Andernach
Andernach | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
Stedsyndieling | 5 stedsdielen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 30.126 (2021) | |
Oerflak | 53,34 km² | |
Befolkingsticht. | 565 ynw./km² | |
Hichte | 60 m | |
Oar | ||
Stifting | 10 f.Kr. | |
Koördinaten | 50° 26' N 7° 24' E | |
Offisjele webside | ||
www.andernach.de | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Andernach is in stêd yn it noarden fan 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts yn 'e lânkring Mayen-Koblenz.
Andernach is ien fan 'e âldste stêden fan Dútslân en yn 1988 fierde de stêd syn 2000-jierrich bestean. De stêd is fanwegen de lokaasje sawol histoarysk as toeristyske fan belang. Ek de stedsdielen Eich, Kell mei Bad Tönisstein, Miesenheim en Namedy hearre by de stêd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op syn lêst wie der yn 'e 3e iuw foar Kristus in Keltyske delsetting op it gebiet fan it hjoeddeiske Andernach. Nei't Julius Caesar yn 'e jierren n 55 en 53 f.Kr. tusken Andernach en Neuwied twa brêgen oer de Ryn bouwe liet, waard it romeinske kamp Antunnacum stifte. Dat bestie oant yn de 5e iuw, doe't Antunnacum en omkriten yn hannen fan 'e Franken kaam.
Andernach wie yn it ryk fan 'e Merovingen in keningsstêd. Nei in striid yn 876 foel Andernach tusken de Westfrankyske kening Karel de Keale en de Eastfrankyske hearsker Loadewyk III oan 'e lêstneamde. Yn 'e iuwen dêrnei hiene de aarststiften Keulen en Trier striid om Andernach. Aartsbiskop Johann I fan Trier liet op it plak fan de ôfbaarnde foargonger de om 1220 hinne foltôge hjoeddeiske Leaffrouwetsjerke bouwe. Lang om let droech keizer Freark I Barbarossa yn 1167 de stêd oan de Keulske aartsbiskop Rainald von Dassel oer.
Yn 1349 waarden de joaden fan Andernach nei it útbrekken fan de pest út de stêd ferdreaun. It duorre wol 30 jier foardat de earste joaden wer yn Andernach ferskynden. Yn 1407. doe't de stêd deilis hie mei it aartsstift Keulen, wie der foar it earst sprake fan in stedsried.
De stêd waard yn 'e Tritichjierrige Kriich yn 1632 plondere. Nei de reformaasje krige de stêd sûnt 1688 ek te meitsjen mei de Njoggenjierrige Oarloch. De Frânske kening Loadewyk XIV liet de stêd op 30 april 1689 ferneatigje. Dêrby liet er de fêstingwurken slope en de hûzen fan Andernach yn 'e brân stekke. Mear besettings yn 'e dessinia dêrnei brochten de stêd oan reapsein.
Yn 'e Frânske tiid hearde de stêd by Frankryk en yn dy tiid waard de midsiuwske maatskiplike oardening ôfskaft en waarden it tsjerklik besit sekularisearre.
Doe't Andernach op 13 juny 1856 by Prusen yndield wie, krige it wer stedsrjochten. Twa jier letter krige Andernach oansluting op it spoar en mei it spoar kaam yndustry. De Earste Wrâldkriich en de wrâldkrisis fan 'e jierren 1930 makke in ein oan de groei fan 'e stêd.
Krekt nei't op 30 maaie 1933 in nije synagoge iepene waard, krigen de nasjonaalsosjalisten de macht, dy't de joadske befolking en de pasjinten fan de hjoeddeiske Rhein-Mosel-Fachklinik fermoarden.
Nei 1949 groeide de stêd en de ekonomy wer. Yn 1969 en 1970 waarden ferskillende omlizzende plakken by Andernach yndield, sadat Andernach mear as 6000 ynwenners groeide.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andernach is ferdield yn fiif stedsdielen. De fjouwer stedsdielen Eich, Kell, Miesenheim end Namedy binne tagelyk ek Ortsbezirke.
Stedsdiel | Ynwenners |
---|---|
Andernach | 23.677 |
Eich | 2.018 |
Kell mei Bad Tönisstein | 1.014 |
Miesenheim | 3.201 |
Namedy | 1.306 |
Meiïnoar | 31.216 |
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1790 | 1810 | 1850 | 1895 | 1905 | 1925 | 1950 | 1970 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.790 | 2.159 | 3.500 | 6.583 | 8.789 | 10.771 | 15.879 | 27.140 |
Jier | 1995 | 2000 | 2005 | 2010 | 2015 | 2020 | ||
Ynwenners | 30.343 | 30.263 | 30.987 | 30.379 | 30.758 | 31.381 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rûne toer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De saneamde Runde Turm út de jierren 1440-1453 is it symboal fan 'e stêd. De toer is in wartoer fan 'e noardwestlike hoeke fan de stedsmuorre. Mei in hichte fan 56 meter is it de heechste wartoer oan 'e Ryn en ien fan de grutste midsiuwske wartuorren.
