Winningen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Winningen
De protestânske tsjerke fan Winningen
Flagge Wapen
Winningen Wappen v2.png
Sifers
Ynwennertal 2.461 (31-12-2014)
Oerflak 6,66 km²
Befolkingstichten 370 / km²
Hichte 79 m. boppe seenivo
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
Landkreis Mayen-Koblenz
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.winningen.de

Winningen is in plak yn it Landkreis Mayen-Koblenz yn de dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de Verbandsgemeinde Rhein-Mosel, dat fanút Kobern-Gondorf wurdt bestjoerd. Winningen is in troch de dielsteat erkend toeristysk sintrum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winningen yn 1838 (gravuere fan Anton Jahn)

Op de Winninger Berg binne de resten fan in romeinsk hûs te sjen, mar archeologysk ûndersyk om de tsjerke hinne hat útwiisd dat Winningen al mear dan 3000 jier bewenne wurdt.

Doe't yn 1551 de wynbou in tige rike rispinge joech, dielde de lienhear de oerfloed mei it folk troch in grut feestmiel. It waard it earste wynfeest fan Dútslan. It âldste wynfeest fan Dútslân wurdt oan it ein fan augustus en it begjin fan septimber fierd en duorret tsien dagen. Dêrmei is it ek in langste wynfeest oan de Mûzel.

Winningen is in protestânske enklave yn in fierders roomske omjouwing. Yn 1557 waard hjir troch de greven fan Sponheim de reformaasje ynfierd, dy't it hearskip oer Winningen troch ferervjen krige hiene. Sûnt is de tsjerke in protestânske bou. De tsjerke hat in romaanske toer, mar waard neitiid ferboud en ferhege. De katolike Martinustsjerke is in neoromaanske bou út 1852.

Tidens de heksenferfolgingen waarden yn Winningen tusken 1630 en 1661 21 manlju en froulju ferbrând. Foar de slachtoffers stiet op de Hexenhügel, it plak dêr't de fan hekserij beskuldige lju terjochtsteld waarden, in ienfâldich monumint.

Tradisjoneel foarmet de wynbou yn Winningen in wichtich middel fan bestean. Benammen nei de Twadde Wrâldkriich ûntwikkelde it toerismeyn Winningen ta in faktor fan betsjutting.[1]

Persoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • August Horch (berne op 12 oktober 1868 yn Winningen; ferstoarn op 3 febrewaris 1951 yn Münchberg, Oberfranken); oprjochter fan de autofabriken Horch en Audi.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]