Mendig

Ut Wikipedy
Mendig
Syrakiustsjerke fan Mendig.
Syrakiustsjerke fan Mendig.
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 9.032 (2021)
Oerflak 23,75 km²
Befolkingsticht. 380 ynw./km²
Hichte 220 m
Oar
Koördinaten 50° 26' N 7° 14' E
Lokaasje Mendig (read) yn 'e lânkring Mayen-Koblenz
Lokaasje Mendig (read) yn 'e lânkring Mayen-Koblenz
Offisjele webside
stadt-mendig.de

Mendig is in stêd yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. it is it haadplak fan it gemeenteferbân mei deselde namme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Mendig en omkriten steane in soad weikruse fan lavastien.

Mendig waard yn 1041 foar it earst as 'Menedich' neamd. Sûnt de Romeinske tiid oant yn 'e 19e iuw bloeide Mendig troch de winning en ferwurking fan basaltlava. Der ûnstie in hiele yndustry foar it meitsjen fan mûnestiennen en oare bewurking fan stien.

Tusken 1760 en 1938 hie Niedermendig in joadske gemeente en sûnt 1886 in synagoge. Yn 1933 wennen dêr noch 40 joaden, mar troch de ekonomyske boykot en de tanimmende diskriminaasje yn dy tiid flechte in diel nei de Feriene Steaten, Súd-Amearika en Nederlân. Yn 1938 waard de synagoge fernield, de lêste sân joaden fan Mendig binne yn 1938 deportearre en fermoarde.

Op 6 augustus 1950 krige Niedermendig as earste gemeente yn 'e nije dielsteat Rynlân-Palts stedsrjochten. De oant dan ta aparte plakken Niedermendig en Obermendig waarden mei in beslút fan de beide gemeenterieden op 7 juny 1969 gearfoege ta de stêd Mendig.

Stedsferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mendig is te ferdielen yn 'e stedsdielen Niedermendig en Obermendig. By Niedermendig hearre de buorskippen Brauerhof, Laachermühle, Laacherseehaus, Leimbachsmühle, Mathildenhof en it bedriuweterrein Flugplatz Mendig. Under Obermendig falle de buorskippen Elisabethbrunnen, Erlenmühle, Maxeimsmühle en Roderhöfe.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mûnestiennen by de Lava Dome

De stêd leit yn 'e East-Eifel yn it Laacher Fulkaangebiet, net fier fan 'e Ryn en sa'n fiif kilometer fan 'e Laacher See. It lânskip is foarme troch de fulkaanútbarstings, dy't dêr 450.000 jier lang plak fûn ha. Yn de lavastream dy't ûntstie mei de útbarsting fan 'e fulkaan Wintersberg, sa'n 200.000 jier ferlyn, ûnstiene de mûnestiengroeven, hjoed-de-dei bekend as de Mühlsteinbrüche. By de útbarsting fan 'e fulkaan fan de Laacher See likernôch 13.000 jier lyn waard de lava fan de Wintersberg troch in likernôch 30 meter dikke laach löss en púmstien oerdutsen. Dêrom fynt de winning fan lavastien sûnt de Romeinske tiid ûnderierdsk plak.

Bierbrouwestêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lavakelder fan Mendig.

Nei de delgong fan de mûnestienyndustry troch feroarings yn 'e technyk yn 'e 19e iuw, brûkten bierbrouwerijen fanwegen de gaadlike temperatuer (5–8 °C) de ûnstiene grotten foar it gêsten en de opslach fan bier. Sa wiene der op 't lêst wol 28 brouwerijen yn Mendig oan it wurk en oant hjoed-de-dei stiet Mendig dêrom bekend as bierbrouwerstêd. Fan al dy brouwerijen is der hjoed-de-dei mar ien oerbleaun en de eardere bierkelders binne foar in part tsjintwurdich troch toeristen te besjen.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Sint-Syriakustsjerke yn Niedermendig hat 12e/13e-iuwske fresko's.
  • Yn Obermendig stiet de 14e-iuwske Sint-Genovevatsjerke.

Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Mendig