Springe nei ynhâld

Daniel Alfredson

Ut Wikipedy
Daniel Alfredson
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Daniel Björn Alfredson
nasjonaliteit Sweedsk
berne 23 maaie 1959
berteplak Stockholm (Sweden)
etnisiteit Sweedsk
wurkpaad
wurksum as filmregisseur, filmprodusint, senarioskriuwer
bekenste
  produksje(s)
Mannen på Balkongen
Flickan som Lekte med Elden
Luftslottet som Sprängdes
jierren aktyf 1993 – no
prizen Guldbagge
offisjele webside
gjint

Daniel Alfredson (folút: Hans Daniel Björn Alfredson; Stockholm, 23 maaie 1959) is in Sweedsk filmregisseur, filmprodusint en senarioskriuwer. Hy hat om utens benammen bekendheid krigen as regisseur fan twa dielen fan 'e Millennium-trilogy: Flickan som Lekte med Elden (ynternasjonale titel: The Girl Who Played with Fire) en Luftslottet som Sprängdes (The Girl Who Kicked the Hornets' Nest).

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alfredson waard yn 1959 berne yn 'e Sweedske haadstêd Stockholm, as de soan fan akteur, regisseur en komyk Hasse Alfredson en dy syn frou Gunilla. Hy hat in âldere broer, Tomas, dy't ek regisseur is (bekend fan 'e film Tinker Tailor Soldier Spy), en in suster, Sofi. In twadde broer, Mats, stoar al jong yn 1967.

Alfredson rekke al ier belutsen by de tillefyzje- en filmyndustry, en wie by de tiid lâns aktyf as regisseur, senarioskriuwer, lûdstechnikus, rezjy-assistint en yn ferskate oare funksjes. Ek wied er by twa films as filmprodusint belutsen, te witten: Porttelefonen (1986) en Pistvakt (2005). Yn 1973 spile er ek as akteur yn 'e tillefyzjesearje Kvartetten som Sprängdes.

Syn debút as regisseur makke Alfredson yn 1991, mei de film Ytspänning. Yn 1993 regissearre er twa (fan 'e yn totaal seis) tillefyzjefilms wêrmei't de boeken fan Per Wahlöö en Maj Sjöwall oer de Sweedske resjersjeur Martin Beck ferfilme waarden: Roseanna en Mannen på Balkongen. Yn 1994 waard him foar Mannen på Balkongen (letterlik: "De Man op it Balkon") de Guldbagge (de wichtichste Sweedske priis op it mêd fan 'e filmkeunst) takend foar it bêste senario.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren regissearre Alfredson benammen tillefyzjesearjes, lykas Den Täta Elden (1995) en Emma Åklagare (1997), en de tillefyzjefilm Dödsklockan (1999). Op it mêd fan films begûn er doe mei mear eksperiminteel, stilistyske en estetysk wurk, lykas Tic Tac (1997) en Straydogs (1999). Foar Tic Tac wûn Alfredson yn 1998 de Guldbagge foar bêste regisseur.

Yn 'e 2000-er jierren makke Alfredson de film Syndare i Sommarsol (2001) (letterlik: "Sûnders ûnder de Simmersinne"), en ek Varg (2008) (letterlik: "Wolf"), nei in senario fan Kerstin Ekman. Hy waard bûten Sweden lykwols pas bekend doe't er twa yn 2009 útkommen dielen fan 'e Millennium-trilogy regissearre, dy't basearre wiene op 'e boeken fan Stieg Larsson. Dêrby gie it om 'e films Flickan som Lekte med Elden (letterlik: "It Famke dat mei Fjoer Boarte"; ynternasjonale titel: The Girl Who Played with Fire) en Luftslottet som Sprängdes (letterlik: "It Loftkastiel dat Opblaasd Waard"; ynternasjonale titel: The Girl Who Kicked the Hornets' Nest).

Neitiid makke Alfredson noch twa Sweedske films, Odjuret (2012) (letterlik: It Undier) en Skumtimmen (2013) (ynternasjonale titel: "Echoes of the Dead"). Dêrnei ferfear er nei de Feriene Steaten, dêr't er op 'e krêft fan syn Millennium-films oan it wurk koe as regisseur. Hy regissearre yn 2015 Kidnapping Freddy Heineken, de Amerikaanske remake fan it Nederlânske De Heineken Ontvoering. Datselde jiers kaam fan Alfredson ek de skrillerfilm Blackway út, mei sir Anthony Hopkins yn 'e haadrol. Dêrnei gied er oan it wurk mei de Intrigo-trilogy: Intrigo: Death of an Author (2018), Intrigo: Samaria (2019) en Intrigo: Dear Agnes (2019).

Filmografy as regisseur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1991 – Ytspänning
  • 1993 – Roseanna (tillefyzjefilm)
  • 1993 – Mannen på Balkongen (tillefyzjefilm)
  • 1995 – Den Täta Elden (tillefyzjesearje)
  • 1996 – Cluedo: En Mordgåta (tillefyzjesearje)
  • 1996 – En Fri Mand
  • 1997 – Tic Tac
  • 1997 – Emma Åklagare (tillefyzjesearje)
  • 1998 – Rymd
  • 1999 – Dödsklockan (tillefyzjefilm)
  • 1999 – Straydogs
  • 2000 – 10:10
  • 2001 – Syndare I Sommarsol
  • 2008 – Varg (ynternasjonale titel: Wolf)
  • 2009 – Flickan Som Lekte med Elden (ynternasjonale titel: The Girl Who Played with Fire)
  • 2009 – Luftslottet Som Sprängdes (ynternasjonale titel: The Girl Who Kicked the Hornets' Nest)
  • 2012 – Odjuret
  • 2013 – Skumtimmen (ynternasjonale titel: Echoes from the Dead)
  • 2015 – Kidnapping Freddy Heineken
  • 2015 – Blackway
  • 2018 – Intrigo: Death of an Author
  • 2019 – Intrigo: Samaria
  • 2019 – Intrigo: Dear Agnes

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.