De Green Rider-searje giet oer Karigan G'ladheon, in keapmansdochter yn it keninkryk Sacoridia, dy't tsjin wil en tank behelle rekket yn 'e yntriizjes oan it hof fan kening Zachary Hillander. Se wurdt in 'Griene Ruter', ien fan 'e keninklike boadskippers, en ûntjout har yn dy hoedanichheid ta in fertrouling fan 'e kening. Dyselde stjoert har út op ferskate gefaarlike missys, wêrby't Karigan it opnimme moat tsjin 'e boasaardige tsjoender Mornhavon de Swarte, dy't nei tûzen jier wer opstiet út 'e dea. Hja moetet dêrby wêzens dy't har helpe, lykas de elfeftige Eletiërs, en wêzens dy't har tsjinwurkje, lykas de oarkeftige grûnmiten.
Ben Simeon, in Griene Ruter dy't tagelyk sirurgyn is
Beryl Spencer, in Griene Ruter spesjalisearre yn spionaazje
Garth Bowen, Trace Burns, Yates Cardell, Daro Cooper, Fergal Duff, Dale Littlepage, Lynx, Ty Newland, Tegan Oldbrine, Griene Ruters
Damian Frost, telch út in lange line fan hynstefokkers by wa't de Griene Ruters al tûzen jier harren treflike hynders keapje
Lady, syn frou
Gus en Jericho, syn soannen
Griene Ruters út it ferline
Lil Ambrioth (of Liliedhe Ambriodhe), de stifteresse fan 'e Griene Ruters, dy't tûzen jier lyn libbe, ûnder de Lange Oarloch
Gwyer Warhein, in kaptein fan 'e Griene Ruters dy't twahûndert jier lyn libbe, ûnder de Klanoarloggen
F'ryan Coblebay, de omkommen Griene Ruter troch waans tadwaan Karigan koerier wurden is
it Keninklik Hof
Zachary Hillander, kening fan Sacoridia
frouwe Estora fan Coutre, fersein oan de kening; letter keninginne fan Sacoridia
Agemon, de haadoppasser fan 'e Keninklike Tomben ûnder it kastiel
Xandis Pierce Amberhill III, in ferearmoede ealman dy't in fiere neef fan kening Zachary is en syn lângoed rêde wol troch it fortún dat syn heit dertrochhinne gokt en dronken hat, wer byinoar te stellen yn 'e persoan fan 'e masterdief dy't bekend stiet as 'it Ravensmasker'.
kaptein Immerez, earder ofsier yn de provinsjale milysje fan Mirwell, no ien fan de militêre lieders fan Twadde Ryk
oaren
Lorilie Dorran, de liedster fan it Sacoridiaanske Anty-Monargy Genoatskip
Hadriax el Fex, oarspronklik de boezemfreon fan Mornhavon de Swarte, mar letter dy syn ferrieder; de stamheit fan it hûs G'ladheon
Merdigen, of: de spektrale projeksje fan 'e grutte tsjoender Merdigen (silger), dy't tahâldt yn 'e Toer fan 'e Himels yn 'e D'yer-Muorre
Mornhavon de Swarte, in kwea-aardige tsjoender dy't Sacoridia tûzen jier lyn, yn 'e Lange Oarloch, besocht te feroverjen, mar faalde, en no út 'e dea opstiet om it op 'e nij te besykjen