Yn 1689 mislearre it de Frânsen om de toer te ferneatigjen. De Frânsen woene de toer mei fiif meter dikke muorren opblaze, mar kamen net fierder dan it meitsjen fan in noch altiten oanwêzige holte fan 1,2 m oan 'e westlike fjildkant fan 'e toer. De toer waard yn it ramt fan syn 550-jierrich jubileum renovearre.
Marije-Himelfearttsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De roomske Marije-Himelfearttsjerke is in katedraaleftich gebou mei fjouwer tuorren. De tsjerke waard tusken 1196 en 1220 boud en wie lang de eigentsjerke fan de aartsbiskop fan Trier. Tsjintwurdich is de belangrykste tsjerke fan de parochymienskip Andernach. De tsjerke stiet oan 'e westlike râne fan de stêd by de stedsmuorre.
Kraan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlde kraan oan 'e Ryn is in út 1561 datearjende kraan oan de doetiidske haven fan Andernach. De kraan ferfong eartiids in yn 1400 boude kraan. De kraan wurke oant 1911 en de mechanyk is noch jimmeroan yntakt.
Kristustsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De protestantske Kristustsjerke is in heechgoatyske, twaskippige halletsjerke mei in djip koer en in soad letgoatyske boueleminten. Oant 1802 wie it de Sint-Nikolaastsjerke fan it minoritenkleaster.
De Kristustsjerke is ien fan 'e wichtichste Rynlânske minoritentsjerken en wie iuwenlang it grêfplak fan 'e stifters fan 'e tsjerke en de adel, fan wa't de wapens yn it krúsferwulft oanbrocht binne.
De Rynpoarte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rynpoarte (Rheintor) waard om 1200 as de haadtagong fan de kant fan 'e Ryn boud. It is de âldste dûbele poarte fan it Rynlân. Ut de boutiid binne allinne de plattegrûn en dielen fan it muorrewurk bewarre bleaun. Yn 'e 18e iuw waard de poarte ferboud en yn 1899 folge in ferbouwing, dy't de poarte syn 17e-iuwsk oansjen werom joech.
Oare gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Om it histoaryske sintrum binne de midsiuwske muorren mei de ruïne fan de karfoarstelike boarch, in yntakte, 30 meter hege Bergfried (sûnt 1836 in finzenis, hjoeddedei in troulokaasje) en de restaurearre krûdtoer (1493-1495) bewarre bleaun. Fan de tsien healrûne tuorren binne der noch seis folslein. Underdiel fan de midsiuwske befêstiging fan 'e stêd binne fierder de Koblenzer Poarte en de Rynpoarte. Oan de Ryn stiet noch it bolwurk, dêr't de yn - en útfier fan 'e hannel plakfûn.
- De barokke Sint-Joazeftsjerke is hjoed-de-dei de kapel fan it Stiftshospital St. Nikolaus, mar wie eartiids de kleastertsjerke fan 'e annuntiaten.
- Yn it sintrum stiet op 'e hoeke fan 'e Hochstraße/Krammgasse it histoaryske riedshûs fan 'e stêd. Bysûnder is de joadske mikwe út de 13e iuw fan de doetiidske yn 1297 ôfbrutsen synagoge. De mikwe is oer trije ûnderierdske ferdjippings mei de Ryn ferbûn.
- In bytsje bûten it sintrum stiet de 13e-iuwske Sint-Michaelkapel, in tsjerkhofkapel fan it eardere Augustynske Koarfrouwenstift Us-Leaffrouwe-foar-de-Muorren. By de kapel stiet ek in wettertoer, dy't oarspronklik de 14e-iuwske wartoer fan it kleaster wie.
Oare stedsdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn it stedsdiel Namedy stiet it 15e-iuwske kastiel Namedy. Nei't Sweedske troepen it kastiel yn 1633 fernielden, waard it kastiel yn barokke styl werboud.
- By Bad Tönisstein binne waarme mineraalboarnen, dy't op basis fan fynsten fan romeinske munten ta de âldste romeinske boarnen fan Dútslân rekkene wurde. Likernôch 13.000 jier lyn waard de Brohldelling folle mei fulkanysk materiaal fan 'e Laacher fulkaan. Efter de gebouwen binne ek tsjintwurdich de jiskelagen te sjen dy't by de fulkaanútbarsting ôfset binne. Sunt 1389 stie by Tönisstein in karmelitekleaster, dat yn 1802 mei de sekularisaasje opheft waard en tsjintwurdich allinne noch as ruïne bestiet. It kleaster hiet Sint-Antoniusstein, wat troch de tiid hinne ferbastere waard ta Tönisstein.
Andernacher geiser
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bekende geiser fan Andernach is de heechste kâldwettergeiser fan 'e wrâld. De geiser spuitet 55 oant 60 meter heech en is op it Namedyer Werth, in skiereilân yn 'e Ryn, te sjen. De geiser sprong nei it boaren nei in mineraalboarne foar kommersjele doeleinen foar it earst. Yn 1957 waard de geiser wer sletten, mar sûnt 2001 waard er wer iepenboarre en sûnt is it mooglik om in besite te bringen oan 'e geiser. Fan maart oant oktober kinne minsken mei in skip nei it eilân brocht wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Andernach
|