lynx en de Eletiërs Telagioth en Ealdaen waarden wekker op 'e Wandaflakte, fier benoarden Swartwale, yn in ôfhandige hoeke fan Sacoridia. Ek Yates Cardell wie by harren, mar dy wie troch de besetting troch Mornhavon de Swarte sa slim skansearre, dat er koarte tiid letter oan ynterne ferwûnings stoar. Fan Mornhavon en de oare beide oerlibjende leden fan 'e ekspedysje, Karigan en de Eletiër Lhean, wie gjin spoar.

Mirror Sight begjint sûnder fierdere útlis op it punt dêr't Blackveil ophold. Nei in ûnmjitlike tiid yn in boaiemleaze swarte djipte tommele te hawwen, wurdt Karigan opheind troch Westrion, de Sacoridiaanske god fan 'e dea. Hja beslút dat se stoarn wêze moat en ferliest it bewustwêzen. Letter wurdt se wekker yn it tsjuster. It docht bliken dat se dochs noch libbet, mar se is by nacht bedarre yn in stêd dy't se net ken. De taal dy't der sprutsen wurdt, is min ofte mear itselde as har eigen Sacoridiaansk, mar de strjitten binne kearsrjocht, de klean fan 'e lju binne apart en de lucht is smoarch en lit in bittere neismaak yn har mûle efter. As se yn in efterôfsteechje oanfallen wurdt troch in groepke dieven, wurdt se rêden troch Cade Harlowe, in studint argeology, dy't har meinimt nei it hûs fan syn perfester, Bryce Lowell Josston. Dêr wurde de wûnen fersoarge dy't Karigan yn Swartwale oprûn hat, wêrûnder in brutsen pols.

Wylst se opbetteret, komt Karigan mear te witten oer wêr't se belâne is, en dat blykt earne yn 'e takomst te wêzen. De stêd hjit simpelwei 'Fabryksstêd' (Mill City, fan cotton mill, "katoenspinnerij"), en is in provinsjestedsje yn it grutte Serpintynske Ryk, dat it hiele kontinint omspant. Dat ryk wurd mei in izeren fûst regearre wurdt troch de ûnstjerlike keizer en driuwt fierhinne op steamtechnology. Froulju binne ûnderdienige wêzens dy't neat yn eigendom hawwe meie en yn it iepenbier in wale drage moatte. De fabryksarbeiders binne slaven dy't net as minsken mar as besittings beskôge wurde, dêr't de eigner mei dwaan mei wat er wol. Perfester Josston is in argeolooch út 'e hegerein, dy't him lykwols net hâldt oan 'e 'foarskreaune wittenskip' en de 'wiere skiednis', mar temûk ûndersyk docht nei strang ferbeane ûnderwerpen, lykas it ferdwûne keninkryk Sacoridia. As Karigan him ferteld wa't se is, wol er har earst net leauwe, mar troch alle histoaryske details dy't se him fertelt en de klean en foarwerpen dy't se by har hie, wit se him úteinlik te oertsjûgjen dat se wier út it ferline komt.

De perfester is fassinearre troch Karigan, en beart foar syn tsjinstfolk en de bûtenwrâld dat se in fiere nicht fan him is, Kari Goodgrave, dy't troch har famylje yn in gesticht stoppe wie en troch him dêrút helle is. Dêrtroch wurde alle sosjale flaters dy't Karigan makket yn in foar har ûnbekende maatskippij, ôfdien as de opstigings fan ien dy't net goed by de holle is. As Karigan nei in pear wiken fierhinne genêzen is, en foar it earst by dei bûtendoar komt, stiet har in skokkende ferrassing te wachtsjen: Fabryksstêd is boud op 'e fûneminten fan Sacor-Stêd, de haadstêd fan Sacoridia, en op 'e heuvel boppe it stedsje steane de ruïnes fan it Keninklik Kastiel, dêr't Karigan en de oare Griene Ruters sa lang wenne hawwe. In oare skok is foar Karigan de identiteit fan 'e keizer. In skriklike wrâld as dizze moast wol it wurk wêze fan Mornhavon de Swarte, tocht se. Mar de keizer blykt ynstee in oare âlde bekende te wêzen: hear Amberhill, de neef fan kening Zachary (sjoch: The High King's Tomb).

