Bassenheim
Bassenheim | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2901 (2022) | |
Oerflak | 14,76 km² | |
Befolkingsticht. | 197 ynw./km² | |
Hichte | 205 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56220 | |
Koördinaten | 50° 21' N 7° 27' E | |
Offisjele webside | ||
bassenheim.de | ||
Kaart | ||
Bassenheim is in plak yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Weißenthurm.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bassenheim leit oan 'e eastlike râne fan 'e Fulkaaneifel, in gebiet dat de namme tanket oan 'e fulkanyske aktiviteiten dy't it lân dêr oant 8000 f. Kr. foarme. De hotspot fan 'e fulkanen is noch jimmeroan aktyf en it oerflak fan it gebiet wurdt alle jierren in pear mm heger. Súdwest fan Bassenheim leit yn 'e gemeente de 372 meter hege Karmelenberg, in fulkanyske slakkekegel dy't ûnder de natoerbeskerming falt.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meast ferneamde keunstwurk fan Bassenheim is de saneamde Bassenheimer Reiter yn 'e Martinustsjerke. It iergoatyske reliëf fan 'e patroanhillige fan 'e tsjerke wurdt taskreaun oan 'e Naumburger master en stamt oarspronklik út it doksaal fan 'e dom fan Mainz. Yn 1683 brocht de domhear Casimir Waldbott von Bassenheim it reliëf nei Bassenheim.
It kastiel fan Bassenheim wie sûnt de 13e iuw yn it besit fan 'e aartsbiskoppen fan Trier, letter waard it de sit fan ministerialen. Greve Hugo Waldbott ferlear yn 1862 it kastiel doe't er twongen wie om it seis iuwen lange famyljebesit te feilen. Op 8 oktober 1948 trof de Frânske minister fan Utlânske Saken Robert Schuman dêr de lettere Dútske bûnskânsler Konrad Adenauer. Dy dei wurdt beskôge as it begjin fan 'e fersoening tusken Frankryk en Dútslân. It kastiel is yn partikulier besit en net tagonklik foar toeristen.
Op 'e Karmelenberg stiet de yn 1662 boude barokke Marijekapel. By de Karmelenberg leit in 17e-iuwsk, 1,1 km lang loantsje fan 150 tige âlde ike-, kastanje- en linebeammen.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Riedshûs.
-
Adenauer-Schuman monumint.
-
Sint-Martinustsjerke.
-
Walpot-Platz.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Bassenheim (ferzje 19 juny)
|