David Gemmell Award
David Gemmell Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
útrikt foar | heroyske en hege fantasy-literatuer | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 2008 | |
1e útrikking | 2009 | |
offisjele webside | ||
www.gemmellawards.com |
De David Gemmell Awards binne in trijetal mei-inoar ferbûne Britske literatuerprizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste fantasywurken fan 'e subsjenres fan 'e heroyske fantasy en de hege of epyske fantasy fan it foargeande jier. Dizze prizen besteane sûnt 2008, en waarden foar it earst útrikt yn 2009. Se binne ferneamd nei de grutte Britske fantasyskriuwer David Gemmell (1948-2006), dy't mei 58 jier ferstoar oan in hertkrupsje. De winners wurde bepaald troch in frij tagonklike online-stimming.
Der binne trije prizen, dy't ferneamd binne nei trije fan Gemmell syn populêrste boeken:
- de David Gemmell Legend Award for Best Fantasy Novel, foar de bêste fantasyroman
- de David Gemmell Morningstar Award for Best Fantasy Newcomer, foar de bêste debutearjende auteur yn it fantasysjenre
- de David Gemmell Ravenheart Award for Best Fantasy Cover Art, foar it bêste omslachûntwerp
Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |