Blackway

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Blackway
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Blackway logo.png
makkers
regisseur Daniel Alfredson
produsint Rick Dugdale
Ellen Goldsmith-Vein
Anthony Hopkins
Gregory Jacobs
Lindsay Williams
senario Joseph Gangemi
Gregory Jacobs
basearre op it boek fan Castle Freeman jr.
kamerarezjy Rasmus Videbæk
muzyk Anders Niska
Klas Wahl
filmstudio Enderby Entertainment
The Gotham Group
Electric Entertainment
distribúsje TW Media Events (Kanada)
spilers
haadrollen Anthony Hopkins
Julia Stiles
Ray Liotta
Alexander Ludwig
byrollen Hal Holbrook
Lochlyn Munro
Dale Winson
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Canada.svg Kanada
premiêre 10 juny 2016
foarm langspylfilm
sjenre skriller
taal Ingelsk
spyltiid 90 minuten

Blackway (yn 'e measte Jeropeeske lannen útbrocht as Go with Me) is in Amerikaansk-Kanadeeske skrillerfilm út 2016 ûnder rezjy fan Daniel Alfredson, mei yn 'e haadrollen sir Anthony Hopkins, Julia Stiles, Ray Liotta en Alexander Ludwig. De film is basearre op 'e novelle Go with Me, út 2008, fan 'e Amerikaanske skriuwer Castle Freeman jr. It ferhaal giet oer in jonge frou dy't stalkt wurdt troch de pleatslike ûnderwrâldbaas en der mei in pear mannen dy't har helpe wolle, op út giet om ferhaal te heljen. Blackway waard yn 2015 al fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, mar kaam pas yn 2016 yn 'e bioskopen.

Titel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film is basearre op 'e novelle Go with Me. Go with Me wie ek de titel fan 'e film foar't er útbrocht waard, en ûnder dy namme waard er yn 2015 fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Neitiid waard de film lykwols yn 'e Feriene Steaten útbrocht ûnder de titel Blackway, en yn guon oare lannen, bgl. yn it Feriene Keninkryk en ferskate oare Jeropeeske lannen, as Go with Me.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in plak op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Oregon, mei in pleatslike ekonomy dy't benammen draaid op 'e houtyndustry, knapt de jonge servearster en ynfallearares Lillian it hûs op dat se koartby urven hat fan har mem. Se is hjir opgroeid, mar hat neitiid jierren yn Seattle wenne. Nei har memme ferstjerren is se lykwols weromkommen, mei om't har eardere freon al har sparjild oan drugs útjûn hat. Lillian is lykwols it slachtoffer fan in gefal fan stalking troch in pleatslike man, dy't Blackway hjit. As se op in jûn let noch oan it fervjen is en de kat derút lit, stiet er ynienen wer by har yn it doarsgat. Se smyt de doar ticht en docht dy op 't slot, en fertelt him dan troch de doar hinne wêr't er om har hinne rinne kin, mar letter dy jûns ûntdekt se dat er in rút fan har auto ynslein hat en fynt se har kat ûnthalze werom.

Lillian riidt mei it kattelyk nei it pleatslike plysjeburo, dêr't se mei in grut kokenmês by har de rest fan 'e nacht yn har auto mei in ôfplakt rút trochbringt. As de oare moarns ier sheriff Wingate opdaagjen komt, besiket se Blackway oan te jaan. Sadree't de sheriff lykwols de namme 'Blackway' heart, wurdt er tige foarsichtich. Hy riedt Lillian oan om har memme hûs te ferkeapjen foar hokfoar reedlik bedrach se der sa gau mooglik ek mar foar krije kin, en dan te sjen dat se fuortkomt. Lillian jout oan dat se net fan doel is om har fuortjeie te litten. Geandewei it petear mei de sheriff wurdt har lykwols dúdlik dat Richard Blackway net samar mislike fint is, mar in krimineel foar wa't eltsenien, ek de sheriff, skitende benaud is, en dy't sadwaande yn it lytse plak oan 'e râne fan 'e wyldernis straffeleas syn gong gean kin.

