Springe nei ynhâld

Daddy's Home (film)

Ut Wikipedy
Daddy's Home
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sean Anders
produsint Will Ferrell
Adam McKay
Chris Henchy
John Morris
senario Brian Burns
John Morris
Sean Anders
kamerarezjy Julio Macat
muzyk Michael Andrews
filmstudio Red Granite Pictures
Gary Sanchez Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Will Ferrell
Mark Wahlberg
Linda Cardellini
byrollen Scarlett Estevez
Owen Vaccaro
Thomas Haden Church
Hannibal Buress
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 desimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $69 miljoen
opbringst $242,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Daddy's Home
● folgjend diel Daddy's Home 2

Daddy's Home is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2015 ûnder rezjy fan Sean Anders, mei yn 'e haadrollen Will Ferrell, Mark Wahlberg en Linda Cardellini. De titel betsjut "Heity is Thús". It ferhaal giet oer de kalme, saaie Brad Whitaker, dy't út alle macht besiket om in goede styfheit foar de bern fan syn frou Sara te wêzen. As er de bern einlings en te'n lêsten safier hat dat se him akseptearje, komt ynienen Dusty Mayron, de biologyske heit, op 'e lapen, dy't alles wer yn ûnstjoer bringt. Daddy's Home krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie kommersjeel tige súksesfol yn 'e bioskopen. Sadwaande kaam yn 2017 in ferfolchfilm út, mei as titel Daddy's Home 2.

De saaie, kalme Brad Whitaker, dy't derfan oertsjûge is dat alles mei praten en fertrouwensoefenings op te lossen is, wurket yn in liedingjaande posysje by in radiostjoerder dy't de hiele dei lichte jazz útstjoerd. Hy is steryl sûnt er in stikmannich jierren lyn by in besyk oan 'e mûlhygiënist in ûngelok hân hat wêrby't syn testikels bleatsteld binne oan röntgenstrieling. Lokkigernôch is er troud mei Sara, in tige kreaze frou mei twa lytse bern út in earder houlik: soan Dylan, fan acht, en dochter Megan, fan fiif. Brad docht alle war om in goede styfheit foar de bern te wêzen, al moatte dy earst hielendal neat fan him hawwe.

As hy en Sara acht moannen troud binne, begjinne de bern wat te ûntteien: Dylan freget Brad om rie as er op skoalle narre wurdt troch in groepke âldere skoalbern, en op 'e tekenings fan Megan komt Brad no libben foar ynstee fan dea, lykas earder. Op 'e dei dat Megan him freget om mei har nei in dûnsfeest foar heiten en dochters te gean op har skoalle, is Brad alhiel yn 'e wolkens.

Op in jûn wurde Brad en Sara út it neat wei ynienen opskille troch Dusty Mayron, de eks-man fan Sara en de biologyske heit fan Dylan en Megan. It docht bliken dat Sara him net ferteld hat dat se wertroud is. Dusty kundiget oan dat er de oare deis yn 'e stêd wêze sil, en Brad nûget him út om del te kommen om 'e bern te besykjen. Sara is it dêr alhiel net mei iens, want se wit dat Dusty in manipulative rotsak wêze kin, mar Brad hâldt har foar dat it wichtich foar de bern is om in bân mei harren biologyske heit te hâlden. Hy is wisberet om sjen te litten dat in heit en in styfheit op respektfolle wize mei-inoar omgean kinne.

