Niederwerth
Niederwerth | ||
Sint-Joaristsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.276 ((31.12.2021) | |
Oerflak | 3,04 km² | |
Befolkingsticht. | 420 ynw./km² | |
Hichte | 99 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56179 | |
Koördinaten | 50° 23' N 7° 36' E | |
Offisjele webside | ||
www.niederwerth.de | ||
Kaart | ||
Niederwerth is in Ortsgemeinde fan it gemeenteferbân Vallendar yn de lânkring Mayen-Koblenz yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Niederwerth is in eilân yn 'e Ryn en hat in ferbining oer in brêge mei de stêd Vallendar, dy't oan de rjochter kant fan de Ryn leit. Underdiel fan Niederwerth foarmet it noardeliker lizzende en lytsere en ûnbewenne eilân Graswerth, dat in natoergebiet is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens grêffynsten wurdt it eilân nei alle gedachten al sûnt de 8e iuw bewenne. Oan de súdlike kant fan it doarp leit de tsjerke fan it eardere kleaster fan Niederwerth.
Yn de 15e iuw waard it kleaster bewenne troch Augustynske koarhearen fan de Windesheimer kongregaasje. Mei de herfoarming yn Nederlân en Noard-Dútslân drûge de nije oanwaaks fan muontsen op. Oan it ein fan de 16e iuw wie it kleaster allinne noch bewenne troch de prior en in lekebroeder. It kleaster waard dêrnei yn gebrûk nommen troch Sistersjinzerske nonnen en bleau oant de Frânske tiid bestean. Nei dy tiid waard de kleastertsjerke de parochytsjerke. Resten fan de kleastergebouwen tsjinje tsjintwurdich as wenhûzen. De eastlike fleugel waard yn 1945 ferneatige en net wer opboud.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|