Hoewol't sheriff Wingate sympatyk foar Lillian oer stiet, is der gjin hier op syn holle dy't deroer tinkt om Blackway oan te pakken. Uteinlik riedt er Lillian oan om ris by de houtseagerij te sjen oft se dêr in man fine kin dy't Scotty hjit. Mooglik dat dy har helpe kin. Dat, nei't se weromkeard is nei hûs om har kat te begraven, giet Lillian nei de houtseagerij ta, dêr't in stikmannich âlde mantsjes yn it kantoar omhingje yn it selskip fan 'e gewante jonge arbeider Nate. Lillian freget de eigner fan it bedriuw, de op krukken rinnende Whizzer, oft Scotty der ek is, mar Whizzer en syn maten antwurdzje dat dy op it stuit bûten it plak op famyljebesyk is. Op 'e fraach wat se mei Scotty wol, leit Lillian har sitewaasje út. Sadree't se de namme fan Blackway neamt, riedt Whizzer har ek oan om sa fluch mooglik it plak te ferlitten en werom te gean nei Seattle, of nei Portland, of wêr dan ek. Lillian ferlit it kantoar opsternaat, en har sin wurdt der net better op as har auto net wer starte wol.

Yn it kantoar beprate de mannen de kwestje. It docht bliken dat Blackway jierrenlang ien fan sheriff Wingate syn helpsheriffs west hat, dat de leffe sherrif wit as gjin oar wêr't er ta yn steat is. Whizzer freget de oaren oft ien fan harren mei it fanke gean wol, en biedt in wike trochbetelling fan lean oan, mei betelling fan 'e begraffenis dêr noch op ta. De measte oare âlde mantsjes fine dat in goede grap, mar ien fan harren, Lester, dy't ûnderwilens troch it rút Lillian har meneuvels by har stikkene auto folge hat, antwurdet dat hy wol mei har gean sil. Whizzer, dy't dat net ferwachte hie, freget him oft er wol wis fan dat beslút is, mar Lester bliuwt derby, en hy freget Nate om ek mei te kommen. De jonge, stammerjende Nate, dy't wend is om te dwaan wat Lester seit, hat dêr gjin beswier tsjin. Tegearre geane se nei bûten ta en jouwe se har by Lillian, en nei't Lester mei in blik ûnder de motorkap fêststeld hat dat har auto foarearst nearne mear hinne giet, sette se ôf yn Nate syn pickuptruck.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Se geane earst nei Lester syn hûs ta, dêr't de oprit folstiet mei mooltsjes op stokjes. Wylst de âldman yn 'e hûs giet, fertelt Nate oan Lillian dat Lester dy dingen yn syn frije tiid sels makket. Foarhinne ferkocht syn frou se, mar dy is útnaaid mei de toskedokter. Lester syn dochter hat selsmoard dien troch in oerdoazis drugs te nimmen. (De yndruk wurdt jûn dat Lester net folle mear hat om foar te libjen en it miskien dêrom wol tsjin Blackway opnimme wol.) As Lester wer bûtendoar komt, hat er in grut, mei doek ynpakt foarwerp by him, dat de foarm hat fan in ûnbidich grut gewear. As Lillian him dêrnei freget, hâldt er lykwols út dat it gerdynrails binne. Lillian begjint har wat ûnnoflik te fielen oer de bedoelings fan 'e âldman, mar lit it fierder gewurde.

Underwilens komt by de houtseagerij Scotty opdaagjen, dy't earder as ferwachte werom is fan syn famyljebesyk. Whizzer en de oare beide âlde mantsjes fertelle him oer Lillian har besyk. Scotty beart lykwols dat er gjin idee hat wêrom't sheriff Wingate it fanke nei him ta stjoere soe. Whizzer, dy't it spultsje net meispylje wol, seit dat it miskien wat te krijen hawwe kin mei dy kear dat Scotty slaanderij hie mei Blackway en trije fan syn mannen. In hommelse flashback lit sjen hoe't Scotty troch Blackway yninoar skopt wurdt wylst er al warleas en ûnder it bloed op 'e flier leit. Scotty hâldt lykwols fol dat er gjin problemen mei Blackway hat.

Lester, Nate en Lillian geane op besite by Fitzgerald, in foarman fan in team houtsjers dy't konneksjes mei Blackway hat. De swittende, senuweftige Fitz, dy't earst út in mok drinkt, mar úteinlik gewoan de drankflesse oan 'e lippen set, begroetet harren by de foardoar mei in pistoal en mei in hûn dy't sines net is. As Lester him oan 'e praat kriget, fertelt er dat Blackway koartlyn by him kaam mei in kontrakt foar it roaien fan in boskperseel by McKee Mountain, dat er mei de eigner yn Portland sletten hie. Dat, Blackway krige syn kommisje en Fitz-en-dy giene oan it wurk. Ofrûne moandei stie der ynienen in abbekaat by him op 'e stoepe: de eigner fan it perseel wist nearne fan, útsein dat er no in perseel bosklân sûnder beammen hie. Fitz waard dêr ferantwurdlik foar holden en hy soe noch fierder fan 'e abbekaat hearre. Dat Fitz risselwearre om tiisdei nei sheriff Wingate ta om Blackway oan te jaan foar oplichting. Yn in flashback is te sjen hoe't Fitz en syn frou Cynthia dy nachts wekker wurde as Blackway oan it fuottenein fan harren bêd sit mei harren lytse dochterke Heidi op 'e knibbel, dy't er in grut mês op 'e kiel set hat. Blackway hat heard dat Fitz him oanjaan wol. Hy warskôget him: as er wer delkomme moat, sjogge Fitz en de frou de lytse Heidi nea wer werom.

Fan Fitz wit Lester los te krijen dat Blackway by Diamond Mountain in ploech houtsjers oan it wurk hat. Mooglik dat er dêr is. Dat, trijeresom ride Lester, Nate en Lillion dêrhinne, dêr't se fan ien fan 'e houtsjers te hearren krije dat Blackway mooglik yn 'e kroech The Fort is. By de kroech sjogge se Blackway syn auto net stean, mar wol de motorfyts fan Murdoch, dy't as boekhâlder foar al Blackway syn lûsje saakjes fungearret. Se geane der nei binnen ta en Lester sprekt Murdoch oan, mar dy beart dat er net wit wa't Blackway is. As Lester him de sitewaasje mei Lillian útleit, jout Murdoch har de rie om Blackway mar op alle mooglike manearen tewille te wêzen, wêrby't er suggerearret dat orale seks in goed begjinpunt is. As Nate foar har opkomt, narret Murdoch him om syn stammerjen, mei as gefolch dat Nate him in kopstjit ferkeapet. De beide mannen reitsje oan it fjochtsjen, wêrby't Murdoch in mês oanrikt kriget fan 'e barkeeper. As er Nate dêrmei stekke sil, rikt Lester lykwols kalmkes fansiden en bûcht ien fan Murdoch syn fingers efteroer oant er brekt. Dêrnei witte Lester, Nate en Lillian mar nauwerneed oan Murdoch syn meistanners te ûntkommen. Underweis by de kroech wei wol Lillian út 'e auto, mei't it spul har tefolle eskalearret, mar Lester makket har dúdlik dat it dêr no te let foar is.

It is no om 'e middeisoere hinne, en se ride nei in kafetaria ta dêr't Lester yn 'e koken in petear hat mei Chris, de kok. Chris is in âld-detinearre dy't foarhinne ferslave wie oan drugs. No is er lykwols al hast in fearnsjier clean. Lester wol fan him witte wêr't Blackway is, en nei wat tsjinakseljen riedt Chris him oan om ris by it motel te sjen dat troch Blackway oernommen is. Hy heakket dêr lykwols in warskôging oan ta, want neffens him is Blackway no oan kop en earen ta behelle yn 'e hannel yn drugs as crystal meth en heroïne, en hat er kriminelen fan bûten de mienskip oanlutsen om him dêrby te helpen.

Lester, Nate en Lillian geane nei it motel, dêr't Blackway in bordeel fan makke hat mei drugsferslaafde en foar in part minderjierrige prostituees. Yn in flashback wurdt toand dat Lester ek in persoanlike reden hat om wraak te nimmen op Blackway. Underweis nei hûs fan 'e kremaasje fan syn dochter wurdt er oanholden troch Blackway, dy't dan noch helpsheriff is. Der wurdt suggerearre dat Blackway ferantwurdlik is foar it oan 'e man bringen fan 'e drugs dêr't Lester syn dochter oan ferslaafd wie en dy't se úteinlik brûkt hat om selsmoard te dwaan. Feilich yn syn machtsposysje as plysjeman hellet de sadistyke Blackway Lester del en ferwyt er him in minne heit west te hawwen, eat dat grif de reden west hawwe sil foar de selsmoard fan syn dochter.

Lester giet allinne op ûndersyk út yn it motel, en harket in petear fan Blackway mei ien fan syn trewanten ôf, dat oer him, Nate en Lillian giet. Blackway hat op dat stuit dúdlik noch net foar it ferstân wa't se binne. Hy set ôf op in motor en Lester mist syn kâns om mei him ôf te weven om't er syn gewear yn 'e auto lizze litten hie. Hy giet werom nei de auto en kringt mei Nate en Lillian op 'e nij it motel yn om te sjen oft se útfine kinne wêr't Blackway hinne gien is. Dat slagget net, mar Lillian merkt in jonge prostituee op dy't se weromken as Trudy, in famke dêr't se mei op skoalle sitten hat. Trudy is neaken mei hanboeiens oan it hollenein fan in bêd fêstset. Wylst Lester en Nate har bewekkers ôfliede, befrijt Lillian har. Lester stelt in pistoal fan ien fan Blackway syn trewanten, wylst Nate mei in ôfseage jachtgewear in gat yn in panne sjit dêr't meth yn sean wurdt. It gefolch is dat it hiele motel yn 'e brân rekket. Lester sjit Blackway syn trewant yn 'e foet yn in uterste besykjen om ynformaasje te krijen, mar de man lit neat los. Yn 'e gaos dy't troch de brân feroarsake wurdt, witte Lester, Nate en Lillian mei Trudy te ûntkommen.

Neitiid set Lillian Trudy op 'e bus, sadat it fanke sa gau mooglik bûten berik fan Blackway komme sil. Lester hat der in hurde holle yn dat it noch goedkomme sil mei harren syktocht, want hy is bang dat Blackway no harren fine sil ynstee fan sy him. As Lillian weromkomt, docht lykwols bliken dat Trudy har út tankberens ferteld hat dat Blackway in skûlplak by de âlde goudmyn yn 'e Town Woods hat, in reuseftich wâld fan 26.000 hektare echte wyldernis. Lester is dêr bekend, want dat is wêr't er as jongfeint syn wurkpaad as houtsjer úteinset is. Troch wat Blackway-en-dy Trudy oandien hawwe, is Lillian der no fan oertsjûge rekke dat Blackway in kankerswolm is dêr't wat dien wurde moat, as it net oars kin mar troch him te fermoardzjen.

Wylst it trijetal nei it wâld riidt, fertelt Whizzer yn it kantoar fan 'e houtseagerij oer de gefaren fan 'e Town Woods, dêr't jierren en jierren lyn fjouwer Kanadeeske houtsjers út Britsk-Kolumbia ris spoarleas ferdwûn binne. Doe't der al in skoft gjin kontakt mear wie mei de mannen, stjoerde it bedriuw dêr't se foar wurken ien om harren te sykjen, en trof harren ark en reau en klean yn 'e blokhutte oan, dêr't sels de itensboarden mei iten noch op 'e tafel stiene, mar fan 'e mannen waard nea wat weromfûn.

Tsjin 'e jûn arrivearje Lester, Nate en Lillian by de âlde goudmyn, dêr't ferskate âlde gebouwen en autowrakken steane. Lester pakt syn 'gerdynrails' út; it pakket befettet eins in âld guozzeroer, dat sa grut is dat it suver wol foar in kanon trochgean kin. Hy jout Nate opdracht om in moai grut fjoer te meitsjen, wylst er sels eefkes om him hinne sjen wol om oantinkens op te heljen. As Lillian freget hoe't it sit mei Blackway, stelt Lester har gerêst troch te sizzen dat se him mei syn auto al fan fierrens ôf oankommen hearre sille. Nate en Lillian bliuwe allinnich mei it stellene pistoal by it grutte kampfjoer efter en reitsje oan 'e praat, wêrby't der dúdlik in beskate seksuële oantrekking tusken harren bestiet. Dan dûkt Blackway ynienen op, dy't Lillian in pistoal tsjin 'e holle oan set. Lester, dy't soks blykber ferwachte hie, is ûnderwilens mei syn guozzeroer yn in âld autobus krûpt, dêr't er Blackway wei deasjitte wol. Ear't er dat dwaan kin, springt Nate de krimineel lykwols op 'e hûd en ûntjout der him in fjochtpartij tusken de beide mannen, wylst Lillian wanhopich oer de grûn siket nei it stellene pistoal en de kûgels dy't Blackway fuortsmiten hat.

