Springe nei ynhâld

Hatzenport

Ut Wikipedy
Hatzenport
Jehannestsjerke.
Jehannestsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
ferbânsgemeente Rhein-Mosel
Sifers
Ynwennertal 612 (31.12.2021)[1]
Oerflak 3,75 km²
Befolkingsticht. 163 ynw./km²
Hichte 85 m
Oar
Postkoade 56332
Koördinaten 50° 13' N 7° 25' E
Offisjele webside
hatzenport.de
Kaart
Hatzenport (Rynlân-Palts)
Hatzenport

Hatzenport is in Ortsgemeinde oan 'e Mûzel yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak is ûnderdiel fan 'e ferbânsgemeente Rhein-Mosel, dy't it gemeentehûs yn Kobern-Gondorf hat. By Hatzenport hearre ek de buorskippen Am Bischofstein en Betzemerhof.

De namme komt fan 'e Latynske namme Hattonis porta, itjinge de haven of de poarte fan 'e Trierer aartsbiskop Hetti (amtstiid 814-847) betsjut. De namme komt foar it earst yn 1135 yn in oarkonde foar. Wynbou wie der yn alle gefallen sûnt 1216.

De hjoeddeiske gemeente Hatzenport is op 12 juny 1994 troch ôfskuorring fan 'e gemeente Löf ûntstien. Earder wie de gemeente Löf op 31 desimber 1975 troch gearfoeging fan 'e earder selsstannige gemeente Hatzenport, Kattenes en Löf gearfoege.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karakteristyk foar it doarp is de âlde feartoer (earste stienlizing 1863). Mei't de foltôging fan 'e nije brêge by Löf yn 1972 waard de sûnt de 16e iuw belangrike fear opheft. Fierder binne de boppe it doarp lizzende goatyske Sint-Jehannestsjerke en de nijere, yn 1869-1870 troch Hermann Nebel boude katolike Sint-Rochustsjerke en de âlde pastorij oan 'e Oberstraße it besjen wurdich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: