Werner fan Oberwesel
Werner fan Oberwesel | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 1271 | |
berteplak | Womrath | |
stjerdatum | 1287 | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 19 april | |
attributen | Reau dat brûkt wurdt by de wynbou, martlerspalm | |
patroan fan | Wynbouwers |
Werner fan Oberwesel, ek wol Werner fan Bacharach of Werner fan Womrath, (yn 1271 berne yn Womrath op de Hunsrück, ferstoarn yn 1287) wie in Dútske deihierarbeider út de 13e iuw, dy't troch moard om it libben kaam. Flak foar de moard wurke Werner by in joadske famylje om in kelder út te graven. Alhoewol't tsjintwurdich oannommen wurdt dat de jonge slachtoffer woarn wie fan in rôfmoard of in seksuële hanneling, rjochten yn dy tiid guon lju de beskuldigjende finger nei de joaden.
Nei't syn lichem by Bacharach oan de kant fan de Ryn ûntdutsen waard, folge ûnder it folk in weach fan antysemityske sintiminten. De moard joech ek ynspiraasje ta it ûntstean fan legindes oer wûnders, rituele moarden en ûntwijing fan hosty's. It folk seach Werner as in martler foar it leauwe en al gau waard er as folkshillige fereare.
Fanôf 1289 waard yn it stedsje Bacharach útein set mei de bou fan in oan Werner wijde tsjerke, om't der in soad pylgers ferwachte waarden en dat jild opsmiet. Oan Werner bleane de pogroms op joaden kleven en yn 1963 waard syn feestdei (19 april) fan de hilligekalinder skrast.
Moard
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Wite Tongersdei of Goed Freed 1287 waard by Bacharach it lichem fan Werner fûn, noch mar 16 jier âld. Al gau gyng it praat dat de jonge it slachtoffer west hie fan in troch joaden útfierde rituele moard. Hy hie himsels te wurk steld by joaden, dy't him it hûs yn lokke hawwe soene en dêr ta de dea tamtearre hiene. De joaden soene besocht ha de jonge in hosty te ûntnaderjen en syn bloed nedich hân ha foar it fieren fan it Pesachfeest. Wat folge wie in pogrom, dy't him útwreide fan it Midden-Ryngebiet fierder de stream ôf en nei de kontrijen oan de Mûzel.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de leginde hiene de joaden Werner oan de fuotten ophongen, om him sa de hosty te ûntnaderjen, dy't er foar dy tiid ynnommen hie. Dêrnei smieten se it lichem fan de jonge yn de Ryn, dat letter by Bacharach wer oanspielde. Keizer Rudolf I en tsjerklike autoriteiten wiene oertsjûge fan de ûnskuld fan de joaden. Se leine de ferfolgers fan joaden in jildboete op en de keizer joech it befel om it lyk fan Werner te ferbaarnen, mar dat befel waard net opfolge. Werner waard as martler fan it leauwe byset yn de doedestiidske Kunibertkapel en al op 30 april 1287 barde in earste wûnder by syn grêf. Twa jier letter waard útein set mei de útbou fan de Kunibertkapel fan ta in nije, goatyske tsjerke, dêr't tsjintwurdich de skildereftige ruïne fan oerbleaun is. De wijing fan in Werner-alter yn de foltôge súdlike earm fûn yn 1293 plak en yn 1337 folge de wijing fan it eastlike koer.
Om't yn 1338 de aartsbiskop fan Trier beslach lizze liet op it jild foar de nijbou, bleau de tsjerke ynearsten ûnfoltôge. Paltsgraaf Loadewyk III besocht de Wernerferearing wer wat oan te trunen en fersiken om de jonge hillich te ferklearjen tusken 1426 en 1429 brochten in offisjele erkenning. Under teologyprofessor en humanist Winand fan Steeg, dy't fan 1421 oant 1438 as preester oan Bacharach ferbûn wie, waard de tsjerke foltôge.
Nei de ynfiering fan de reformaasje yn Bacharach yn 1546 kaam in diel fan de Werner-reliken yn Besançon telâne en sûnt ûnstie ek yn Frankryk in ferearing fan Werner. Fanôf 1685 funksjonearre de kapel as parochytsjerke foar de lytse katolike minderheid fan it yntusken protestantske Bacharach, mar in pear jier letter yn de Njoggenjierrige Oarloch waard de kapel by it opblazen fan de boarch Stahleck slim skansearre en sûnt ferfoel it gebou ta ruïne. In weropbou mislearre troch it ôfnimmen fan de Werner-ferearing en de dêrmei gearhingjende ynkomsten fan pylgers foar de tsjerke. Mei de ferneatiging fan it kastiel yn Bacharach yn 1689 gyngen ek de reliken fan Werner ferlern.
In twadde plak fan Wernerferearing ûnstie yn de noch altiten besteande Wernerkapel (sûnt 2008 omwijd yn de Mutter-Rosakapelle) fan it Hillige Geastspitaal fan Oberwesel, sa'n 7 kilometer fierder de stream ôf.
Yn it bisdom Trier waard noch oant 1963 it Wernerfeest fierd, doe't it Twadde Fatikaanske Konsylje Werner's namme fan de hilligekalinder ferwidere.
Werner jildt yn it Midden-Ryngebiet as ien fan de sân wynhilligen.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Werner wurdt as jonge man útbylde. Hy draacht yn 'e regel boerereau en in martlerspalm yn de hannen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Werner von Oberwesel
|