As Lester einlings wer in kâns kriget om Blackway dea te sjitten sûnder Nate te reitsjen, wurdt er ynstee sels delsketten troch Murdoch, dy't him fan efteren beslûpt hat. Blackway wit Nate bewusteleas te slaan, mar ûnderwilens is Lillian mei it pistoal en twa kûgels ûntkommen. Wylst Blackway efter har oan giet, klimt Murdoch yn 'e bus om Lester ôf te meitsjen. Hy wurdt der lykwols daliks wer útskuord troch Nate, dy't wer bykommen is. Lillian siket beskûl yn ien fan 'e gebouwen en fergriemt har beide kûgels troch troch in doar hinne op Blackway te sjitten. Se ûntkomt troch in rútsje, mar rekket dêrby ferwûne oan har skonk troch in glêsskerf. Nate huft Murdoch del, dy't dêrby op in âld masine delkomt en syn nekke brekt. As Blackway Lillian byhelle hat en har delslacht, dûkt op dat stuit efter him Lester op, dy't him fuortblaast mei in skot fan tichteby út it guozzeroer.

Neitiid jout Lester oan Nate opdracht om 'e liken fan Blackway en Murdoch it wâld yn te slepen en dêr efter te litten. Dêr sille de prêrjewolven en rôffûgels se opromje, sadat der mei in wike neat fan harren oer is. As Lillian letter it foarfallene beprakkesearret, komt se ta de konklúzje dat Lester har en Nate as lokies brûkt hat doe't er harren by it kampfjoer efterliet. Lester jout dat grif ta. Hy leit út dat Blackway himsels as de grutste smearlap yn 'e wide omkriten beskôge, en miende dat nimmen him wat doare soe te dwaan. Dat makke him slordich en foarsisber. Dêrtroch hie de op ien nei grutste smearlap in kâns om him út te skeakeljen.

As de dage oan 'e loft is, sette Lester, Nate en Lillian ôf werom nei hûs. As Whizzer, dy't moarns ier de houtseagerij iepenet, Nate syn pickuptruck foarbyriden sjocht, wit er dat it plak tsjin alle ferwachting yn einlings en te'n lêsten fan Blackway ferlost is. Lester lit him ôfsette by him thús, wêrnei't Lillian en Nate fierder ride. De fonk dy't tusken harren oerspringt is dúdlik te sjen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lester sir Anthony Hopkins
Lillian Julia Stiles
Richard Blackway Ray Liotta
Nate Alexander Ludwig


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Whizzer Hal Holbrook
Murdoch Lochlyn Munro
sheriff Wingate Dale Wilson
Fitzgerald Steve Bacic
Trudy Tara Arroyave
Coop John Tierney
D.B. Glenn Beck
Scotty Cavanaugh Aaron Pearl
Chris Chris Gauthier
Cynthia Fitzgerald Kendra Hesketh
Heidi Fitzgerald Audrey Smallman
Sammy Sam Bob
Skell Aleks Paunovic

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blackway waard regissearre troch de Sweedske regisseur Daniel Alfredson nei in senario fan Joseph Gangemi en Gregory Jacobs. It skript wie basearre op 'e novelle Go with Me, fan Castle Freeman jr., út 2008. As produsinten wiene by it projekt belutsen Rick Dugdale, Ellen Goldsmith-Vein, haadrolspiler Anthony Hopkins, senarioskriuwer Gregory Jacobs en Lindsay Williams foar de filmstudio's Enderby Entertainment, The Gotham Group en Electric Entertainment. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rasmus Videbæk, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Anders Niska en Klas Wahl.

De opnamen fan Blackway setten op 12 novimber 2014 útein yn Enderby, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, hoewol't de film eins spile yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Der waarden ek sênes opnommen yn Lumby (Britsk-Kolumbia). De lêste opnamedei foel yn ein desimber 2014. Blackway waard op 11 septimber 2015 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. It duorre lykwols noch oant 10 juny 2016 foar't de film yn premiêre gie yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blackway krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in goedkarringspersintaazje fan 20%, basearre op 5 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hie mids 2020 noch gjin goedkarringspersintaazje fêststeld wurde kinnen fanwegen in tekoart oan resinsjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.