Troch nachts op eigen manneboet yn it hûs fan perfester Josston op ferkenning út te gean, ûntdekt Karigan fierders dat de perfester en syn studint Cade Harlowe belutsen binne by in ûndergrûnske fersetsbeweging, dy't as doel hat om it Serpintynske Ryk ûnder fuotten te heljen. No't se dat sels útfûn hat, belûkt Josston har oant op beskate hichte by syn plannen. Sa komt oan it ljocht dat Arhys, in bern dat by de perfester yn 'e hûs as tsjinstfamke wurket, eins de lêste ôfstammelinge fan 'e keningen fan it âlde Sacoridia is. Sels hat Arhys dêr alhiel gjin weet fan, en de perfester hat har sa bedoarn dat Karigan har ôffreget oft it lân wol better ôf wêze soe as Arhys op 'e troan kaam. Cade Harlowe, perfester Josston syn studint en fertrouling, hat himsels treend om Arhys har liifwacht te wêzen, sa't de keningen fan Sacoridia fan âlds beskerme waarden troch harren saneamde 'Wapens', de leden fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden. Karigan, dy't troch de echte Wapens treend is, hat noch wol it ien en oar op Cade syn oefenings oan te merken, en beslút him better op te lieden. Wat mear tiid oft se mei-inoar trochbringe, wat mear oft se fereale opinoar begjinne te reitsjen.

Underwilens wurdt yn it ferline, yn it Keninklik Kastiel yn Sacor-Stêd, in oerâld glês-yn-leadrút himmele dêr't de oerwinning fan 'e Sacoridianen en harren bûnsgenoaten yn 'e Lange Oarloch op ôfbylde stiet. Sa goed oft de moderne Sacoridianen wisten, fierde it bûnsgenoatskip tsjin Mornhavon de Swarte as symboal in twiichje mei trije blêden: ien foar Sacoridia, ien foar it buorlân Rhovanny, en ien foar de Eletiërs. Op it rút stiet lykwols in twiichje mei fjouwer blêden ôfbylde, en wat altyd beskôge wie as in groepke ruters blykt in stikmannich p'ehdrose te wêzen: wêzens dy't heal minske, heal eland binne, en wêrfan't men tocht dat se mytysk wiene. Yn 'e takomst wurdt Karigan meinommen nei in útstalling fan âldheden út it Keizerlik Museum, dy't troch dr. Ezra Stirling Silk, in âlde fijân fan perfester Josston, nei Fabryksstêd ta helle is. Dêr sjocht se it opsette lichem fan Ghallos, de lêste haadman fan 'e p'ehdrose en de lêste libbene p'ehdrose wêr dan ek, dy't troch de keizer op in jachtpartij eigenhandich deasketten is. Op deselde tentoanstelling wurdt ek de finzen nommen Lhean toand, ien fan 'e Eletyske leden fan 'e ekspedysje nei Swartwale, dy't krekt as Karigan nei de takomst ta slingere is troch de eksploazje fan it spegelmasker. Om't Eletiërs al hast twa iuwen útstoarn binne, is hy dêr in grutte besjensweardichheid.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it ferline is it no sa lang lyn dat der foar it lêst wat fan Karigan fernommen is, dat men derfan útgiet dat se omkommen is yn Swartwale. In tinktsjinst foar har wurdt lykwols ûnmooglik makke troch de geasten fan 'e ferstoarnen dy't yn it Keninklik Kastiel omwaarje. Hoewol't kaptein Laren Mapstone, de kommandant fan 'e Griene Ruters, net mear ferwachtet om Karigan ea noch libben werom te sjen, is kening Zachary, dy't fereale is op Karigan, noch net ree om alle hoop op te jaan. As Eletyske gesanten in berjocht fan harren prins Jametari oerbringe, dy't graach wol dat de kaptein in pear kryptyske boadskippen foar Karigan skriuwt en dy yn bewarring jout by Agemon, de haadoppasser fan 'e Keninklike Tomben ûnder it kastiel, wol sy dat wegerje, mar kening Zachary wol dêr neat fan witte en oarderet Laren om te dwaan wat har frege is.

