Springe nei ynhâld

Echte kjifstikelbargen

Ut Wikipedy
Echte kjifstikelbargen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
famylje: kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae)
skaai: echte kjifstikelbargen (Hystrix)
Linnaeus, 1758

De echte kjifstikelbargen (wittenskiplike namme: Hystrix) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi) en de famylje fan 'e kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae).

Ta dizze taksonomyske groep hearre 8 soarten kjifstikelbargen, dy't foarkomme yn hast hiel Afrika, yn dielen fan Súd-Jeropa en yn Aazje op it Yndyske subkontinint, yn súdlik Sina, op it skiereilân Malakka en op 'e Yndyske Arsjipel oant Floares yn it súdeasten en de Filipinen yn it noardeasten. De bekendste fan 'e echte kjifstikelbargen is de gewoane kjifstikelbaarch of Afrikaanske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata of Hystrix galeata), de iennichste soarte dy't (behalven yn Afrika) ek yn Súd-Jeropa libbet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.