Jolderenbosk
De Jolderenbosk is in diel fan de gemeentebosken yn Gaasterlân en wurdt beskôge as it âldste diel dêrfan. De bosk leit besúdwesten fan Aldemardum en is sa'n 20 ha. grut. It heechste punt is mear as 12 meter boppe N.A.P. en jout in moai útsjoch oer de Súdfennens polder op de Iselmar.
De oerbosken by Riis fan eartiids hawwe yn de 17e iuw romte makke foar kultuerbosken dy't oanlein waarden troch de Amsterdamske regint Hiob de Wildt (1637-1709) om syn status oan te jaan. Hy die dat middels in symmetryske styl yn in symmetryske opset fan leanen en fearten. Doe't de famylje Van Swinderen him nei wenjen sette krige de bosk in ekonomyske betsjutting en waarden ikehakhout oanplante. Om-ende-by 1800 waard de bosk útwreide mei oanplante op boulân. It bestiet meast út iken mei ûnderbeplanting fan nuddelhout. De Jolderenbosk stiet al oanjûn op kaarten fan Schotanus út 1698. Yn de bosk stiet in loftwachttoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|