Rhens

Ut Wikipedy
Rhens
Alde riedshûs fan Rhens
Alde riedshûs fan Rhens
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 2.992 (2022)
Oerflak 16,31 km²
Befolkingsticht. 183 ynw./km²
Hichte 77 m
Oar
Postkoade 56321
Koördinaten 50° 16' N 7° 37' E
Offisjele webside
www.rhens.welterbe-mittelrhein.de
Kaart
Rhens (Rynlân-Palts)
Rhens

Rhens is in stêd yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It leit yn 'e lânkring Mayen-Koblenz. Rhens hat in befolking fan likernôch 3.000 ynwenners (2022).

Sûnt 2002 heart Rhens ta it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Königsstuhl, it plak dêr't sûnt 1273 de Dútske karfoarsten by inoar kamen om in kening te kiezen.
  • De Scharfer Turm stiet fuort oan de Ryn en datearret út 1396. Oarspronklik in toltoer, letter in finzenis. Yn 1645-1646 waarden hjir heksen fêstholen en foltere. Tsjintwurdich is it in gebou dêr't útstallings organisearrre wurde.
  • It Rathaus oan it Marktplatz: it ûnderste diel stamt út likernôch 1500, de twadde ferdjipping mei de gevel út ca. 1600.
  • It histoaryske sintrum fan Rhens mei tal fan fakwurkhuzen.
  • De stedsmuorre mei poarten.
  • De 11e iuwske Dionysiuskirche mei in barok ynterieur.
  • De 19e iuwske neogotyske Theresiakirche út 1906-1908.
  • It Deutsches Haus waard yn de jierren 1566–1570 boud. Grut fakwurkhûs, dat oan in âlde poarte is boud.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rhens fan Wikimedia Commons.