David Ogden Stiers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
David Ogden Stiers
Filmklapper.png akteur
Stiers yn M*A*S*H
Stiers yn M*A*S*H
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 31 oktober 1942
berteplak Peoria
stoarn 3 maart 2018 (75 jier)
stjerplak Newport
jierren aktyf 1971–2017
prizen TV Land Impact Award (2009)
offisjele webside
IMDb-profyl Stiers

David Allen Ogden Stiers (Peoria, Illinois, 31 oktober 1942Newport, Oregon, 3 maart 2018) wie in Amerikaansk komyk en akteur.

Wurkpaad

Stiers en Gary Burghoff yn M*A*S*H

Stiers hie al tal fan rollen yn ûnder mear Broadwayproduksjes efter de rêch ear't er bekend waard as majoar Charles Emerson Winchester III yn M*A*S*H (131 ôfleveringen, 1977-1983). Ek fan syn rol as D.A. Michael Reston, dy't er tusken 1986 en 1988 yn in protte Perry Mason-films spile, wied er frijwat bekend.

Hy spile ek faak lytse rollen yn films fan Woody Allen en krige dêrfoar in betreklik heech plak yn de ôftiteling.

Tusken 2002 en 2007 wie er te sjen as Rev. Gene Purdy yn The Dead Zone. Fierders hie er in protte gastrollen yn populêre tf-searjes lykas Murder, She Wrote, Matlock, Alf, Kojak, en Charlie's Angels.

Op 3 maart 2018 stoar Stiers yn de âldens fan 75 jier thús yn Newport (Oregon) oan de gefolgen fan blaaskanker.[1]

Filmografy

Sjoch David Ogden Stiers op nl:

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. M*A*S*H and Disney star David Ogden Stiers dead aged 75 after losing bladder cancer battle thesun.co.uk, 3 maart 2018. Sjoen 4 maart 2018.