Springe nei ynhâld

Gewoane kjifstikelbaarch

Ut Wikipedy
gewoane kjifstikelbaarch
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae)
skaai echte kjifstikelbargen (Hystrix)
soarte
Hystrix cristata
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gewoane kjifstikelbaarch (Latynske namme: Hystrix cristata of Hystrix galeata), ek wol Afrikaanske kjifstikelbaarch of toefkjifstikelbaarch neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae) en it skaai fan 'e echte kjifstikelbargen (Hystrix), dat foarkomt yn grutte dielen fan Afrika, en dêrnjonken ek lânseigen is yn dielen fan Súd-Jeropa. It is ien fan 'e grutste kjifdieren fan 'e wrâld, en waard yn 1758 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de grutte Sweedske biolooch Carolus Linnaeus.

De gewoane kjifstikelbaarch komt benammen foar yn in grut diel fan West-, Sintraal- en East-Afrika en de Hoarn fan Afrika. De súdgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint mei in grutte slingerbocht oer it kontinint, begjinnend yn súdlik Mozambyk, oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan, en dan fia súdlik Simbabwe, westlik Sambia, it suden en súdwesten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en it suden fan 'e Republyk Kongo nei de kust fan 'e Atlantyske Oseaan. Yn it noarden wurdt it areaal beknotte troch de Sahara, wêrby't de grins fan 'e Reade See troch súdeastlik Egypte, noardwestlik Sûdaan, de sintrale dielen fan Tsjaad, Niger en Maly en it suden fan Mauretaanje nei de Atlantyske kust rint.

Oan 'e noardkant fan 'e Sahara komme gewoane kjifstikelbargen ek foar yn it noarden fan Marokko, Algerije en Tuneezje, en fierders yn Syrenaika (eastlik Lybje) en it uterste noardwesten fan Egypte. Dêrnjonken is it it iennichste kjifstikelbaarchdier dat lânseigen is yn Jeropa, en dêr op Sisylje en yn hast de hiele Lears fan Itaalje foarkomt. Soms wurdt beweard dat de gewoane kjifstikelbaarch yn dy gebieten yntrodusearre wurden is troch de Romeinen, mar fossile en subfossile fynsten sprekke dat tsjin en befêstigje dat de gewoane kjifstikelbaarch der lânseigen is. Yn oare dielen fan Jeropa, te witten: op it Ibearysk Skiereilân, yn súdlik Frankryk en op 'e Balkan (Kroaasje, Bosnje, Albaanje, Grikelân en Bulgarije) is dit bist wol deeglik troch de minske yntrodusearre, en dêr moat er dus as in eksoat beskôge wurde.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gewoane kjifstikelbaarch hat trochinoar in kop-romplingte fan 60-83 sm, mei in sturtlingte fan 5-17 sm en in gewicht fan 13-27 kg, wêrmei't it ien fan 'e grutste kjifdieren fan 'e wrâld is. Hast it hiele lichem is oerdutsen mei boarstelich hier, dat dûnkerbrún is, tsjin it swarte oan. Op de efterkant fan 'e kop, yn 'e nekke, op 'e rêch en de sturt groeie lange stikels dy't yn 'e breedterjochting swart-wyt streke binne, en dy't de gewoane kjifstikelbaarch yn gefal fan gefaar rjochtop sette kin. Oan 'e foarpoaten sitte fjouwer teannen, mar oan 'e efterpoaten fiif. De earen en eagen binne tige lyts yn ferhâlding ta de lichemsgrutte.

In gewoane kjifstikelbaarch fan deunby.

Gewoane kjifstikelbargen libje op savannes en steppen, yn iepen wâldlân en heechlân, mar ek by boskrânen lâns en yn gebiet dat oerwoekere is troch strewelleguod en yn healwoastinen. Yn Itaalje komme se ek foar op ikkers en yn greiden. Yn woastinen en tropysk reinwâld ûntbrekke se lykwols. Yn 'e Anty-Atlas fan Marokko binne se waarnommen oant op in hichte fan 2.550 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gewoane kjifstikelbaarch is in nachtdier, dat syn libben yn prinsipe op 'e grûn libbet; hy klimt mar komselden yn beammen. Wol is er in goede swimmer. Fakentiden doarmet er oer lange ôfstannen om op 'e sneup nei fretten. By fersteuring of gefaar set er syn stikels op yn in soarte fan waaierfoarm, om himsels grutter lykje te litten. As in rôfdier (of in nijsgjirrige minske) him dêr net troch ôfskrikke lit, jouwe gewoane kjifstikelbargen noch twa warskôgings. Yn it foarste plak stampe se mei de foarpoaten, en fierders meitsje se in siizjend ratteljen troch de koartere, bredere stikels op 'e sturt, dy't hol binne, tsjininoaroan te slaan. As se dan noch net gewurde litten wurde, draaie se de fersteurder de rêch ta en dogge se ien of mear beklingse útfallen, wêrby't se de fersteurder besykje te stekken mei har stikels. Om't dy samar loslitte, makket in rôfdier dus grutte kâns om nei in útfal mei in stikmannich stikels yn 'e hûd efter te bliuwen, nammenste mear om't der oan 'e úteinen fan kjifstikelbargestikels lytse wjerheakjes sitte. Slagget it dochs om 'e stikels te ferwiderjen, dan kinne de wûnen noch aaklike ûntstutsen reitsje, mei't kjifstikelbargen geregeldwei yn har eigen kjitte omrôlje. Soks wurdt net selden grutte jagers as liuwen, loaihoarsen en hyena's fataal en inkeld sels minsken.

In gewoane kjifstikelbaarch yn in dieretún.

By har nachtlike sneuptochten hawwe gewoane kjifstikelbargen it foar de moade en garje alle âlde bonken dy't se tsjinkomme. Se nimme dy't mei nei har ûndergrûnske hoale, dêr't se der op omgnauje, mooglik om kalk ta har te nimmen of om har kjiftosken te skerpjen. Soms wurde sokke bonkesamlings opgroeven troch minsken, en om't der gauris ek bonken fan prehistoaryske bisten by sitte, kin soks in wier feest foar paleöntologen en archeologen wêze.

It measte fan wat der oer de fuortplanting fan 'e gewoane kjifstikelbaarch bekend is, komt fan eksimplaren dy't yn finzenskip holden waarden. Gewoane kjifstikelbargen binne monogaam en foarmje pearkes dy't mooglik foar it libben byinoar bliuwe. Der is gjin fêste peartiid, dat de jongen kinne it hiele jier troch te wrâld komme. Nei in draachtiid fan 66 dagen bringe wyfkes yn 'e regel ien nêst jiers te wrâld, fan 1-2 jongen, dy't by de berte al frij fier ûntwikkele binne, mei koarte en sêfte stikeltsjes en in gewicht fan trochinoar 1 kg (oftewol 5% fan it lichemsgewicht fan 'e mem). Se bringe mar ien wike troch yn 'e mei gers beklaaide bertehoale, foar't se har bûtendoar weagje. Om dyselde tiid begjinne har stikels hurd en stiif te wurden. Mei 2 jier binne de jongen folgroeid, en justjes foartiid berikke se ornaris geslachtsripens. De jongen bliuwe lykwols noch lange tiid by de âlden, en gewoane kjifstikelbargen libje yn groepkes fan in mantsje en in wyfke mei jongen fan ferskillende jiergongen. Yn finzenskip kinne gewoane kjifstikelbargen wol 20 jier wurde.

In gewoane kjifstikelbaarch.

Gewoane kjifstikelbargen binne fierhinne herbivoaren, mei in menu dat foar it grutste part út plantewoartels en -bollen en griene plantedielen bestiet. Tydlingswei frette se ek wolris ynsekten, oar lyts wrimelt of sels lytse wringedieren, lykas hagedissen, mar ek ies.

De gewoane kjifstikelbaarch hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet, sawol yn Afrika as Itaalje, noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat is nettsjinsteande it feit dat gewoane kjifstikelbargen yn in grut part fan har ferspriedingsgebiet as delikatesse beskôge wurde en dêrom faak swier bejage wurde.

In gewoane kjifstikelbaarch.

Der binne tolve erkende ûndersoarten fan 'e gewoane kjifstikelbaarch:

  • de conradskjifstikelbaarch of Conrads' kjifstikelbaarch (Hystrix cristata conradsi)
  • de cuvierkjifstikelbaarch of Cuviers kjifstikelbaarch (Hystrix cristata cuvieri)
  • de echte gewoane kjifstikelbaarch (Hystrix cristata cristata)
  • de Jeropeeske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata europaea)
  • de lademannkjifstikelbaarch of Lademanns kjifstikelbaarch (Hystrix cristata lademanni)
  • de lonnbergkjifstikelbaarch of Lonnbergs kjifstikelbaarch (Hystrix cristata lonnbergi)
  • de Senegaleeske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata senegalica)
  • de Somalyske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata somalensis)
  • de Westafrikaanske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata occidanea)
  • Hystrix cristata aerula
  • Hystrix cristata ambigua
  • Hystrix cristata galeata

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.