Sadree't Dusty arrivearret, fielt Brad him lykwols daliks yntimidearre troch syn spierde uterlik, syn kreaze foarkommen, syn learene klean en syn stoere motorfyts. Op subtile wize set Dusty syn sjarme yn om 'e autoriteit fan Brad te ûndermynjen en syn bern foar himsels te winnen. Dêrta fertelt er harren by wize fan ferhaaltsje foar it koesen mearkes oer de kening dy't út syn kastiel ferdreaun is troch de boaze 'styfkening'. Dusty kin Brad mei wurden wol oer, en wit it foarinoar te krijen dat er in nacht útfanhûs bliuwe mei. As Brad de oare deis mei Sara ôfpraat om him te freegjen om no fuort te gean, einiget harren petear dermei dat Brad Dusty freget om noch in wike te bliuwen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dusty set Brad foar skut troch him derút sjen te litten as in rasist as er him de negroïde timmerman Griff ûntslaan lit. Boppedat wit er de herten fan syn bern te winnen mei útwrydske gebearten. Sa komt er thús mei in hûn sûnder dêr earst mei Brad en Sara oer oerlein te hawwen, en bout er mei de sarkastyske Griff (deselde dy't er Brad earder ûntslaan litten hat) yn 'e eftertún in reuseftige beamhutte en halfpipe om te skateboarden. Underwilens einigje alle dingen dy't Brad docht om yndruk op 'e bern te meitsjen yn triennen, lykas as er de kontrôle oer Dusty syn motor ferliest en by ûngelok it hûs yn en troch in pear muorren hinne riidt, of as er syn skateboardfeardichheden toane wol en sa heech springt dat er de heechspanningskeabels rekket.

As Griff by de frou weirekket, nûget Dusty him út om by Brad en Sara te útfanhûzjen. Ek fertelt er Brad dat Sara noch in bernewinsk hat, en dat is wat dêr't Brad har net mei helpe kin. As Brad oan syn frou freget oft dat wier is, jout Sara ta dat se yndie noch graach in lytsenien hawwe wolle soe. Om Brad syn ûnfermogen noch wat mear yn te wriuwen, biedt Dusty oan om Brad en Sara mei te nimmen nei in goekunde fan him, dokter Emilio Francisco, in ferneamd saakkundige op it mêd fan fuortplanting, dy't er in pear jier lyn traind hat foar in triatlon. Dat plantsje rint lykwols mis as Francisco fêststelt dat Brad net hielendal steryl is, en noch genôch 'goed' sperma hat om in bern oan te setten. (De dokter suggerearret dat dat in resultaat is fan 'e no gruttere testosteronproduksje fan Brad om't Dusty syn "territoarium" binnenkrongen is.)

Underwilens wurkje Brad en Dusty gear om Dylan te helpen tsjin it oanhâldende narjen fan it groepke âldere skoalbern. Dusty seit dat er se in stomp yn it gesicht jaan moat om se dan yn 'e ballen te traapjen; de ta pasifisme oerhingjende Brad jout ta dat geweld soms de iennichste mooglikheid is om fan narders ôf te kommen.

Op in stuit wurdt it Brad, dy't oars altyd fan it goede yn 'e minske útgiet, dúdlik dat Dusty fan doel is om him út it libben fan Sara en de bern te ferdriuwen, sadat er syn gesin weromhawwe kin. Hy konfrontearret Dusty mei dat fermoeden, en dy erkent dat er gelyk hat. Hy foeget deroan ta dat er Brad oprjocht in sympatike fint fynt, wat it allegear wat dreger makket, mar ek dat kin him net fan syn foarnimmen ôfbringe. Troch dy iepenhertichheid fan Dusty eskalearret de rivaliteit tusken him en Brad. De oare moarns, as eltsenien wekker wurdt, docht bliken dat Brad in krystbeam opset hat en it hiele hûs foarsjoen hat fan krystfersiering, hoewol't it mids april is. Hysels is ferklaaid as de krystman, dy't fan 'e Noardpoal kommen is nei't er fan Brad heard hie hoefolle feestdagen oft Dusty wol net mei syn bern mist hie. Njonken in oerfloed fan djoere krystkado's foar de bern en Sara (allegear fan Brad en net ien fan Dusty) hat Brad ek in pony foar Megan kocht en kaartsjes foar in NBA-basketbalwedstryd foar Dylan.

Dy jûns, by de wedstryd, docht bliken dat Brad $18.000 útjûn hat om op it lêste momint noch oan 'e kaartsjes te kommen, wat Sara poerrazen makket. De jûn rint foar Brad op in mislearring út as Dusty kunde blykt te hawwen oan ien fan 'e trainers, dy't Dusty, Sara en de bern útnûget om op 'e foarste rige te sitten, sadat de rottekrûddjoere sitplakken fan Brad ek noch leech bliuwe. Breinroer set Brad it op in drinken. As der yn it skoft in priis weijûn wurdt oan immen dy't fan 'e middenstip ôf in basketbal troch de hoep goaie kin en it lot op Brad falt, blykt er smoardronken te wêzen. Hy eamelet yn 'e mikrofoan dat er de jûns tefoaren noch seks hân hat mei Sara, dat as Dusty no syn sin kriget en wer by syn eks-frou weromkomt, hat it wol kâns dat er de styfheit fan Brad syn bern wurde sil, wat syn fertsjinne lean wêze soe. Dêrnei besiket er de basketbal te goaien, mar rekket by fersin earst in cheerleader fol yn it gesicht en dêrnei in handicapt jonkje dat op 'e earste rige sit, foar't er troch de befeiliging mei hurde hân út 'e arena ferwidere wurdt.

As er wer by sûpe en stút kommen is, ferlit Brad yn folsleine fernedering it hûs en set him tydlik nei wenjen yn syn kantoar op it wurk. Dusty sjocht syn kâns skoan en besiket it oan te lizzen mei Sara, mar sy smyt him en de noch altyd by harren ynwenjende Griff ek út 'e hûs. Neitiid besiket Dusty al Brad syn wurk as heit oer te nimmen, mar dat falt him noch raar ôf. Brad is net inkeld belutsen by de opfieding fan 'e bern, mar bringt se ek nei skoalle en hellet se wer op en riidt se nei sporttraining en muzyklessen en boartersôfspraken mei oare bern ta en docht frijwilligerswurk by de sportklub en de paadfinerij en de tsjerke en gean sa mar troch. It wurdt Dusty al gau tefolle, dat hy pykt út, krekt op 'e dei dat it dûnsfeest foar heiten en dochters holden wurde sil.

Griff siket Brad op syn wurk op en fertelt him wat der bard is. Hy fiteret him oan om wer yn 'e bres te springen, mei't Megan in ôfwêzige heit net fertsjinne hat. Brad lit him beprate, mar ynstee dat er sels nei it dûnsfeest giet, siket er yn in bar Dusty op om dy safier te krijen dat er derhinne sil. Dusty bychtet lykwols op dat er net omgean kin mei de drege parten fan it heitwêzen, en dat er Brad bewûnderet om't soks him sa maklik ôf giet. Brad hâldt lykwols oan, en úteinlik jout Dusty belies en stimt er deryn ta om nei it dûnsfeest ta, mar allinne as Brad meigiet.

Dat twaresom sette de beide mannen dy kant út, wêrnei't se ûntdekke dat de âldere skoalbern troch wa't Dylan allegeduerigen narre wurdt, eins famkes binne. Se besykje him noch tsjin te hâlden, mar komme te let as Dylan harren advys yn 'e praktyk bringt en de liedster fan 'e groep, in famke dat Serendipity hjit, yn it gesicht slacht en dan yn 'e skamstreek skopt. Dat liedt op in hier nei ta slaanderij tusken Dusty en de heit fan it famke, eat wat Brad wanhopich besiket foar te kommen. Dusty is hiel dizenich bleaun oer hokker wurk oft er no eins foar de kost docht, mar Brad hat tusken de regels troch begrepen dat er kommando is en betelle wurdt om foar de Amerikaanske oerheid yn it bûtenlân ûnwinske lju út 'e wei te romjen. De heit fan it famke lit him in hângemien lykwols net ûntprate. Nei in blik op syn tasjende bern beslút Dusty lykwols in earder advys fan Brad yn 'e praktyk te bringen troch der in dance-off fan te meitsjen ynstee fan in fjochtpartij. Neitiid fermoedsoenje Brad en Sara harren mei-inoar. Dusty en Brad binne no freonen wurden en Dusty leit him by de sitewaasje del en beslút in goede 'ko-heit' te wurden.

Will Ferrell.
Mark Wahlberg.
Linda Cardellini.

