Springe nei ynhâld

Vallendar

Ut Wikipedy
Vallendar
Riedshûs
Riedshûs
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 8.088((31.12.2021)
Oerflak 13,22 km²
Befolkingsticht. 666 ynw./km²
Hichte 99 m.
Oar
Postkoade 56179
Koördinaten 50° 23' N 7° 37' E
Offisjele webside
www.vallendar-rhein.de
Kaart
Vallendar (Rynlân-Palts)
Vallendar

Vallendar is in stêd yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn Rynlân-Palts, Dútslân. It is it bestjoerlike sintrum fan it gemeenteferbân Vallendar.

De oarsprong fan de namme ferwiist nei de lokaasje yn 'e dellings fan wjitterings. "Val" betsjut 'streamend' en "ndar" 'sompich gebiet'. Vallendar waard foar it earst yn 830-840 neamd as besit fan de aartsbiskoppen fan Trier, mar oannommen wurdt dat it plak in Keltyske oarsprong hat en dus folle âlder is (700–600 f. Kr.).

De karfoarsten fan Trier lieten it besit troch fâlden bestjoere, dy't lykwols jimmeroan besochten it besit fan de karfoarsten te ûntfytmanjen. Sa waarden sûnt 1232 de greven fan Sayn lânshear, dy't by de noardlike útgong fan Vallendar in kastiel bouden. Op de fûneminten dêrfan stiet hjoed-de-dei it sloteftige Haus d'Ester, ek bekend as de Marienburg. Vallendar krige om deselde tiid muorren en yn 1143 waard it Augustynske kleaster fan Schönstatt stifte, dat yn 1567 lykwols wer opheft waard.

17e-iuwsk fakwurkgebou oan de Rathausplatz

Yn 1363 ferpâne greve Salentin fan Sayn-Wittgenstein de hearskippij oan Kar-Trier en sûnt wie de aartsbiskop fan Trier ek foar in part eigner fan Vallendar. Dêrnei hat Kar-Trier ek noch allinne eigner fan Vallendar west. It stedswapen ferwiist nei de eardere hearskers oer Vallendar mei de liuw nei de hearen fan Sayn en mei it reade krús nei Kar-Trier.

Vallendar kaam yn 1803 yn it foarstedom Nassau-Weilburg te lizzen en yn 1815 lang om let yn it Keninkryk Prusen. Yn 'e 19e iuw bloeide it bedriuwslibben yn Vallendar. Dat wie ek in gefolch fan de ferliening fan stedsrjochten yn 1856 troch kening Freark Willem IV.

Tusken 1954 en de jierren 1970 waard Vallendar foars útwreide. Yn 1958 waard de brêge tusken Vallendar en it Ryn-eilân Niederwerth yn gebrûk nommen.

Schönstatt

Vallendar is tsjintwurdich ynternasjonaal bekend as beafeartsplak. Yn it stedsdiel Schönstatt stifte pater Josef Kentenich yn 1914 yn in ferfallen Marijekapel de Schönstatt-beweging. Schönstatt groeide út ta in kompleks op in grut gebiet mei tsjerken, kapellen, foarmingssintra, in printerij, in museum en kleastergebouwen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • de roomsk-katolike parochytsjerke Marcellinus en Petrus (1837–1841, arsjitekt: Johann Claudius von Lassaulx)
  • de protestantske Lukastsjerke (1884–1885, arsjitekt: Friedrich Lang)
  • it eardere Sint-Jozefsikehûs (1856–1859, arsjitekt:Vincenz Statz)
  • it Wiltberger Hof (1695–1698)
  • Haus d’Ester (ek: Marienburg; 1773) mei de kapel
  • ferskillende 17e-iuwske fakwurkhûzen
  • it stedsdiel Schönstatt: ferskillende tsjerken, kapellen, it Pater Kentenich-museum

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (dú) Vallendar