Firebrand
Firebrand | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Kristen Britain | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2017, New York / Londen | |
oarspr. útjwr. | DAW Books / Victor Gollancz Ltd | |
rige | ||
rige | Green Rider-searje | |
● foarich diel | Mirror Sight | |
● folgjend diel | [noch net bekend] | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 57 50 99 722 |
Firebrand is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De titel betsjut: "toartse", mar ek "stokelder". It boek ferfettet it ferhaal fan 'e keapmansdochter Karigan G'ladheon, dy't tsjin wil en tank ien fan 'e saneamde Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia, en almar djipper behelle rekket yn 'e stiid tsjin 'e kwea-aardige tsjoender Mornhavon de Swarte en dy syn trewanten. Firebrand is it sechsde diel fan 'e Green Rider-searje, en folget as sadanich op it foargeande diel Mirror Sight. Firebrand waard yn 2017 yn in hardcoveredysje publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Datselde jiers kaam der in paperbackedysje út by de Londenske útjouwerij Victor Gollancz Ltd.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De griene ruter (koerier) Karigan G'ladheon is noch net goed en wol bekommen fan har reis nei de takomst en it ferlies fan har dêr opdiene minner Cade Harlow (sjoch: Mirror Sight) as hja op in nije misje stjoerd wurdt. Har hear, kening Zachary fan Sacoridia, fertrout har in tige gefoelige saak ta: it opspoaren fan 'e mysterieuze p’ehdrose, wêzens dy't heal minske en heal eland binne, en dy't lang as mytysk beskôge waarden. Mar mei harren ûnderhold it Keninkryk Sacoridia, sa is koartby oan it ljocht kommen, yn 'e tiid fan 'e Lange Oarloch, tûzen jier lyn, in bûnsgenoatskip. No't de fijân út dy tiid, de tsjoender Mornhavon de Swarte, opstien is út 'e dea, en syn oanhingers ûnder de Sacoridiaanske befolking har feriene hawwe yn in organisaasje dy't himsels 'Twadde Ryk' neamd, wol kening Zachary besykje om it âlde bûnsgenoatskip nij libben yn te blazen. Karigan hat sels ek belang by dizze saak, mei't se yn 'e takomst Ghallos, de lêste haadman fan 'e útrûge p’ehdrose, as in opset museumstik tsjinkommen is.
Underwilens smeit Beppe, in tsjoenster dy't op ûnmeilydsume wize lieding jout oan Twadde Ryk, har eigen plannen. Se ropt in elemintêre geast fan snie en iis op, de Aureas Slee, dy't se útstjoert om kening Zachary te deadzjen. De earste wraam dy't de iisgeast op it Keninklik Paleis docht, wurdt ôfslein, mei troch de ynspannings fan Karigan en de jonge jiskefaam Anna. Mar de geast is yn 'e ban rekke fan 'e skientme fan keninginne Estora, dy't swier is fan in twilling. Nei't Karigan yn it selskip fan har freondinne Estral Andovian en de Eletiër Enver ôfset is nei it noarden, kringt de Aureas Slee fannijs it Paleis binnen. Diskear pakt er it mei ferdrach oan: hy ferballet kening Zachary nei syn eigen fiere iisgrot en nimt de foarm fan 'e kening oan sadat er yn 'e neite fan 'e keninginne tahâlde kin.
