Blood Father (film)
Blood Father | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jean-François Richet | |
produsint | Chris Biggs Peter Craig Pascal Cauchefeux Sebastien K. Lemercier | |
senario | Peter Craig Andrea Berloff | |
basearre op | de roman fan Peter Craig | |
kamerarezjy | Robert Gantz | |
muzyk | Sven Faulconer | |
filmstudio | Why Not Productions Wild Bunch | |
distribúsje | SND Films (ynternasjonaal) Lionsgate Films (Feriene Steaten) | |
spilers | ||
haadrollen | Mel Gibson Erin Moriarty | |
byrollen | Diego Luna William H. Macy Michael Parks Miguel Sandoval | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Frankryk | |
premiêre | 12 augustus 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Spaansk) | |
spyltiid | 88 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $15 miljoen | |
opbringst | $6,9 miljoen |
Blood Father is in Frânske, mar Ingelsktalige, aksjefilm út 2016 ûnder rezjy fan Jean-François Richet, mei yn 'e haadrollen Mel Gibson en Erin Moriarty. De titel betsjut "Bloedheit". It ferhaal folget John Link, in eks-krimineel en eardere alkoholist dy't fia ynfrijheidstelling ûnder betingst út 'e finzenis kommen is en syn libben wer op 'e rails besiket te krijen. Alle muoisume foarútgong dy't er boekt hat, wurdt ûngedien makke as syn fan him ferfrjemde dochter Lydia kontakt mei him opnimt om't de Meksikaanske drugskartels efter har oan sitte. Blood Father waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fan 2016. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar flopte yn 'e bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lydia is in jonge frou fan in jier as achttjin, njoggentjin, dy't troch har feint Jonah Pincerna nei in Amerikaanske supermerk stjoerd wurdt om in flinke foarried munysje yn te slaan foar de pistoalen fan himsels en de leden fan syn binde. Neitiid ride se nei in hûs dat Jonah ferhiert oan in húshâlding mei trije bern, wêrfan't de âldelju neffens him jild stellen hawwe dat de binde yn 'e romten tusken de muorren opslein hie. Nei't er de heit fermoarde hat, bringt er Lydia by de fêstbûne mem, drukt har in pistoal yn 'e hân en fertelt har dat sy de frou deasjitte moat om te bewizen dat er har fertrouwe kin. Al hoe't se ek troch Jonah ynpalme is, dit kin Lydia net dwaan, dat se rekket alhiel oerémis en sjit ynstee Jonah del, dy't yn 'e hals rekke wurdt. Se is derfan oertsjûge dat se him deade hat en naait halje-trawalje út foar syn binde.
Nei't se Santa Monica berikt hat, skillet se yn in tillefoansel har fan har ferfrjemde heit op, dy't se freget har op te heljen en jild te jaan, sadat se ûnderdûke kin. Har biologyske heit John Link is in eardere alkoholist dy't no twa jier 'drûch' stiet, mar noch altyd bot mei syn ferslaving ompakt. Hy is fia ynfrijheidstelling ûnder betingst út it tichthûs kommen, dêr't er in oansjenlik diel fan syn folwoeksen libben sliten hat. No wennet er yn in steancaravan yn in trailerpark yn 'e midden fan nearne en besiket er syn libben wer op 'e rails te krijen troch A.A.-gearkomsten by te wenjen en te wurkjen as tatoeëarder.
