Doc Hollywood

Ut Wikipedy
Doc Hollywood
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Michael Caton-Jones
produsint Deborah D. Johnson
Susan Holt
senario Jeffrey Price
Peter S. Seaman
Daniel Pyne
basearre op What? … Dead Again?
   fan Neil B. Shulman
kamerarezjy Michael Chapman
muzyk Carter Burwell
filmstudio Warner Bros.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Michael J. Fox
Julie Warner
byrollen David Ogden Stiers
Bridget Fonda
Woody Harrelson
Barnard Hughes
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 augustus 1991
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $54,8 miljoen

Doc Hollywood is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 1991 ûnder rezjy fan Michael Caton-Jones, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Julie Warner. De titel betsjut "Dokter Hollywood". De film waard basearre op 'e roman What? … Dead Again? fan Neil B. Shulman. It ferhaal giet oer in jonge dokter dy't krekt syn oplieding ôfmakke hat yn Washington, D.C. en nei Beverly Hills giet om grou jild te fertsjinjen as plastysk sjirurch fan 'e superriken. Underweis mei de auto nei Kalifornje komt er by fersin troch it lytse stedsje Grady yn Súd-Karolina, dêr't men ferlegen sit om in húsdokter. Troch omstannichheden komt er dêr fêst te sitten. Doc Hollywood krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ben Stone hat krekt syn oplieding ta sjirurch yn in sikehûs yn Washington, D.C. foltôge, dêr't er gjin freonen makke hat troch syn folsleine tawijing oan syn wurk. Syn doel is nammentlik om sa gau mooglik sjirurch te wurden, sadat er nei it rikeljusplak Beverly Hills, yn Kalifornje, ferhúzje kin om dêr plastysk sjirurch fan 'e superriken te wurden en sa sels ek ryk te wurden. Om't er syn dierbere Porsche Speedster út 1956 net efterlitte wol, riidt er dwers troch de Feriene Steaten nei Kalifornje ta, dêr't er al in sollisitaasjepetear regele hat by de klinyk fan 'e foaroansteande plastysk sjirurch Halberstrom. As er ûnderweis lykwols in ôfslach mist, rekket er by fersin fan 'e autosneldyk ôf. Hy komt telâne op in provinsjale wei, dêr't er in domdryste faasje oanhâldt wylst er mei syn autoradio omprutst. As der in ko op 'e dyk stiet, moat er hookstrooks útwike, rekket fan 'e dyk ôf, brûst troch it strewelleguod hinne en riidt oare kant dêrfan tweintich meter fan in spiksplinternij houten stek plat.

In âldman dy't krekt it stek oan it fervjen is, en in sheriff dy't mei him stiet te praten, binne tsjûge fan it hiele barren. Stone beswart harren dat syn fersekering de kosten wol dekke sil, mar dêr nimt de âldman gjin genoegen mei. De fersekering sil grif inkeld de kosten fan it hout en de ferve fergoedzje en net alle wurk dat er deryn stutsen hat om der in stek fan te seagjen en timmerjen en it te fervjen. Stone seit dat er net wit wat er der fierders oan of ta dwaan kin en freget de man oft dy him foar de rjochter slepe wol. Dat is yndie sa, want de âldman, dy't Evans hjit, blykt sels de pleatslike rjochter te wêzen. Om't it plak dêr't Stone bedarre is, Grady yn Súd-Karolina, skriemend ferlet hat fan in nije húsdokter, feroardielet er Stone ta in taakstraf fan 16 oeren yn 'e pleatslike klinyk. As Stone dêrtsjin opsprekt, ferdûbelet er de straf ta 32 oeren. Dêrnei hâldt Stone him fierders wiislik stil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Stone bejout him nei de klinyk, dêr't er in kâld wolkom kriget fan 'e âlde ferpleechster Packer, dy't him op 'e behanneltafel sliepe lit. In pear oeren letter wurdt er lykwols wekker makke troch de boargemaster, Nick Nicholson, in joviale grouwe keardel dy't yn Stone syn swierrichheden in bûtenkâns sjocht om in nije dokter foar syn stêd te winnen. Dat pakt er oan troch him sa gastfrij mooglik op te stellen, dat hy troait Stone mei nei in leechsteande wente yn it stedsje, dy't foar him ynoarder brocht is, en dêr't in trio âlde wyfkes in wier gastmiel foar him oanrjochte hat. Stone wurdt let en set en rekket oan wat er tinkt dat yllegaal stookte alkohol is (mei't it Amerikaanske Suden dêrom bekend stiet), mar dat ouzo blykt te wêzen fan in fakânsje fan twa fan 'e âlde wyfkes nei Grikelân.

De oare moarns wurdt Stone wekker mei in kater. As er syn foardoar útgiet, sjocht er dat de wente oan in mar stiet. In oantreklike jonge frou hat yn 'e mar baait en komt krekt op dat stuit út it wetter strûzen, like neaken as de dei dat se berne waard. Stone wit net wat er sizze moat, mar sy hâldt him foar dat se grif neat hat dat er as dokter net ris earder sjoen hat. Werom yn 'e klinyk wurdt it Stone al rillegau dúdlik dat er oan 'e pleatslike dokter, in âldman op hege jierren dy't Aurelius Hogue hjit, neat hat. It is in ûnoangenaam hearskip, dat strang ferbean hat om him te steuren mei eat dat gjin gefal fan libben en dea is. Stone beslút stipe te sykjen by de pleatslike ambulânsesjauffeur Lou, en is feralterearre as dy Lou (koart foar Vialula) nimmen oars blykt te wêzen as de neakene baaister dy't er earder dy moarn foar syn hûs troffen hat.

Yn Grady kriget Stone te meitsjen mei lytse ferwûnings en net botte earnstige oandwanings ûnder syn pasjinten. Ien troud pear, dy't allebeide analfabeet binne, komt op konsult sadat er harren brieven foarlêze kin dy't se ûntfongen hawwe fan famyljeleden. Underwilens wurdt Stone syn Porsche reparearre yn 'e pleatslike garaazje en wurdt eer sels de net sa grutske eigner fan in baarch, dêr't er mei betelle wurdt troch in pasjint dy't gjin jild hat.

Stone flirt mei Lou en slút mei de gemiensume boargemaster Nicholson in weddenskip om tsien dollar ôf dat er har binnen in wike ferliede kin. Letter bringt er har in boeket eigenplôke blommen dy't in beskerme status blike te hawwen en freget har út foar in ôfspraakje. It docht bliken dat Lou de skieden, allinnichsteande mem fan in dochterke fan fjouwer is, dat se krigen hat doe't se njoggentjin jier wie. Dat hie Stone net ferwachte, mar hy lit him der net troch ôfskrikke. Hy komt fierders oan 'e weet dat Lou foar abbekaat leart en nea wer út Grady wei wol. By it stykjen om Lou kriget er konkurrinsje fan 'e pleatslike assuradeur Hank Gordon, dy't al tiden fereale op har is, wylst boargemastersdochter Nancy Lee in eachje op Stone hat. De jacht op Lou wurdt noch dreger as se him pleagerich witte lit dat se bekend is mei de weddenskip dy't er mei boargemaster Nicholson ôfsletten hat.

De ynwenners fan Grady begjinne stadichoan wat oan Stone te wennen en blike him dan wol lije te meien. Hysels mei er ta syn eigen ferheardens wol oer it libben yn in lyts plakje. (Eltsenien giet der mar fanút dat er hikke en tein is as stedsjer om't er yn in sikehûs yn Washington, D.C. wurke hat, mar hy fertelt Lou dat er sels ek opgroeid is yn in lyts plak mei twatûzen ynwenners, dêr't er net gau genôch fuortkomme koe.) Dokter Hogue, dy't yn 't earstoan inkeld minachting foar Stone hie omreden fan syn jonkheid en gebrek oan ûnderfining, feroaret fan gedachten as er sels in hertoanfal oerlibbet troch it kordate yngripen fan 'e jonge dokter.

Koart dêrnei wurdt yn Grady it jierlikse Pompoenfestival holden, mei merke en optocht en al, dêr't Stone mei Lou dûnset en beseft dat er fereale op har oan it reitsjen is. Dyselde jûns fertelt rjochter Evans him dat er de rest fan syn taakstraf kwytskelt út tank foar it rêden fan it libben fan syn goede freon Hogue. As Lou letter it inisjatyf nimt om foar it earst seks te hawwen (yn in roeiboatsje op 'e mar mei it fjoerwurk fan it festival yn 'e loft boppe harren), hâldt Stone letterlik en figuerlik de boat ôf. Hy wol har gefoelens foar him net fierder oanfiterje, yn acht nommen dat er troch moat nei Kalifornje. Dat, hy giet nei hûs, dêr't in lulke Hank Gordon him opwachtet. Stone giet derfan út dat Gordon him yninoar slaan wol, mar dat blykt net iens by de man opkommen te wêzen. Hy wol allinne mar ferhaal helje, dat de beide mannen reitsje oan 'e praat. Stone brûkt it petear om himsels derfan te oertsjûgjen om nei Kalifornje te gean, om't dat is wer't syn takomst leit.

