Mayen-Koblenz
Mayen-Koblenz | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Landkreis |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Koblenz (bestjoerssit) |
grutste plak | Andernach |
tal gemeenten | 87 |
kenteken | MYK, MY |
Kreisschlüssel | 07 1 37 |
sifers | |
ynwennertal | 214.434 (2019) |
oerflak | 817,25 km² |
befolkingstichtens | 262,1 / km² |
oar | |
stifting | 1973 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50°20′ N 7°20′ E |
webside | www.kvmyk.de |
De lânkring (Landkreis) Mayen-Koblenz is in bestjoerlik distrikt yn it noarden fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It bestjoer fan it distrikt komt gear yn Koblenz, in kreisfrije stêd dy't net by de lânkring heart. De grutste stêd wat ynwennertal oanbelanget is Andernach. De lânkring is mei likernôch 215.000 ynwenners ien fan de grutste distrikten fan Rynlân-Palts.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mayen-Koblenz waard yn 1973 troch gearfoeging fan de twa distrikten Mayen en Koblenz foarme.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanbuorjende distrikten binne (fan it noarden mei de klok mei) Ahrweiler, Neuwied, Westerwaldkreis, Koblenz, Rhein-Lahn, Rhein-Hunsrück, Cochem-Zell en Vulkaneifel.
De twa grutste rivieren yn Mayen-Koblenz binne de Ryn en de Mûzel, dy't yn de stêd by de Deutsches Eck yn Koblenz gearrinne. Yn it wêst fan de lânkring leit it Eifelgeberchte mei de Laacher See, in kratermar dat likernôch 12.000 jier lyn nei fulkanyske aktiviteit ûnstie .
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen ferieniget eleminten fan de wapens fan de eardere distrikten. De beam is ûntliend fan it eardere distrikt Mayen. De wite golf ferwiist nei de twa rivieren Ryn en Mûzel en de kroan is in ferwizing nei it kiezen fan kening fan it Hillich Roomske Ryk yn Rhens.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferbânsfrije stêden |
---|
Ferbânsgemeenten | ||
---|---|---|
|
|
|
1 sit fan de Verbandsgemeinde; 2 stêd |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Mayen-Koblenz fan Wikimedia Commons. |
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |