Green Rider
Green Rider | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Kristen Britain | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1998, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Green Rider-searje | |
● foarich diel | – [earste diel] | |
● folgjend diel | First Rider's Call | |
kodearring | ||
ISBN | 0 67 10 33 034 |
Green Rider is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De titel betsjut: "Griene Ruter", en ferwiist nei de koeriers yn it keninkryk Sacoridia, de Griene Ruters. It boek fertelt it ferhaal fan 'e keapmansdochter Karigan G'ladheon, dy't tsjin wil en tank belutsen rekket by de wederwarichheden fan it Keninklik Hof. Green Rider is it earste diel fan 'e Green Rider-searje, dêr't yn 2017 it sechsde diel fan útkaam. Green Rider sels waard yn 1998 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books. Yn 1999 waard it boek nominearre foar de IAFA William L. Crawford Fantasy Award.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As de keapmansdochter Karigan G'ladheon fan 'e universiteit fan Selium stjoerd wurdt nei in fjochtpartij mei in aadlike klasgenoat dy't hy begûn mar sy ôfmakke, beslút se dat se gjin momint langer op in plak bliuwe wol dêr't sa'n ûnrjocht hearsket. Ynstee fan te wachtsjen oant der ferfier foar har nei hûs, yn 'e havenstêd Corsa, regele is, set se midden yn 'e nacht allinnich en geandefoets ôf. Op har ienlike wei troch it útstrutsen Grienmantelwâld stjit se op 'e stjerrende Griene Ruter (koerier) F'ryan Coblebay, dy't deadlik ferwûne rekke is troch de pylken fan in bôgesjitter dy't er inkeld ken as 'de Grize Man'. Mei't er in boadskip by him hat dat beslist de kening yn Sacor-Stêd berikke moat, freget er Karigan om it te besoargjen. Karigan kin de lêste winsk fan in stjerrende man net negearje, en dêrom klimt se yn it seal fan it eigenwize hynder fan Coblebay, mei de bedoeling om inkeld in lytse omwei te meitsjen oer Sacor-Stêd op har reis nei Corsa.
It docht lykwols al rillegau bliken dat der guon lju binne dy't net wolle dat it boadskip dat Coblebay by him droech, op it plak fan bestimming arrivearret. As de wei nei de haadstêd net feilich blykt te wêzen, moat Karigan boppedat in grutte dwaaltocht troch it noarden fan it lân meitsje. Dêrby wurdt se efternei sitten troch de soldaten fan 'e hear fan 'e provinsje Mirwell, troch de liifwachten fan 'e ferballe prins Amilton Hillander en teffens troch de mysterieuze Grize Man, dy't himsels klaaid yn in lange grize mantel mei in djippe kap, en dy't oer boppenatuerlike machten liket te beskikken. Sels is Karigan dêr ek net frij fan: sûnt se de Ruterbrosje fan Coblebay oannommen hat, kin se harsels (sa ûntdekt se ta har skrik) min ofte mear ûnsichtber meitsje. Dat fermogen helpt har om oan har efterfolgers te ûntkommen. Ek moetet se op har wei ferskate persoanen en wêzens dy't har helpe, lykas de earn Sêftfear, de elfeftige Eletiër Somial en de houtfêster Abram Rust.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Karigan úteinlik nei witwat aventoeren Sacor-Stêd wit te berikken en Coblebay syn boadskip ôfleveret, docht lykwols bliken dat dêr neat wichtichs yn stiet. Kening Zachary en Laren Mapstone, de kaptein fan 'e Griene Ruters, steane foar in riedsel. Uteinlik is it Karigan dy't ûntdekt wat der oan 'e hân is. Coblebay hie nammentlik noch in twadde brief by him, in ûnfersegele leafdesboadskip fan himsels oan 'e aadlike frouwe Estora, mei wa't er nei't it skynt temûk in relaasje ûnderhold. As frouwe Estora Karigan fragen begjint te stellen oer de ynhâld fan dat bryfke, mei't dy net strykt mei de wurklikheid, beseft Karigan dat it in boadskip yn koade is, dat eins foar de kening bestimd wie.
Tsjin 'e tiid dat kaptein Mapstone dat boadskip ûntsifere hat, is it lykwols hast al te let: de hear fan Mirwell en kening Zachary syn ferballe broer, prins Amilton, dogge mei stipe fan 'e Grize Man in wraam nei de macht. Kaptein Mapstone wit op it nipperke foar te kommen dat kening Zachary ûnder in jachtpartij fermoarde wurdt troch in binde (oarkeftige) grûnmiten dy't troch de Grize Man oproppen binne. Underwilens ûntdekt Karigan dat de Grize Man deselde is as de Eletiër Shawdell, dy't him oan it hof fan kening Zachary as gesant fan 'e kening fan Eletië foardien hat. Hja bynt de striid mei him oan, en soe him deade hawwe as er ta einsluten net útnaaid wie.
Wilens hat prins Amilton mei Mirwelliaanske troepen it Keninklik Kastiel yn Sacor-Stêd ynnommen, dêr't er fan doel is en kroanje himsels ta kening sadree't it nijs fan 'e dea fan syn broer him berikt. Spitigernôch foar him is kening Zachary noch sa libben as in hart. Mei har fermogen om harsels ûnsichtber te meitsjen, wit Karigan it kastiel yn te kringen, dêr't se kontakt leit mei de oerbleaune 'Wapens', leden fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden, dy't de liifgarde fan 'e kening foarmje. Neitiid wurde Karigan, kening Zachary en de troepen dy't trou oan 'e kening binne, troch de Wapens fia in geheime yngong yn 'e ûndergrûnske tomben fan 'e keningen fan Sacoridia litten, dy't ûnder it Keninklik Kastiel lizze. Dêrwei kringe se it kastiel yn, dêr't yn 'e troanseal in konfrontaasje folget mei de usurpator Amilton en de ferswakte Shawdell, dy't him by de prins jûn hat. Mei de sabel fan Lil Ambriodhe, de Earste Ruter, dy't se liend hat út 'e tomben, wit Karigan mei Shawdell ôf te weven, en ek de ferriedlike Amilton komt om. Dêrmei binne de troan fan kening Zachary en de takomst fan Sacoridia (foarearst) rêden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
de Green Rider-searje | |
---|---|
Green Rider • First Rider's Call • The High King's Tomb • Blackveil • Mirror Sight • Firebrand |