Yn 'e takomst wurdt Karigan mei troch tadwaan fan 'e geast fan Yates Cardell, dy't har nei de takomst ta folge is, in bryfke yn 'e hannen spile mei de opdracht, skreaun yn it hânskrift fan kaptein Mapstone, om by midsnacht nei in geheime yngong fan 'e Keninklike Tomben te gean, dêr't se ienris mei kening Zachary troch nei binnen ta gien is (sjoch: Green Rider). As Karigan dat docht, moetet se dêr de lêste leden fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden. Doe't de Sacoridianen troch de geheime wapens fan 'e keizer ferslein waarden en it keninkryk Sacoridia te sink gie, wie it Keninklik Kastiel dan wol mei de grûn lykmakke, mar de tomben derûnder wiene beholden bleaun ûnder al it pún fan 'e ruïnes. Twahûndert jier lang hawwe de ôfstammelingen fan 'e tombewachters en de oppassers fan 'e tomben harren taken yn it djipste geheim fuortset. Sadree't fêststeld is dat Karigan is wa't se seit dat se is, wurdt har in nij boadskip yn it hânskrift fan kaptein Mapstone oerlange: "It skyltsje moanne wurdt finzen holden yn it tichthûs fan fergetten dagen. Sykje it yn 'e hoale fan it reptyl mei de trije gesichten, want do bist it swurd fan it fallende skaad."

Underweis werom nei de wente fan 'e perfester moatte Karigan en Cade, dy't har folge wie, foar de nachtlike patrûljes fan 'e plysje beskûl sykje yn ien fan 'e mindere dielen fan 'e stêd. Dan ûntdekt Karigan dat Cade net inkeld behelle is yn 'e gearspannings tsjin it Serpintynske Ryk fan perfester Josston en dy syn lyksinden mank de hegerein, mar dat er ek ûnderdiel is fan in fersetsbeweging dy't bestiet út sljochtwei folk, lykas arbeiders en ambachtslju. Hoewol't de perfester gjin weet hat fan dizze twadde ûndergrûnse, witte de leden dêrfan wol fan 'e gearspanning yn 'e hegerein ôf. Dêr hawwe se lykwols allinnich mar minachting foar, mei't de perfester-en-dy inkeld prate en yntrigearje, mar gjin aksje ûndernimme.

Yn in aparte ferhaalline yn it ferline wurde de eksploaten fan Xandis Pierce Amberhill folge, dy't by ien fan syn eardere aventoeren in ring mei in robyn yn 'e hannen krige dy't tûzenen jierren lyn fan 'e seekeningen west hat, dy't Sacoridia doe oerhearsken. Dy ring is in magysk foarwerp, dat Amberhill nei see ta driuwt. Mei syn feint, de eardere seerôver Yap, bedarret er úteinlik op in ûnbewenne eilân yn 'e noardlike see, dêr't er it skipsgrêf fan Askarion fynt, de lêste fan 'e seekeningen. Dat eilân is it domein fan Yolandhe, dy't Askarion syn leafste wie. Hja wurdt in 'seeheks' neamd, mar blykt letter in goadinne út in fergetten panteön te wêzen. Se is noch altyd like kreas as yn Askarion syn tiid, en Amberhill falt as in blok foar har. Wat lykwols minder is, is dat de geast fan 'e deade Askarion fia de ring Amberhill syn lichem binnenkrongen is, sadat er dat no diele moat.

Yn 'e takomst hie Karigan der fuort nei har besyk oan 'e útstalling fan dr. Silk by de perfester op oanstien om har te helpen en befrij har freon Lhean, en hy hie har frege om tiid sadat er mei syn meistanners oerlizze koe. No fertelt er har lykwols dat se it in te riskante ûndernimming fine, en boppedat ferbiedt er har om op eigen manneboet wat te dwaan. Hy ferjit dêrby lykwols dat Karigan net sa hearrich is as de froulju út syn eigen tiid. As er har letter trappearret wylst se har wapens byinoar siket, bedwelmet er har mei in doazis morfine. Hy hie ferwachte dat Cade him stypje soe yn syn besykjen om Karigan tsjin te hâlden, mar as Cade koarte tiid letter opdûkt, kin dy gjin begryp opbringe foar de dieden fan syn learmaster. Wylst se wurden krije, arrivearret de plysje mei man en macht: se binne ferret. (It is de bedoarne jonge Arhys, al lange tiid sa oergeunstich as wat op alle oandacht dy't de perfester oan Karigan joech, dy't har woldogger oanjûn hat.)

Wylst Cade mei de bewusteleaze Karigan fia in geheime útgong de wyk nimt, wachtet perfester Josston de plysje op. As dy binnenkringt yn it âlde fabrykspân dat hy en Cade brûke foar harren yllegale aktiviteiten, stekt de perfester it gebou, dêr't er ek tûnen fosfor en fetsjes buskrûd opslein hat, yn 'e brân, wêrnei't er himsels fan it libben berôvet. Cade nimt Karigan mei nei it hûs fan 'e timmerman Jaxon Booth, ien fan 'e lieders fan it ferset fan it miene folk. Wylst sy dêr bekomt fan har bedwelming, stelle hy en Jax plannen yn wurking om in opstân fan arbeiders en slaven te beävensearjen. Mei Luke, de koetsier en stâlfeint fan perfester Josston, sette Cade en Karigan in pear dagen letter ôf nei Gossham, de haadstêd fan it Serpintynske Ryk, dat op it plak leit fan Karigan har âlde bertestêd Corsa. Luke spilet de rol fan wynkeapman en Cade en Karigan (ferklaaid as jonge) binne syn feinten. It is harren doel om op 'e iene of oare manear it Keizerlik Paleis binnen te kringen en de keizer te deadzjen.

Wat se net witte, is dat Luke de jûns fan 'e perfester syn dea oppakt is, en dat er twongen wurdt om alles te dwaan wat de plysje fan him easket as er wol dat syn gesin yn 't libben bliuwt. De opstân yn Fabryksstêd, dy't persiis in dei nei de ôfreis fan Karigan en Cade begjinne soe, is sadwaande fan it begjin ôf oan al mislearre. De plysje pakt alle belutsenen op of sjit se dea. De autoriteiten witte ek dat Karigan en Cade ûnderweis binne nei de haadstêd, mar se binne nijsgjirrich om te sjen wat se dêr krekt sille en oft se ek noch oare meistanners hawwe, dat der wurdt foar soarge dat de reis nei Gossham sûnder swierrichheden ferrint. It giet sels sa glêdsjes, dat Karigan en Cade it spul op in stuit net mear fertrouwe, mar se hawwe gjin oare kar as om troch te setten. Underweis jouwe se einlings ta oan harren ferealens en krije se in relaasje.

Oankommen yn Gossham tsjinnet Luke in fersyk yn om himsels foarstelle te meien oan 'e earste minister, Webster Ezmund Silk. Dat is de twahûndert jier âlde heit fan dr. Silk, dy't troch de keizer it ivige libben skonken is. It is dizze minister Silk dy't fierhinne ferantwurdlik is foar it bestjoer fan it Serpintynske Ryk, mei't de keizer sels om en om tsien jier sliept en tsien jier wekker is. Koarte tiid earder is de keizer nei net mear as acht jier sliep al wekker wurden, eat dat noch nea earder bard is. Der wurdt suggerearre dat er út 'e sliep helle is troch it yngripen yn syn tiid fan in âlde god (Westrion dy't Karigan dêrhinne brocht). Luke syn fersyk wurdt fansels honorearre, want minister Silk-en-dy wolle Karigan en Cade finzen nimme. Dat dogge se dan ek daliks nei't se yn it Keizerlik Paleis arrivearre binne. Cade wurdt oerlevere oan 'e boalen, wylst Karigan yn 'e hannen bedarret fan dr. Ezra Silk, dy't har al like fassinearjend fynt as dat perfester Josston har fûn. Hy slút har op by Josston syn tsjinstfaam Lorine en de jonge Arhys, dy't er nei Gossham ta meifierd hat om't er it geheim oangeande Arhys ûntraffelje wol.

Karigan ûnderhannelet mei dr. Silk: se biedt oan him alles oer harsels en it ferline te fertellen salang't Cade goed behannele wurdt. Dat rêdt Cade fan 'e marteltafel, en Silk nimt har mei nei Lhean, dy't no ek yn it Keizerlik Paleis finzen holden wurdt. Cade wurdt ûnderwilens troch syn boal, in man dy't Starling hjit, meinommen nei de djipste tsjerkers ûnder it paleis, dêr't de heks Yolandhe al twahûndert jier finzen holden en foltere wurdt yn opdracht fan Webster Silk en de oare mei ûnstjerlikens bejeftige ministers. Dy fûnen nammentlik de macht dy't hja oer de keizer hie, nuodlik, en hawwe dêrom de keizer al dy tiid wiismakke dat hja dea is. It is Starling syn bedoeling om mei dit besyk Cade syn meiwurking te krijen, mei't er driget om Karigan itselde oan te dwaan. Cade kriget lykwols fral begrutsjen mei de Yolandhe. Underwilens wurdt Karigan foarlaat oan 'e keizer. Se hie Amberhill ferwachte, mar dy is tige feroare, en as er mei himsels yn diskusje giet, beseft se dat de keizer trije persoanlikheden hat (it 'reptyl mei de trije gesichten'): Amberhill, in ûnbekendenien (de seekening Askarion) en Mornhavon de Swarte, dy't troch de eksploazje fan tiid en romte doe't Karigan it spegelmasker stikken smiet, blykber op 'e iene of oare manear yn Amberhill syn holle bedarre is. Mei't de oare beide persoanlikheden syn boasaardigens fersêftsje, is de wrâld dy't de keizer skepen hat net folslein kwea.