Underweis nei it noarden trotsearret Karigan alderhanne gefaren, dy't útinoar rinne fan it winterwaar en konfrontaasjes mei geasten fan 'e ferstoarnen, oant oanfallen troch wolven en oarkeftige grûnmiten. Fan har selskipslju kin Enver himsels goed rêde, en hy is in gids dêr't Karigan mear op fertrouwe moat as har leaf is, mei't se út ûnderfining wit dat de elfeftige Eletiërs harren eigen aginda hawwe. Estral, oan 'e oare kant, is alhiel net geskikt foar de barre tocht, mar hja wol fan gjin opjaan witte om't se har heit siket, de Hear Fiori, dy't de Gouden Beskermhear fan 'e universiteitsstêd Selium is. Fan him hat se al lange tiid neat mear fernommen, en se frezet it slimste. Dêropta siket se ek har eigen stim, dy't har ûntstellen is troch Beppe. As se trijeresom it Ienlike Wâld yn it uterste noarden fan Sacoridia benei komme, docht bliken dat it paad dat se folgje moatte, har dêr deun by lâns liedt. Karigan hat dêr in hekel oan, mei't se wit dat Beppe en in grut tal fan har folgelingen fan Twadde Ryk harren yn it wâld beskûl hâlde. Estral, oan 'e oare kant, wol krekt nei it Ienlike Wâld ta, om't se fermoedet dat har heit, as er noch libbet, in finzene fan Twadde Ryk is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn it Keninklik Paleis yn Sacor-Stêd reitsje de neiste meiwurkers fan kening Zachary ûnderwilens wat langer wat mear ûntrêstge oer it frjemde hâlden en dragen fan 'e kening. As Laren Mapstone, de kaptein fan 'e Griene Ruters, mei har fermogen om troch leagens hinne te sjen, einlings en te'n lêsten yn 'e fertrekken fan 'e keninginne trochkringt, docht bliken dat it wêzen dat foar de kening trochgiet, Zachary hielendal net is. De Aureas Slee nimt kaptein Mapstone syn ûntmaskering net yn tank ôf, en de kaptein rekket slim ferwûne, mar net foar't se alaarm slein hat. Op 'e nij spilet de jiskefaam Anna in wichtige rol troch de iisgeast in brânende fakkel yn it gesicht te stekken. De 'Wapens', de keninklike liifwachten fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden, meitsje dêrnei koarte metten mei it wêzen, al wit dat te ûntkommen ear't it alhiel út 'e ljochten holpen wurde kin.
De wiere kening Zachary ferkeart noch altyd yn 'e iisgrot fan 'e Aureas Slee, dêr't er yn 'e kunde kommen is mei de Eletyske frouwe Narivanine, dy't al hûnderten jierren troch de iisgeast finzen holden wurdt. As de Aureas Slee nei syn ûntmaskering yn ferswakke steat weromkeart, witte Zachary en Narivanine te ûntkommen, mar dêrby reitsje se inoar kwyt. Zachary wurdt al rillegau fannijs finzen nommen, diskear troch grûnmiten dy't him yn ruil foar iten en drinken oerdrage oan Twadde Ryk. Aldergeloks ken net ien de kening werom, ek Beppe net. As koarte tiid letter Estral Andovian op eigen manneboet it Ienlike Wâld ynslûpt mei de bedoeling om 'e kampeminten fan Twadde Ryk te bespionearjen om har heit te sykjen, en Karigan har efterneiset om har healwize plan tsjin te hâlden, wurde se allebeide finzen nommen troch Twadde Ryk. As griene ruter wurdt Karigan daliks oerdroegen oan Nyssa, Beppe har boal, dy't har mei in gisel de hiele rêch iepenslacht. Kening Zachary, dy't al jierrenlang hopeleas fereale is op Karigan, rekket alhiel breinroer en ferriedt himsels dêrmei. Mar de Eletiër Enver kringt nachts it kamp fan 'e fijân binnen en wit Karigan en Estral te befrijen. Nei ferskate dagen fan koarts en swakte ferbyt Karigan har pine en geane sy en Enver werom om ek kening Zachary en Estral har heit te rêden.
Kening Zachary lit de tichtbyste troepen fan syn leger, it Rivierrezjimint, opkomme om mei de oanhingers fan Twadde Ryk yn it Ienlike Wâld ôf te weven en de oare finzenen te befrijen. Underwilens makket Beppe plannen om in poarte nei de hel, deunby har kampemint, dy't se útgrave litten hat troch de finzenen, iepen te brekken. Hoewol't Twadde Ryk in strang monoteïstysk leauwe oanhinget, is se derfan oertsjûge dat it iepenjen fan sa'n hellepoarte de Sacoridiaanske god fan 'e dea Westrion twinge sil om syn avataar te stjoeren om 'e poarte wer te sluten. Beppe wol dy avataar fange en foar har eigen doelen brûke. De nacht dat kening Zachary oan it haad fan it Rivierrezjimint nei it Ienlike Wâld optsjocht, is deselde nacht dat Beppe de hellepoarte iepenbrekt. Krekt sa't earder alris bard, is, ferskynt Salvistar, it himelske hynder fan Westrion, oan Karigan. Hja moat opstiigje en wurdt beklaaid mei in wapenris fan stjerrestiel. Dêrnei driuwt se de ûntsnapte demoanen werom nei de hellepoarte, dy't se mei de krêft fan Westrion op 'e nij fersegelet. Op dat stuit lit Beppe, dy't deunby ferskûle siet, in net fan swarte magy oer har hinne falle, dêr't Karigan net oan ûntsnappe kin.
Underwilens hat de Aureas Slee himsels yn it izige noarden fersterke, en no komt er werom om wraak te nimmen op al dejingen dy't him dwerseide hawwe. As er kening Zachary op it spoar is, wurdt er lykwols ôflaat troch wat oars. Hy ken de macht fan 'e tsjoenster werom dy't him oproppen en dêrmei safolle leed rokkene hat. De iisgeast bejout him nei de no wer ôfsletten hellepoarte ta, dêr't Beppe op dat stuit har grutste triomf belibbet, en stekt it âldminske dea mei in iisjûkel, wêrnei't er op 'e siik giet nei syn oare fijannen. Troch de dea fan Beppe nimt de macht fan har magy ôf en kin Karigan ûntkomme. As avataar fan 'e god fan 'e dea hat se macht oer de geasten fan 'e deaden, en Beppe har geast ferwiist se sadwaande nei de hel dy't hjir sa deunby is. As de Aureas Slee kening Zachary te liif wol, stjit er dêrby op Narivanine, dy't sels ek op wraak út is. Mei't de winter op syn ein rint, ropt hja de geast fan 'e sudewyn oan, dy't in waarme rûzer út it suden waaie lit. De Aureas Slee teit alhiel fuort, útsein syn ûnstjerlike hert, dat Narivanine dêrnei sels yn har nimt, sadat sy de nije geast fan snie en iis wurdt.
Kening Zachary en syn troepen hawwe de oerwinning op Twadde Ryk behelle en alle finzenen befrijd, ynsafier't dy net it slachtoffer wurden wiene fan Beppe har swarte tsjoenderij. Aaron Fiori, de Gouden Beskermhear, is lykwols fallen yn 'e striid, en sadwaande set Estral nei it suden ta ôf mei de lykstaasje. Ek kening Zachary keart werom nei it suden om syn regear, dat yn 'e tuskentiid waarnommen is troch keninginne Estora, wer op te nimmen. Estora hat kaptein Mapstone befoardere ta kolonel, in rang dy't in kommandant fan 'e Griene Ruters noch nea fierd hat. Yn in fierdere feroaring hat kaptein Mapstone besletten om de jonge jiskefaam Anna, dy't sa graach in griene ruter wurde wol, mar dêrta gjin magyske rop heard hat, dochs op te nimmen yn 'e koerierstsjinst. De noch altyd fan har wûnen genêzende Karigan reizget mei Enver fierder nei in mei tsjoenderij ferburgen delling noardlik fan it Ienlike Wâld, dêr't de p’ehdrose tahâlde. Dyselden binne net bliid om yn harren freedsum bestean steurd te wurden, mar Karigan wit harren derfan te oertsjûgjen dat de tiid om har beskûl te hâlden foargoed foarby is. Op it stuit dat de p’ehdrose beslute en kom fanwegen, fielt Karigan in trie knappen fan in mooglike takomst (sjoch: Mirror Sight). Hja is foldien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
de Green Rider-searje | |
---|---|
Green Rider • First Rider's Call • The High King's Tomb • Blackveil • Mirror Sight • Firebrand |