Link is al sûnt er frijkommen is op 'e siik nei Lydia, dy't inkele jierren lyn as teenager útnaaid is by Link syn eks-frou wei. Hy praat in plak mei har ôf, hellet har op en nimt har mei nei syn steancaravan, dêr't er ûntdekt dat se sawol alkoholiste as drugsferslaafde is. De oare deis ûntfangt Lydia op har mobile tillefoan in rige sms-berjochten mei deadsbedrigings fan 'e leden fan Jonah syn binde, dêr't se bot senuweftich fan wurdt. Se besiket har heit út te lizzen wat der oan 'e hân is, mar hâldt dielen fan it ferhaal efter om him net yn 'e swierrichheden te bringen. Dat liedt ta in ûnbegryplik relaas, dêr't Link neat fan leaut. Hy freget ried oan syn buorman Kirby, dy't tagelyk syn sponsor by de A.A. is. Dyselde riedt him oan om Lydia opnimme te litten yn in ôfkickklinyk, dêr't se dúdlik ferlet fan hat. Dat idee stiet Link lykwols tsjin, om't er it fanke noch mar krekt weromfûn hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wylst er noch mei it spul ompakt, arrivearret op in jûn nei tsjuster de binde fan Jonah by de steancaravan fan Link. Nei in wurdewikseling barrikadearje Link en Lydia harsels yn 'e caravan, dy't dêrnei trochsingele wurdt mei mitrailleurfjoer. As dat net it winske resultaat jout (dat Link en Lydia harren oerjouwe), ride de bindeleden mei har SUV op 'e caravan yn, dy't dêrtroch op 'e side kantelet. Ear't se Link en Lydia fierder tenei komme kinne, arrivearje Kirby en in stik as tsien, fyftjin oare buorlju fan Link, bewapene mei jachtgewearen, dy't de bindeleden op 'e flecht jeie. Kirby riedt Link oan om 'e saak fierder troch de plysje ôfhannelje te litten, mar Link riddenearret dat it oerdragen fan Lydia oan 'e plysje har ûnnedich yn gefaar bringe sil, en naait mei har út.
Underweis twingt Link syn dochter om him alles te fertellen oer wat der bard is foar't se kontakt mei him opnaam. Lydia seit dat se, nei't se fan hûs fuortrûn wie, in skoft by freonen útfanhûze hie, oant se op in feestje Jonah mette. Neffens har wie it foar harren allebeide leafde op it earste gesicht, wat Link betwifelet. Hy bea har oan om foar in ridlike hier yn in lytseftich hûs te wenjen dat er yn eigendom hie, mei as iennichst betingst dat se neat die om oandacht te lûken. Wat se doe noch net wist, wie dat Jonah en syn binde de romte tusken de muorren fan har hûs brûkten om yllegaal guod op te slaan: drugs en it jild dat se mei drugshannel fertsjinnen. Doe't se op in kear in feestje joech, rûn dat út 'e hân; ien fan 'e gasten sloech in fûst troch in gipsplaat en neffens Jonah ferdwûn der doe wat jild, hoewol't Lydia dêr neat fan ôfwist. Neitiid naam er har mei om munysje foar syn binde yn te slaan en in besyk te bringen oan in pear oare hierders fan him, dy't ek ta it opsleine jild sitten hiene.
Link en Lydia oernachtsje yn in motel, dêr't Lydia troch mei de jonge resepsjonist Jason te flirten oan 'e weet komt dat sy socht wurdt yn ferbân mei de dûbele moard op Jonah syn oare hierders. Mei help fan Jason witte sy en Link nauwerneed te ûntkommen oan 'e plysje en teffens oan in sicario, in hiermoardner yn 'e tsjinst fan in Meksikaansk drugskartel. De oare moarns siket Link earst in tillefoansel op en skillet nei de finzenis, dêr't er in boadskip efterlit foar syn eardere selgenoat, de bindelieder Arturo Rios: "Wa is Jonah Pincerna?" Neitiid reizgje hy en Lydia fierder om Preacher op te sykjen, Link syn âlde mentor, dy't út 'e finzenis bleaun is om't Link de mûle oer him tichtholden hat. Se hawwe Link syn auto nammentlik by it motel efterlitte moatten en de stellen auto dêr't se yn ûntkommen binne, hawwe se dumpt. Nij ferfier hat dêrom de heechste prioriteit, en Preacher hat Link syn âlde motorfyts noch altyd op 'e noed.
Preacher blykt in ymmorele hanneler yn Gestapo-unifoarmen, heakkekrúsflaggen en oar nazyguod te wêzen, dy't oan it haad stiet fan in motorbinde. Hy seit ta Link en Lydia helpe te sillen, mar de oare moarns feroaret er fan gedachten as er ûntdekt dat der in preemje fan $30.000 op 'e holle fan Lydia set is. Link wurdt Preacher en syn frou Cherise lykwols oermânsk en stelt it ôfseage jachtgewear dêr't Cherise him mei bedrige. Preacher daget him út om him dea te sjitten, mei't er derop rekkenet dat Link dat net dwaan wol no't er Lydia by him hat. Nei't Link en Lydia útpykt binne op 'e motor, krije se twa leden fan 'e motorbinde efter har oan, dêr't Link lykwols troch it jachtgewear te brûken handich mei ôfweeft.
