IAFA William L. Crawford Fantasy Award
IAFA William L. Crawford Fantasy Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | romandebút yn fantasyliteratuer | |
útrikt troch | IAFA | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | maart | |
plak | Orlando (Floarida) | |
ynsteld | 1985 | |
offisjele webside | ||
www.fantastic-arts.org |
De IAFA William L. Crawford Fantasy Award (ornaris koartwei de Crawford Award neamd) is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan it bêste Ingelsktalige romandebút fan it sjenre fan 'e fantasy, dat útjûn is yn 'e foargeande oardel jier. De tawizing fan dizze priis wurdt bewurkmastere troch de International Association for the Fantastic in the Arts (IAFA; "Ynternasjonale Feriening foar it Fantastyske yn 'e Keunsten"). De útrikking fynt plak op 'e jierlikse konferinsje fan 'e IAFA yn maart, Orlando, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, yn 'e mande mei de útrikking fan ferskate oare prizen. De Crawford Award is ferneamd nei de útjouwer en redakteur William L. Crawford, en waard yn 1985 ynsteld mei help fan 'e skriuwster Andre Norton, dy't der jierrenlang by belutsen bleau.
Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne David B. Coe (1999), foar de earste beide boeken fan syn Lon Tobyn Kroniken: Children of Amarid en The Outlanders, en Anne Bishop (2000), foar de trilogy Daughter of the Blood, Heir to the Shadows en Queen of the Darkness. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |