Heroyske fantasy

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Heroyske fantasy of heroic fantasy is in subsjenre fan 'e fantasy, dat koartsein bestiet út ferhalen oer helden tsjin 'e eftergrûn fan in fantasydekôr. Dêrby is de protagonist faak inkeld tsjin wil en tank in foarfjochter fan it goede en/of is hy of sy fan nederich komôf, al is it mooglik dat hy/sy keninklike (foar)âlden hat mar dat sels net wit. Troch foarfallen dêr't de protagonist gjin ynfloed op hat, wurdt hy of sy dan ornaris twongen om in posysje fan grutte ferantwurdlikheid yn te nimmen. Dêrby wurdt syn of har wisberettens ferskate kearen en op ferskate manearen op 'e proef steld, faak sawol geastlik as lichaamlik. Hoewol't heroyske fantasy in protte gemien hat mei sword and sorcery, in oar subsjenre fan 'e fantasy, ûntbrekt hjir it útwrydske elemint (de franje en sier) dêr't sword en sorcery troch karakterisearre wurdt.

De moderne heroyske fantasy giet foar in grut part werom op it wurk fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard oer de held Conan de Barbaar. Oare auteurs dy't wurk fan it heroyske fantasy-subsjenre produsearre hawwe, binne bygelyks William Morris, Eric Rücker Eddison, Evangelina Walton, T.H. White en C.S. Lewis. Pas nei't J.R.R. Tolkien mei syn The Lord of the Rings fantasy as sjenre foargoed op 'e kaart set hie, begûn it subsjenre fan heroyske fantasy fêste foarmen oan te nimmen. The Lord of the Rings heart sels trouwens net ta heroyske fantasy, ek al komme der genôch helden yn dat wurk foar. De oerhearskjende striid tusken en goed en kwea yn in folslein optochte wrâld karakterisearje Tolkien syn magnum opus lykwols as in wurk dat ta it subsjenre fan 'e hege fantasy heart.

Fan 'e 1970-er jierren ôf oefenen de Star Wars-films, dy't men omskriuwe kinne soe as heroyske fantasy yn in science fiction-dekôr, in oansjenlike ynfloed út op 'e heroyske fantasy-literatuer. Fan 'e 1980-er jierren ôf begûnen beskate skriuwers, lykas George R.R. Martin, Robert Jordan en Robin Hobb, de skiedslinen tusken helden en smjunten yn 'e heroyske fantasy te ferdizenjen troch har neat fan dy kategoryen oan te lûken. Yn har duology The Sundering gie Jacqueline Carey noch in stap fierder troch in 'kweade' god en syn leger as de protagonisten te nimmen yn in omdraaiïng fan it wurk fan Tolkien. Yn The Sundering komme de haadpersoanen net as ynherint boasaardich nei foarren, mar ynstee as de slachtoffers fan ferrie en fan harren eigen minne karren út it ferline. Sels de god fan it 'kwea' is dy rol optwongen troch de grutskens fan syn broer. Oan 'e oare kant blike de krêften fan it 'goede' arrogant, neargeastich en fûnemintalistysk yn har oertsjûgings te wêzen.

Oare skriuwers holden sterk oan it oarspronklike stramyn fan 'e heroyske fantasy fêst. In foarbyld dêrfan wie de Ingelske auteur David Gemmell, dy't mei syn romans oer de bileman Druss in held fan it âlde stimpel op it toaniel brocht. Wer oaren fermongen it sjenre mei humor. Sa kin in grut diel fan 'e Discworld-rige fan 'e Britske skriuwer Terry Pratchett beskôge wurde as in parody op 'e heroyske fantasy. Dêrby wurdt ûnder mear it personaazje Cohen de Barbaar yntrodusearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.