Springe nei ynhâld

Polch

Ut Wikipedy
Polch
Sint-Joaristsjerke
Sint-Joaristsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringMayen-Koblenz
ferbânsgemeenteMaifeld
Stedsyndieling3 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal6.930 (31.12.2023)
Oerflak28,68 km²
Befolkingsticht.242 ynw./km²
Hichte219 m
Oar
Postkoade56751
Koördinaten50° 17' N 7° 18' E
Offisjele webside
www.polch.de
Kaart
Polch (Rynlân-Palts)
Polch

Polch is in stêd yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak is it bestjoerssintrum fan 'e ferbânsgemeente Maifeld.

By Polch hearre ek de Stadtteile Kaan, Ruitsch en Nettesürsch en de buorskippen Antoniushof, Döllermühle, Geisheckerhof, Hof Grube Margareta, Hof Einiger Tal, Hof Rotental, Kreutzberghof, Kurbenhof, Lindenhof, Nettemühle, Ruitschermühle en Sonnenhof.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stefanustsjerke.
  • De katolike Stefanustsjerke ( St. Stephan) waard tusken 1849 en 1852 yn neoromaanske styl boud. De beide tuorren binnen mear as 50 meter heech.
  • Oan 'e súdlike stedsrâne fan Polch stiet oan 'e L113 de Joariskapel (Georgskapelle). It is ien fan 'e âldste tsjerken fan 'e Eifel. It âldste bewiis fan it bestean fan 'e tsjerke datearret út 1052. Op it tsjerkhôf stiet in kriichsmonumint en yn 'e muorre oan 'e strjitwei is in krúswei út de 18e iuw oanbrocht.
  • De synagoge fan Polch yn 'e Ostergasse waard tusken 1867 en 1877 boud nei it ûntwerp fan 'e arsjitekt Hermann Nebel út Koblenz. Yn 1938 waard de synagoge yn brân stutsen, mar it fjoer waard al gau dwêste sa't it bouwurk net hielendal ferlern gyng. De gemeente hat it gebou opknapt en it wurdt hjoeddedei foar kulturele útstallings brûkt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Polch