By de keizer is ek dy syn ûnstjerlike liifwacht, de Ivige Beskermer, in man yn read harnas mei in helm dy't syn gesicht bedekt. As dyselde Karigan letter opsiket en syn helm ôfset, blykt it nimmen oars as har freon Fastion te wêzen, in Wapen en de persoanlike liifwacht fan kening Zachary. Hy fertelt har dat er by de fal fan Sacor-Stêd by de kening weirekke om't er keninginne Estora en har poppe yn feilichheid bringe moast (fan wa't Arhys ôfstammet), en dat er him letter by Amberhill jûn hat om te wekjen tsjin 'e ynfloed fan Mornhavon de Swarte. Karigan beseft dat se in machtige bûnsgenoat hat. As dr. Silk letter einlings oan har easken tajout en har meinimt nei Cade syn sel, beslút se dat it no of nea is, en besiket se Cade út te brekken. Dat slagget har mei har fermogen om harsels yn skimerige omstannichheden ûnsichtber te meitsjen en mei de help fan Fastion, dy't de bewekkers op 'e gong útskeakelet. Neitiid nimt Karigan de finzen dr. Silk mei om Lhean te befrijen, wylst Cade en Fastion, op oanstean fan Cade, omleech geane nei de djipste tsjerkers om Yolandhe út te brekken. Sadree't de heks losmakke is, begjinne har krêften werom te kearen.

Cade jout him by Karigan en Lhean yn it Keizerlik Museum (it 'tichthûs fan fergetten dagen') dêr't it diel fan 'e flier fan Kastiel Argenthyne leit mei de moannewizer (it 'skyltsje moanne') dy't Karigan earder al brûkt hat om nei it ferline te reizgjen. Dat is de wei nei hûs foar har en Lhean, en Cade, sa hiene se earder al ôfpraat, giet mei har. Fastion nimt Cade syn plak yn as de liifwacht fan Arhys. Underwilens hat Yolandhe de troanseal berikt, dêr't se ôfweeft mei minister Silk. Dêrnei giet se de konfrontaasje oan mei de keizer, dy't bestiet út twa mannen dy't se leavet en ien dy't se hatet. Mornhavon besiket har tsjin te kearen, mar Amberhill en Askarion keare harren tsjin him. Yolandhe is in goadinne fan 'e see, en it Keizerlik Paleis, dat op in eilantsje yn 'e haven fan Gossham boud is, leit op in kwetsber plak. It begjint oan alle kanten te oerstreamen, en boppedat roppe Amberhill en Askarion de fjoerspuiende draken op dy't it geheime wapen fan 'e seekeningen wiene. Fastion ûntflechtet it paleis mei Arhys en Lorine en ûntkomt krekt op 'e tiid foar't de draken oanfalle, net allinnich yn Gossham, mar yn it hiele Serpintynske Ryk.

Wylst it ryk einiget yn fjoer en wetter, ûntkomme Karigan, Lhean en Cade troch de tiid. Mar dan docht bliken dat immen dy't gjin magyske fermogens hat, net foàr syn tiid bestean kin. Cade kin net nei it ferline reizgje, en foarmet in anker dat ek Karigan derfan wjerhâldt nei har eigen tiid werom te kearen. As er dat foar it ferstân kriget, lit er har wolbewust los, sadat de ûntsette Karigan nei it ferline lutsen wurdt, wylst hysels nei syn eigen tiid weromsûgd wurdt. Karigan arrivearret yn 'e ytseal fan it Keninklik Kastiel yn Sacor-Stêd krekt as dêr in staasjediner plakfynt. Se materialisearret rjocht boppe itenstafel en ploft op 'e tafel del, ta grutte ûntsteltenis fan alle oanwêzigen. As har ferwûnings fersoarge binne en se harsels wer yn 'e hân hat nei it hertferskuorrende ferlies fan Cade, docht Karigan har ferslach oan kening en kaptein, mar har oantinkens oan har aventoeren yn 'e takomst begjinne al rillegau almar mear te ferdizenjen. Dat is it bewiis, neffens de Eletyske gesant Somial, dat se troch har weromkear yn har eigen tiid de takomst al sà feroare hat, dat wat se dêr belibbe hat, no nea barre sil.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
de Green Rider-searje
Green Rider • First Rider's Call • The High King's Tomb • Blackveil • Mirror Sight • Firebrand