Nei't Gordon him ôfjûn hat, beslút Stone dyselde nachts noch ôf te setten. Underweis út it stedsje yn syn reparearre auto treft er lykwols in stationwagon oan 'e kant fan 'e dyk, mei efteryn in frommeske dat yn 'e weeën leit. Sy en de man wiene ûnderweis nei de klinyk, mar hawwe dy net helle. Stone wol eins trochride, om't er benaud is dat er oars nea wer út Grady wei komme sil, mar syn gewisse lit dat net ta. Hy giet efteryn 'e stationwagon te popheljen en bringt úteinlik in sûn lyts famke te wrâld. Mar in passearjende frachtweinsjauffeur, dy't efter it stjoer yn 'e sliep fallen is, raamt Stone syn auto en riidt de Porsche folslein yn 'e poeier.

De oare moarns siket Lou Stone op yn 'e klinyk en fertelt him dat it hiele stedsje jild lapt hat om in fleanticket nei Kalifornje foar him te keapjen. Se kundiget ek oan dat se besletten hat om mei Hank Gordon te trouwen. Se hâldt net fan him, mar hy is in betroubere keardel, wylst se mei Stone likegoed besykje koe in fallende stjer te fangen. Stone kriget net de kâns om te sizzen wat hy dêrfan tinkt. It fleantúch set mei koarten ôf, dat hy hat amper tiid om ôfskie te nimmen fan eltsenien foar't er troch de sheriff nei de lofthaven riden wurdt. Hy set ôf mei tige mingde gefoelens.

Stone hat syn sollisitaasjepetear by dokter Halberstrom no al twaris útstelle moatten, en einlik oankommen yn Beverly Hills fertelt Halberstrom him dat er him inkeld noch mar oannimt op foarspraak fan in dokter Aurelius Hogue, dy't him opskille hat om in goed wurdsje foar Stone te dwaan en útlis te fersoargjen oer syn "frijwilligerswurk" yn Grady. Stone hat no alles wat syn hert begeart: in goede baan as plastysk sjirurch by ien fan 'e meast foaroansteande kliniken op dat mêd yn Beverly Hills, sadat er binnen de koartste kearen syn stúdzjeskuld ôfbetelle hawwe sil en in ryk man wêze sil. Nettsjinsteande dat fielt er him net op syn plak en is er ûnwennich nei Grady.

In pear wiken letter heart er fan 'e resepsjoniste fan 'e Halberstrom-klinyk dat der immen foar him skille hat, in fanke mei sa'n swier Súdlik Amerikaansk-Ingelsk aksint dat se suver net te ferstean wie. Se is yn 'e stêd en wol Stone moetsje. Hy nimt daliks oan dat it Lou is, en as er by it ôfsprutsen restaurant syn op 'e nij reparearre Porsche stean sjocht, is er dêr wis fan. It blykt lykwols Nancy Lee Nicholson te wêzen, dy't hope hie dat Stone har gefoelens foar him beäntwurde, mar no oan syn teloarstelling sjocht dat dat net sa is. Hy befreget har oer har heit en dokter Hogue en rjochter Evans oant se him op 't lêst freget wêrom't er net gewoan nei Lou fernimt, mei't er dat dúdlik graach wol. Stone antwurdet dat er wol wit hoe't it mei Lou giet: dy is troud of sil mei koarten trouwe mei Hank Gordon. Op dat stuit jout Hank Gordon him by Stone en Nancy Lee. It docht bliken dat er it mei Lou útmakke hat om't er besefte dat sy nea sa fan him hâlde sil as hy fan har hâldt. Dêrom hat er Stone syn goerie opfolge út harren petear, om Grady efter him te litten en nei Kalifornje te ferhúzjen.

Nei dy moeting beslút Stone ûntslach te nimmen en werom te kearen nei Grady. Hy wit no einlings en te'n lêsten wat er hawwe wol, en dat is Lou. Nei't er har dat dúdlik makke hat, ferjout se him syn fuortgean en wikselje se in inige tongtút út. Wylst se mei syn baarch oan 't tou it stedsje yn kuierje, oppenearret Stone dat er dy tsien dollar mar ris ynje moat, dy't boargemaster Nicholson him noch skuldich is. "Mar," seit Lou, "do hast dy weddenskip hielendal net wûn, want it gie om in wike." "Dat is dyn wurd tsjin mines," antwurdet Stone. "Dus, do soest myn goede namme besmodzgje foar finansjeel gewin?" freget se him. "Rekkenje mar fan al," seit Stone wylst de ôftiteling begjint te rôljen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michael J. Fox.
haadrollen
personaazje         akteur/aktrise
dokter Ben Stone Michael J. Fox
Lou Julie Warner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
boargemaster Nick Nicholson David Ogden Stiers
Nancy Lee Nicholson Bridget Fonda
Hank Gordon Woody Harrelson
dokter Aurelius Hughes Barnard Hughes
Lillian Frances Sternhagen
rjochter Evans Roberts Blossom
ferpleechster Packer Eyde Byrde
Melvin de monteur Mel Winkler
dokter Halberstrom George Hamilton (cameo)
Kyle Owens Time Winters
Mary Owens K.T. Vogt
Maddie Helen Martin
Violet Amzie Strickland
Cotton Tom Lacey
Aubrey Draper Macon McCalman
Simon Tidwell Raye Birk

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doc Hollywood waard regissearre troch Michael Caton-Jones nei in senario fan Jeffrey Price, Peter S. Seaman en Daniel Pyne op basis fan 'e roman What? … Dead Again? fan Neil B. Shulman út 1991. Dyselde wie doedestiden húsdokter op it plattelân fan Georgia, in steat dy't oan Súd-Karolina grinzget. De filmmakkers ferpleatsten it ferhaal om ûndúdlike redens nei Súd-Karolina. As produsinten wiene Deborah D. Johnson en Susan Holt by it projekt belutsen foar de filmstudio Warner Bros. Shulman wie as associate producer yn 'e produksje behelle.

It plak Micanopy yn Floarida, dêr't de film foar it meastepart opnommen waard.

Foar de film wie in budget beskikber fan $20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Chapman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Carter Burwell. De opnamen foar Doc Hollywood fûnen yn 1990 plak yn it stedsje Micanopy, yn 'e Panhandle fan Floarida. De soundtrack fan 'e film omfette it liet The One and Only, fan Chesney Hawkes, dat in grutte hit waard en it tsiende plak yn 'e hitlist Billboard Hot 100 helle.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Doc Hollywood waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 2 augustus 1991 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Doc Hollywood oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Op basis fan 'e […] trailer ferwachte ik dat [de film] in komeedzje wêze soe. En dat is it ek. Mar it ferraste my troch ek in leafdesferhaal te wêzen en noch ien dat behoarlik goed is ek – it soarte wêryn't de minners ferstannigernôch binne om alle redens opneame te kinnen wêrom't se inoar links lizze litte moatte soene, mar te fereale binne om har dêr wat oan gelegen lizzen te litten." Yn The New York Times skreau Janet Maslin dat "Fox, like ûnfersteurber en grappich as altyd, eltse nije ferrassing fan him ôfskoddet dy't de film te bieden hat". Dêr heakke hja oan ta dat "hoewol't er syn jongeseftige oantrekking behâldt, liket Fox diskear ek wat substansjeler, miskien wol om't er beslissings oer libben en dea nimme moat as er eefkes gjin komyske dialooch op 't aljemint bringt".

Skriuwer Neil B. Shulman posearret foar de filmposter fan Doc Hollywood, dat basearre wie op syn roman What? … Dead Again? yn deselde hâlding as haadrolspiler Michael J. Fox op 'e poster.

Foar Peter Rainer fan 'e Los Angeles Times wie de film te klisjeemjittich, en hy beskuldige regisseur Michael Caton-Jones derfan dat dy rûnom liend hie út oare films. Hy hie ek net folle goede wurden oer foar haadrolspiler Michael J. Fox. Wol fûn er dat de film "foar in part goedmakke wurdt troch de poerbêste cast, wêrûnder Woody Harrelson as in sosjaal ûnhandige fersekeringsferkeaper, David Ogden Stiers as de boargemaster, Roberts Blossom as in rjochter, Barnard Hughes as de krebintige dokter fan it stedsje en Frances Sternhagen as in pleatslike albedil. Bridget Fonda dûkt op as in nei Hollywood langjende Súdlike jongedame, en, lykas gewoanlik, is se folle sterker as har rol eins talit. Fonda hat de krêft en bretalens om in grutte filmstjer te wurden. Wêrom ferdocht se har tiid mei dizze flauwe cameo?"

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Doc Hollywood in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is net bepaald elegant yn syn besykjen om in jierren '90-draai te jaan oan syn capra-eske formule, mar in lichtfuottige rezjy en in sjarmante cast meitsje it maklik om flaters te ferjaan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Doc Hollywood in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 20 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doc Hollywood brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $54,8 miljoen op. It is ûnbekend wat de film yn oare lannen en territoaria binnenswile, mar as men de Noardamerikaanskee opbringst ôfset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat allinnich al in winst fan $34,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.