Kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld
Porcupine Berlin Zoo.jpg
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
famylje: kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae)
Fischer von Waldheim, 1817

De kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (wittenskiplike namme: Hystricidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha) en it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi). Ta dizze taksonomyske groep hearre 11 soarten kjifstikelbargen, dy't foarkomme yn hast hiel Afrika, yn dielen fan Súd-Jeropa, en yn Aazje op it Yndyske subkontinint, yn súdlik Sina, op it skiereilân Malakka en op 'e Yndyske Arsjipel oant Floares yn it súdeasten en de Filipinen yn it noardeasten. De bekendste fan 'e kjifstikelbargen fan 'e Alde Wrâld is de gewoane kjifstikelbaarch of Afrikaanske kjifstikelbaarch (Hystrix cristata of Hystrix galeata), de iennichste soarte dy't (behalven yn Afrika) ek yn Súd-Jeropa libbet.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kjifstikelbargen fan 'e Alde Wrâld beskikke oer in duchtich wapen yn 'e foarm fan 'e lange, fjoerskerpe stikels dy't har op 'e rêch groeie. Yn gefal fan gefaar sette se dy stikels op en keare it oangeande rôfdier de rêch ta, wêrby't se soms beklingse útfallen dogge. Sels liuwen litte har net selden troch dy ferdigeningsstrategy op in ôfstân hâlde. Mochten se dochs oanfalle, dan komme se derefter dat de stikels maklik loslitte fan 'e rêch fan 'e kjifstikelbaarch, mar troch wjerheakjes oan 'e puntige úteinen dreech út hûd te krijen binne as se dêr ienris ynstutsen binne. Sels as de stikels wol te ferwiderjen binne, kinne se noch in aaklike ûntstekking feroarsaakje trochdat kjifstikelbargen gauris yn har eigen kjitte omrôlje.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.