Link lit Lydia efter yn in motelkeamer dêr't se har brune hier blond fervet. Sels giet er ûnderwilens op besite by Rios yn 'e finzenis dêr't er earder sitten hat. Rios fertelt him dat Jonah Pincerna de omkesizzer is fan in Meksikaanske kartelbaas. Hy is nei de Feriene Steaten 'ferballe' om't er fiersten tefolle oandacht loek. No giet er oer it smokkeljen fan drugsjild, mar dêr ferdwynt hieltyd mear fan. Rios is der frijwol wis fan dat Jonah sels dejinge is dy't it jild efteroerdrukt, en dat alle geweld dat er tsjin 'e lju brûkt dy't neffens him de dieven binne, inkeld bedoeld is om syn omke op in dwaalspoar te bringen. Underwilens kriget Lydia yn it motel in tillefoantsje fan Kirby, dy't har fertelt dat se yn gefaar is en har oanriedt om nei in plak te gean dêr't se ûnder de minsken is, sadat der in protte tsjûgen binne. Dan sil har grif neat oerkomme. Lydia, dy't gjin reden hat om Kirby te wantrouwen, set dêrom ôf nei de bioskoop, dêr't se lykwols opwachte wurdt troch Jonah, dy't de skotwûne oan syn hals oerlibbe hat, en syn binde. Hja ûntfiere har.
Nei't er de finzenis ferlitten hat, skillet Link Lydia op, mar kriget gjin gehoar. As er Kirby prebearret, nimt Jonah op, dy't him fertelt dat er Kirby finzen nommen hie en twongen hie om Lydia te foarskyn te lokjen. Dêrop sjit er Kirby dea wylst Link taharket en neat dwaan kin. Link warskôget him dat er Lydia better gewurde litte kin, om't er no wit dat Jonah sels de dief is. Ek kin er (fia Rios) mei Jonah syn omke yn kontakt komme, as er dat wol. Sa twingt er Jonah om yn te stimmen mei in ruil: himsels foar syn dochter. Se prate ôf op in ôfhandich plak yn 'e woastyn. Neitiid keart Link earst werom nei Preacher syn wente, dêr't er ynbrekt en in tas stelt, dy't er foltroppet mei stikmannich hângranaten en in lânmyn. As er fuort sil, treft er Preacher, dy't krekt thús komt, en dy't him mei in fjoerwapen te liif sil. Dêrby makket er lykwols de flater om earst Link ferbaal de mantel útfege te wollen. Link is no troch alles hinne en hat boppedat Lydia net by him, dat hy sjit Preacher fuortendaliks dea.
As er op it ôfsprutsen plak arrivearret, dêr't Jonah-en-dy al yn in pear auto's steane te wachtsjen, parkearret er syn motorfyts midden op it paad. De tas mei de hângranaten lit er op 'e motor sitte, wylst er de lânmyn ûnder de stander stoppet, sadat it gewicht fan 'e motor derop rêst. Hy lit him fêstbine troch Jonah syn mannen en wurdt by Lydia efteryn ien fan 'e auto's stoppe. Om fuort te kinnen, moat de motor fan it paad ôf helle wurde, mar as twa fan Jonah syn mannen oer dat putsje gear sille, en dêrta it gewicht fan 'e lânmyn ferwiderje, ûntploft dy, wat ek de hângranaten eksplodearje lit. De beide mannen binne kroandea, en Link makket fan 'e gaos gebrûk om in trêde trewant fan Jonah dy't by him en Lydia efteryn 'e auto sit, om te bringen. Jonah, dy't efter it stjoer siet, wit út 'e auto te kommen, en Link sjit him mei in bútmakke pistoal yn it skouder, mar hy naait út.