In jier letter hawwe Brad en Sara in lytsenien dy't se Griff neamd hawwe, wylst Dylan en Megan Brad no folslein akseptearre hawwe as styfheit. Dusty, dy't nij wurk fûn hat as discjockey by de radiostjoerder fan Brad, wennet skean foar harren oer en is wertroud mei Karen, dy't in dochter út in earder houlik hat, Adrianna. Sa is Dusty no sels styfheit wurden, en hy makket fierhinne itselde troch as Brad, mei't Adrianna neat fan him witte wol. De film einiget mei it toppunt fan irony as Dusty persiis yn deselde posysje as Brad komt te sitten: Roger, de biologyske heit fan Adrianna, dy't twaris sa spierd en stoer is as de yntimidearre Dusty, komt op in motorfyts opdaagjen en behannelet him krekt sa't er sels in jier lyn Brad behannele hat.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Brad Whitaker Will Ferrell
Dusty Mayron Mark Wahlberg
Sara Whitaker Linda Cardellini


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Megan Mayron Scarlett Estevez
Dylan Mayron Owen Vaccaro
Leo Holt Thomas Haden Church
Griff Hannibal Buress
dokter Emilio Francisco Bobby Cannavale
Doris Jamie Denbo
Karen Alessandra Ambrósio
Roger (cameo) John Cena
Jerry Bill Burr
man mei de Squidward Tentacles-strik Billy Slaughter
Serendipity Reba Elizabeth Carston
d.j. The Whip Paul Scheer
mûlhygiënist Mark L. Young
Jason Sinclair / Panda radio-d.j. Chris Henchy
himsels Kobe Bryant (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Daddy's Home waard regissearre troch Sean Anders nei in senario fan Brian Burns, John Morris en himsels op basis fan in idee fan Burns. As produsinten wiene Adam McKay, Chris Henchy, Morris en haadrolspiler Will Ferrell by it projekt belutsen foar de filmstudio's Red Granite Pictures en Gary Sanchez Productions. Foar Daddy's Home wie in budget fan $69 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Julio Macat, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Andrews.

De opnamen setten op 17 novimber 2014 útein yn New Orleans en duorren oant en mei 6 febrewaris 2015, trije dagen langer as ferwachte. Foar haadrolspilers Will Ferrell en Mark Wahlberg wie it de twadde kear dat se mei-inoar in film makken nei The Other Guys út 2010. De sêne mei de basketbalwedstryd waard op 21 jannewaris 2015 filme by in echte wedstryd tusken de Los Angeles Lakers en de New Orleans Pelicans. De 'cheerleader' dy't Will Ferrell dêrby in basketbal yn it gesicht goaide, wie eins stuntfrou en showwrakselster Taryn Terrell.

De distribúsje fan Daddy's Home waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 9 desimber 2015 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 25 desimber fan dat jier, krekt op 'e tiid foar de kryst, iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Daddy's Home kaam op 8 maart 2016 beskikber as digitale download en waard op 22 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Daddy's Home in min goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 119 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It stiet fêst dat Will Ferrell en Mark Wahlberg komyske gemy hawwe [op it wite doek], mar [dizze film] hat te lijen ûnder in gebrek oan wierlik grappige ideeën – en mist it lef of de ferbyldingskrêft om 'e satiryske mooglikheden fan it útgongspunt te ferkennen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Daddy's Home in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 30 resinsjes.

Daddy's Home brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $150,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $92,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $242,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $69 miljoen betsjut dat in winst fan $173 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film nettsjinsteande de minne resinsjes fan 'e filmkritisy kommersjeel tige súksesfol. It wie de meast opbringende live-actionfilm út 'e karriêre fan Will Ferrell. Foar syn rol as Brad Whitaker waard Ferrell nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory favorite akteur yn in komeedzje.

Mei it each op it kommersjele súkses fan Daddy's Home waard yn april 2016 de produksje fan in ferfolchfilm oankundige, dy't ienfâldichwei Daddy's Home 2 kaam te hjitten. Deselde makkers en deselde akteurs wiene dêrby belutsen, wylst ek John Lithgow en Mel Gibson meispilen. De film kaam yn novimber 2017 yn 'e bioskopen. Yn in fraachpetear yn 2017 fertelde Mark Wahlberg dat der plannen wiene foar in trêde film, dêr't se graach Liam Neeson foar freegje woene. (Anno 2021 is dy film lykwols noch net makke.)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.