Springe nei ynhâld

Karmelenberg

Ut Wikipedy
Karmelenberg
  berch
Karmelenberg (Rynlân-Palts)
Karmelenberg
geografy
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
berchtme Eifel
koördinaten 50° 20' N 7° 25' E
sifers
hichte b. seenivo 372 m
oar
soarte berch slakkekegel

De Karmelenberg (Karmelenberch) is in slakkekegel op 'e súdeastlike râne fan it fulkaangebiet yn 'e East-Eifel tusken Bassenheim en Ochtendung yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De 372 m hege berch hat in bysûndere plantewrâld en is it heechste punt fan 'e ferbânsgemeente Weißenthurm. Sûnt 7 maaie 1981 is it 10,74 grutte gebiet in beskerme natoergebiet.

De Karmelenberch waard yn it ramt fan it Vulkanpark tagonklik makke foar it toerisme. Ferskillende ynformaasjebuorden ynformearje oer de fulkanyske skiednis en boppe op 'e berch stiet de barokke Marijekapel. Eartiids waard de berch de Hekseberch neamd, mar de hjoeddeiske namme ferwiist nei de berch Karmel yn it noardwesten fan Israel.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Karmelenberg leit op it grûngebiet fan Bassenheim tichteby de A48, ôfslach Ochtendung. Fanút Bassenheim is de Karmelenberch oer in oardel kilometer lange loane of oer Ochtendung oer de L52 Koblenz-Polch te berikken.

Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sicht op 'e Fulkaaneifel fanôf de Karmelenberch.

De slakkekegel fan 'e Karmelenberch makket diel út fan in groep fulkanen, dy't 350.000 oant 300.000 jier lyn aktyf wie. De oanbuorjende Schweinskopf waard as ôfgraverij brûkt en is hast hielendal ôfgroeven. Fan 'e saneamde Oberholzgroep is hielendal neat mear werom te kennen. De Karmelenberch leit foar in part op 'e brekline fan it Neuwieder Becken, in tusken de stêden Koblenz en Andernach lizzende ferbreding fan 'e Ryndelling.

Oan 'e noardlike kant is de út laaistien besteande ûndergrûn út it devoan likernôch 100 m sakke, oan 'e súdlike kant lei de riviergrintôfsetting fan 'e oer-Mûzel. De trije lavastreamen út de Karmelenberch binne letter mei púmstien en löss ôfset.

Minsklike aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lêste iuwen waard de fulkanyske stien as boumateriaal wûn. De hege steile wand yn 'e fulkaan ûnstie by de 20e-iuwske winning. De spoaren fan minsken op 'e Karmelenberch binne lykwols folle âlder en op 'e oanbuorjende Schweinskopt binne resten fan 'e oanwêzigens fan Neänderthalers ûntdutsen. Net fier fan 'e Karmelenberch is de Goloring, in monumint út de izertiid op it gemeentegebiet fan Kobern-Gondorf .

Loane[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De loane út 1662.

Nei de Karmelenberg rint fanút Bassenheim in loane mei tige âlde beammen. De loane waard yn 1662 oanlein, tagelyk mei de bou fan in Marijekapel op 'e berch. Fan 'e oarspronklik 150 plante beammen binne der noch jimmeroan 100 oanwêzich. It binne benammen reade boekebeammen, ikebeammen, linebeammen, in ûnbidich grutte simmerlinebeam en in pear hystekastanjebeammen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Karmelenberg