Link makket himsels en Lydia los en klimt mei har út 'e auto. Se wurde troch de sicario út in mûklaach wei besketten, wêrby't Link yn 'e skonk rekke wurdt. As se dekking sykje efter de oare auto, wurdt er nochris rekke, diskear yn 'e ûnderbúk. Troch yn dekking te bliuwen twingt er de sicario lykwols om foar 't ljocht te kommen, wêrnei't er him deasjit, mar sels in trêde skotwûne yn it boarst oprint. Link hjit Lydia dat se útnaaie moat, om't Jonah noch libben omrint, mar se wegeret him efter te litten. Nei't er har fertelt hat wat in geweldich fanke se is, sakket er yninoar en stjert, wylst in gûlende Lydia him oankrûpt. De troch Link warskôge plysje arrivearret krekt op 'e tiid om 'e útnaaiende Jonah yn te rekkenjen.
In jier letter fertelt Lydia yn in praatgroep dat se no in jier nofter en clean is. As se in tebekfal driget te krijen, tinkt se oan har heit, dy't syn libben foar har opoffere hat. Se fielt har oan him ferplichte om wat fan har libben te meitsjen en it net te fergriemen mei ferslavings. Underwilens is Jonah feroardiele foar moard. Hy bedarret yn deselde finzenis dêr't Link earder syn straf útsitten hat. As er yn 'e kantine syn miel bepluzet, komme der in stikmannich swiere jonges om him hinne te sitten. Arturo Rios nimt njonken him plak en glimket him kâldwei ta.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
John Link | Mel Gibson |
Lydia Carson-Link | Erin Moriarty |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jonah Pincema | Diego Luna |
Kirby | William H. Macy |
Tom "Preacher" Parker | Michael Parks |
Arturo Rios | Miguel Sandoval |
Jason (motelresepsjonist) | Thomas Mann |
Cherise Parker | Dale Dickey |
de "Skjinmakker" (sicario) | Raoul Trujillo |
Choop | Daniel Moncada |
Joker | Richard Cabral |
Shamrock | Ryan Dorsey |
Elisabeth Röhm soe oarspronklik de rol spylje fan John Link syn eks-frou, de mem fan Lydia, mar dy rol waard úteinlik út it ferhaal knipt.
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blood Father waard regissearre troch Jean-François Richet nei in senario fan Peter Craig en Andrea Berloff op basis fan Craig syn roman Blood Father út 2005. As produsinten wiene Chris Biggs, Pascal Cauchefeux, Sebastien K. Lemercier en Craig by it projekt belutsen foar de filmstudio's Why Not Productions en Wild Bunch. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Gantz, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Sven Faulconer. De opnamen foar Bood Father setten op 5 juny 2014 útein yn Albuquerque, yn Nij-Meksiko. Yn dy Amerikaanske steat waard de hiele film opnommen. De lêste filmdei foel op 3 july.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Blood Father waard ynternasjonaal fersoarge troch SND Films, mar yn 'e Feriene Steaten troch Lionsgate Films. De film waard foar it earst fertoand op 21 maaie 2016, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Op 12 augustus fan dat jier iepene er yn 'e Amerikaanske bioskopen.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Blood Father oer it algemien positive resinsjes. Ek resinsinten dy't net folle op hiene mei de film, priizgen it aktearjen fan haadrolspiler Mel Gibson. Sa skreau Owen Gleiberman fan Variety: "[De film] is rommel, mar hy makket wol dúdlik hoe'n bejeftige en ynnimlike akteur oft Mel Gibson wêze kin." Dêr heakke er oan ta dat Blood Father "him de kâns jout om sjen te litten dat er 'it' noch altyd hat." Yn The New York Times skreau Manohla Dargis: "Gibson set op oertsjûgjende wize in oan legerwâl rekke John Wayne del, mei in los, enerzjyk optreden, in sekuere komyske timing en in amusearre, selsbewuste glinstering yn 'e eagen dy't tinken docht oan Lethal Weapon."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Blood Father in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 97 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] makket eltse ferwachting wier dy't in filmfan hawwe kinne soe fan in aksjeskriller mei sa'n titel út it lettere part fan 'e karriêre fan Mel Gibson – en oertreft dy yn guon opsichten sels rom." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Blood Father in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 16 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blood Father brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $6,9 miljoen op. As men dy opbringst ôffset tsjin it budget fan $15 miljoen, komt dat del op in ferlies fan $8,1 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |