Springe nei ynhâld

Kobe Bryant

Ut Wikipedy
Kobe Bryant
sporter
Kobe Bryant yn 2014
Kobe Bryant yn 2014
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kobe Bean Bryant
bynamme Black Mamba, Vino
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 23 augustus 1978
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
stjerdatum 26 jannewaris 2020
stjerplak Calabasas
lingte 1.98 m
sportive ynformaasje
sport basketbal
O.S. Peking 2008
Londen 2012
debút 1996
karriêre-ein 2016
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 2008, 2012
5x goud NBA kampioenskip 2000, 2001, 2002, 2009, 2010

Kobe Bean Bryant (Philadelphia, Pennsylvania, 23 augustus 1978 - Calabasas (Kalifornje), 26 jannewaris 2020) wie in Amerikaanske eardere basketbal-spiler, dy't syn folsleine tweintichjierrige profkarriêre foar de Los Angeles Lakers spile. Mei de Lakers waard Bryant fiif kear kampioen yn de NBA. Syn heit, Joe "Jellybean" Bryant, hat ek in ferline yn de NBA: hy spile foar de Philadelphia 76ers, de San Diego Clippers en de Houston Rockets.

Bryant groeide in part fan syn jeugd op yn Itaalje, om't syn heit dêr spile. Doe't Kobe Bryant as rookie yn de NBA kaam, waard er fuortendaliks beskôge as in mooglike opfolger fan Michael Jordan. Hy spile dêrfoar op de Lower Merion High School (yn Ardmore, by Philadelphia) en makke de stap nei de NBA sûnder dêrfoar collegebasketbal te spyljen.

Titels yn de NBA

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear jier nei syn debút as basisspiler groeide Bryant al út ta in superstjer. Mei Bryant, Shaquille O'Neal en coach Phil Jackson pakten de Lakers trije titels op rige: 2000, 2001 en 2002. Letter ûntstienen der hieltyd mear irritaasjes tusken de trije. Jackson neamde Bryant yn in boek net te coachen en Bryant fûn dat O'Neal net bot genôch foar de sport libbe.

Strafsaak ferkrêfting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 waard Bryant beskuldige fan ferkrêfting. In hotelmeiwurker sei dat Bryant har twongen hie ta seks. Bryant joech ta dat se seks hân hiene, mar dat it op frijwillige basis bard wie. De frou sette de strafsaak net troch, om't se har privacy beskermje woe en dus net yn it iepenbier tsjûgje woe.

Op moandei 23 jannewaris 2006 skoarde Bryant 81 punten yn de wedstriid tsjin de Toronto Raptors. Dêrmei stiet er op it twadde plak yn de list fan meast skoarende spilers yn ien wedstriid. Allinnich Wilt Chamberlain makke oait mear punten yn ien wedstriid: yn 1962 makke hy foar de Philadelphia Warriors 100 punten.

Yn dy jierren groeide Bryant yn de rol fan dirigint fan 'e ploech en tagelyk as ien fan de bêste skoarers yn de NBA. Syn ploech wie lykwols net sterk genôch om mei te dwaan yn de titelstriid.

Mear kampioenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêr kaam feroaring yn doe't de Lakers yn it seizoen 2007/2008 fersterking krigen: Pau Gasol kaam oer fan de Memphis Grizzlies. De Lakers einigen op it earste plak yn de Western Conference en Bryant waard útroppen ta MVP: de meast weardefolle spiler. Nei't de Lakers yn de play-offs Denver Nuggets, Utah Jazz en San Antonio Spurs, wêrtroch't de ploech foar it earst sûnt 2004 wer yn de finale stienen. Dêryn wiene de Boston Celtics fan Paul Pierce, Kevin Garnett en Ray Allen te sterk.

In jier letter wiene de Lakers noch hieltyd ien fan de sterkste teams yn de NBA en op 'e nij hellen se de finale. Diskear wie Orlando Magic dêryn de tsjinstanner. De Lakers wiene dúdlik te sterk en wûnen de finalerige mei 4-1. It wie it fjirde kampioenskip foar Bryant. Yn 2010 bedarren de Lakers wer yn de finale en no wie, krekt as yn 2008, de grutte rivaal de tsjinstanner: Boston Celtics. It waard in tige spannende finalerige. Nei seis wedstriden stie it 3-3 en dus moast de sânde wedstriid útslútsel bringe. Yn Los Angeles wûnen de Lakers mei 83-79, mei troch 23 punten fan Bryant. Hy waard foar de twadde kear (nei 2009) útroppen ta bêste spiler yn de NBA-finale.

Yn de jierren dêrnei foel de ploech stadichoan útinoar. De Lakers hellen de play-offs noch wol in pear kear, mar kamen net mear yn de finale. Op 12 april 2013 skuorde Bryant de achillessine. Acht moannen letter kaam er foar it earst wer yn aksje, mar hy waard nea wer de âlde.

Bryant naam ôfskied nei it seizoen 2015/2016, syn tweintichste seizoen yn de NBA, dy't er allegear foar de Lakers spile. It waard gjin topjier, mar de wize wêrop't Bryant syn alderlêste wedstriid spile, makke wol yndruk: tsjin Utah Jazz skoarde Bryant 60 punten. Dêrmei wie er de âldste spiler oait dy't dat foarinoar krige.

Olympyske Spullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bryant wûn twa kear goud mei de Feriene Steaten op de Olympyske Simmerspullen. By de Spullen fan 2008 stie Amearika yn de finale tsjinoer Spanje, dêr't Pau Gasol foar spile, doe ploechgenoat fan Bryant by de Lakers. Yn de finale wûn Amearika mei 118-107.

Fjouwer jier letter, by de Spullen yn Londen, stiene deselde twa lannen yn de finale. En op 'e nij wûn Amearika, diskear mei 107-100.

Bryant siet op 26 jannearis 2020 mei syn dochter Gianna en acht oare minsken oan board fan in helikopter doe't dy boppe Calabasas (yn de buert fan Los Angeles) delstoarte. Net ien fan de ynsitters oerlibbe it ûngemak.

Dear Basketball

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2017 waard de koarte animearre film Dear Basketball útbrocht op basis fan in gedicht dat Bryant skreau, doe't er oankundige op te hâlden mei basketbal. De film waard regissearre troch Glenn Keane en de muzyk kaam fan John Williams. Bryant wûn in Oscar foar bêste koarte animearre film foar de film.

Bryant troude op 13 april 2001 mei Vanessa Laine. Op 19 jannewaris 2003 waard har earste bern berne, Natalia. Op 1 maaie 2006 hie it pear in twadde bern, Gianna. En op 5 desimber 2016 waard Bianka berne, it tredde bern fan it pear.