Springe nei ynhâld

Marijekapel op de Karmelenberg

Ut Wikipedy
Marijekapel op 'e Karmelenberch
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
plak Bassenheim
koördinaten 50° 20' N 7° 25' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1662-1666
boustyl barok
Webside
marienkapelle-bassenheim.de
Kaart
Marijekapel op de Karmelenberg (Rynlân-Palts)
Marijekapel op de Karmelenberg

De Marijekapel op 'e Karmelenberch (Dútsk: Marienkapelle auf dem Karmelenberg) is in beafeartskapel yn Bassenheim yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De yn 1662 boude tsjerke is it earste barokke tsjerkegebou, dat yn it gebiet om Koblenz hinne boud waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan 'e kapel fûn yn opdracht fan 'e rykshear Johann Lothar Waldbott fan Bassenheim, (1615-1677) en syn twadde frou Anna Magdalena plak om harren tankberens te betsjûgen foar de genêzing fan in slimme sykte en de berte fan in dochter, nei't hja earder al fjouwer bern krigen dy't fuort nei de berte ferstoaren. Doe't Anna Magdalena fan it fyfte bern swier wie brocht hja in besite oan 'e abdis fan it kleaster fan Lúksemboarch, Catharina Ginth, en dy joech har in byldsje fan Marije, dy't de poppe sûnens bringe moast.[1]

Plattegrûn en trochsnit fan 'e Marijekapel.

De Kapusynske muonts Matthias fan Saarburg sette as boumaster mei de bou fan 'e oan Marije wijde kapel tusken 1662 en 1666 útein op it heechste punt fan Bassenheim. Dat is de 372 m hege fulkaankegel, dy't oant de bou fan 'e tsjerke de Hekseberch neamd waard, in ferwizing nei de heidenske timpel dy't ea op dat plak stie. De namme Hekseberch koe fansels net mear doe't dêr in tsjerke kaam en dêrom waard de namme feroare yn Karmelenberch, neffens de berch Karmel dêr't de profeet Elía de preesters fan Baäl útdage.

De kapel waard ynearsten allinne troch de stiftersfamylje brûkt, mar nei't wijbiskop Johann Oeter Verhorst yn 1688 dêr 500 jonge minsken foarme, waard de tsjerke foar pylgers iepensteld. Sûnt libbe dêr ek in hearremyt, dy't op 'e tsjerke passe moast en by de missen tsjinne. De hearremiten libben fan 'e jeften en de lêste hearremyt Nicolaus Hoelzer waard yn 1826 fermoarde, doe't er út Bassenheim fan in misse werom kaam en in pear rôvers trapearre yn 'e tsjerke. Syn lichem waard tichteby de kapel fûn en de moardners binne nea fûn.

Krúswei, tredde staasje.

De krúswei nei de kapel waard nei alle gedachten yn 'e 18e iuw oanlein. De reliëfs yn 'e staasjes binne sûnt teminsten in pear kear fernijd, foar it lêst yn 2002 by in restauraasje fan 'e staasjes. Ien fan dy staasjes wie net mear oanwêzich en moast hielendal ferfongen wurde.

Nei de fernielings yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de kapel restaurearre, mar de beafeart luts gjin minsken mear. Fanwegen it iensume plak fan ' e kapel ferfoel it gebou jimmeroan mear en mei't de gemeente de kapel oerkocht foar in symboalyske priis fan ien DM, waard mei help fan in feriening foar it behâld fan it gebou jild ynsammele. Ek it bisdom Trier en de parochy Bassenheim droech rynsk by en yn 1998 koe de restauraasje fan it gebou ôfsletten wurde. De restauraasje hie meiïnoar DM 1.052,650 koste.

Hjoed-de-dei wurde der fanút Bassenheim wer prosesjes nei de Karmelenberch organisearre.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kapel is in sealtsjerke mei in westlik koer en in seishoekige dakruter. Njonken it koer is de sakristy. De tsjerke is ynklusyf it koer 13 m lang en maksimaal 7 m breed. It tsjerkeskip hat in flak houten plafond, wylst it koer in krúsgraatferwulft hat. Oan wjersiden fan it koer binne twa treptuorren dy't nei de lôzjes fan 'e stifters liede.

De súdlike, eastlike en noardlike muorre hawwe allegear twa rûnbôgefinsters mei it wapen fan 'e stifter as bekroaning. Yn 'e eastlike gevel is in oeil de boeuf of okse-each ynbrocht. wylst de treptuorren en byromten lytse, rjochthoekige finsters ha. Boppe it rûnbôgige portaal is in swarte swan mei trije wapens oanbrocht mei lofts it wapen fan 'e heit fan Lothar Waldbott te zien, rjochts it wapen fan syn mem en yn 'e midden in gearstald wapen dat boppe alle finsters werhelle wurdt, mei dêryn de wapens fan Lothar Waldbott (boppe), it wapen fan syn yn 1651 ferstoarne earste frou Johanna Walburga fan Reiffenberg en rjochts dat fan syn twadde frou Anna Magdalena, berne grevinne fan Metternich-Winneburg-Beilstein.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beafeart.

De kapel hat in ienfâldich heechalter, sydalters, in kânsel, in bychtstoel in in galerij. It heechalter datearret út de boutiid en waard lykas de sydalters en de kânsel yn 'e jierren 1990 restaurearre. Yn 1960 waarden de bylden fan it heechalter en de sydalters stellen en jierren letter kamen se by in feiling yn Hamburch wer oan it ljocht. Sûnt wurde de bylden yn it kastiel fan Bassenheim bewarre. De hjoeddeiske replika's binne yn 'e jierren 2002-2003 yn opdracht fan 'e Förderverein Marienkapelle makke. Ek de kroanluchter dy't yn 'e tsjerke hinget is nij.

It orizjinele genedebyld fan Marije is 18 sm grut en wurdt ek yn it kastiel bewarre. By bysûndere gelegenheden wurdt it byld wer yn it heechalter opsteld. De rest fan 'e tiid stiet dêr it yn 'e jierren 2002-2003 nijmakke byld.

Oan 'e súdlike muorre is sûnt 2010 in sinnewizer, dy't noch op in tekening fan 'e kapel út 1852 te sjen is. De sinnewizer is troch de út Mendig ôfkomstige byldhouwer Dieter Heuft fan basalt makke. De Heimatverein liet yn 1994 wer in nije klok jitte, dy't op 5 augustus 1995 ynwijd waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Marienkapelle auf dem Karmelenberg (ferzje 20 juny 2024)