Springe nei ynhâld

Kjifstikelbaarcheftigen

Ut Wikipedy
Kjifstikelbaarcheftigen
In Kubaanske hûtia (Capromys pilorides).
In Kubaanske hûtia (Capromys pilorides).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
Brandt, 1855

De kjifstikelbaarcheftigen (wittenskiplike namme: Hystricomorpha) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep is foarme út it Latynske hystrix, "kjifstikelbaarch", en it Grykske μορφή (morphē), "foarm", en kin dus oerset wurde as de "kjifstikelbaarchfoarmigen".

De kjifstikelbaarcheftigen foarmje ien fan 'e fiif grutte ûnderskiften fan 'e kjifdieren. De groep falt sels wer útinoar yn 'e tuskenskiften fan 'e kaamfingers (Ctenodactylomorphi) en de kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi). Ta de kjifstikelbaarchdieren hearre û.m. de kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae), de kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae), de beverrotten (Myocastoridae) en de kavia-eftigen (Caviidae).

Untwikkeling en fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen is nei alle gedachten yn Aazje ûntstien. De âldst bekende fossilen komme allegear út Aazje, en hearre ta de famyljes fan 'e kaamfingers of gûndys (Ctenodactylidae) en de útstoarne Chapattimyidae. Tsjintwurdich komme de kaamfingers inkeld noch yn Noard-Afrika foar. Ek de âldste kjifstikelbaarcheftigen, de Tsaganomyidae, dêr't wierskynlik alle moderne soarten út fuortkommen binne, libben yn Aazje. Tsjintwurdich omfettet it ûnderskift sa'n 300 soarten dy't ferdield binne oer likernôch 80 skaaien en hast 20 famyljes. Dêrfan is it grutste part lânseigen yn Súd-Amearika, mei in stikmannich yn Afrika en Súd-Aazje en mar ien elk yn Jeropa en Noard-Amearika.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.