John M. Chivington
John M. Chivington | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | John Milton Chivington | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 jannewaris 1821 | |
berteplak | Lebanon (Ohio) | |
stoarn | 4 oktober 1894 | |
stjerplak | Denver (Kolorado) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1865 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | kolonel (sûnt 1862) | |
befel | 1e Frijw. Kav.reg. f. Kolorado 3e Frijw. Kav.reg. f. Kolorado | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Kolorado-oarloch | |
treffen(s) | Slach by Glorieta Pass Bloedbad fan Sand Creek |
John M. Chivington (folút: John Milton Chivington; Lebanon (Ohio), 27 jannewaris 1821 – Denver (Kolorado), 4 oktober 1894) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Kolorado-oarloch focht. Hy fierde ferskate frijwilligersienheden fan 'e territoriale milysje fan Kolorado oan en berikte yn 1862 in heldestatus troch syn rol yn 'e Slach by Glorieta Pass, wêrby't de Konfederearre Steaten fan Amearika de tagong ta it Amerikaanske Súdwesten ûntsein waard. Yn 1864 wied er lykwols ferantwurdlik foar it kweaferneamde Bloedbad fan Sand Creek ûnder de Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho, ien fan 'e slimste Amerikaanske oarlochsmisdieden út it tiidrek fan 'e Yndiaanske oarloggen. Hoewol't er as gefolch dêrfan ûntslach nimme moast út it leger en syn politike aspiraasjes fierders wol ûnder syn skuonsoallen skriuwe koe, waard er dêr nea foar straft. Neitiid tsjinne er as grutmaster fan 'e frijmitselderij yn Kolorado.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonge jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chivington waard yn 1821 berne yn Lebanon, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan Isaac Chivington, dy't yn 1813 ûnder generaal William Henry Harrison yn 'e Slach oan de Thames tsjin 'e Yndiaanske konfederaasje fan Tecumseh fochten hie. Chivington wie oanhelle mei kleureblynheid. Hy fielde him oanlutsen ta it metodisme en waard yn 1844 predikant, wêrnei't er tsien jier lang yn Illinois stie. Yn 1853 joech er him by in metodistyske sindingsekspedysje nei de Wyandot-Yndianen yn Kansas. Dêr waard doedestiden sa'n fûleindige en iepentlike (wapene) striid levere troch Noardlike abolisjonisten en Súdlike slavehâlders dat men spriek fan Bleeding Kansas (it "Bliedende Kansas"). Chivington syn útsprutsen abolisjonistyske tinkbylden makken dat er dêr yn gefaar ferkearde, dat syn freonen wisten him te bepraten om him ynstee nei Nebraska te bejaan.
Sadwaande stie Chivington neitiid yn Omaha, mar dêr krige er spul en gied er al nei ien jier fuort. Neffens histoarikus James Haynes wie Chivington "net sa kalm yn syn hâlden en dragen as men fan in godsman ferwachtsje meie soe" en makke er it libben dreech en drôf foar freonen dy't besochten syn reputaasje te rêden. Underwilens wied er troud, en yn maaie 1860 ferfear er mei syn gesin nei it Kolorado-territoarium, dêr't er him nei wenjen sette yn Denver. Hy waard keazen ta foarsittend âldste fan it nije metodistyske Rocky Mountains-distrikt, en tsjinne twa jier yn dy funksje. Nei't er op 'e nij spul krigen hie, waard syn oanstelling op 'e pleatslike metodistyske konferinsje fan 1862 net ferlinge. Ynstee waard oan syn namme de tafoeging "fêstige" (located) tafoege, wat sizze woe dat er net mear in omreizgjend preker wie en dus min ofte mear mei emeritaat. Guon histoarisy binne fan betinken dat it Chivington syn belutsenens by de territoriale milysje fan Kolorado wie dy't derfoar soarge dat de metodisten him oan 'e kant setten.
Amerikaanske Boargeroarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Amerikaanske Boargeroarloch yn 1861 útbriek, bea William Gilpin, de gûverneur fan Kolorado, Chivington in posysje as syn legerpredikant oan, mar dat oanbod stegere Chivington ôf, om't er yn aktive tsjinst woe. Dêrop krige er in oanstelling as majoar yn it 1e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Kolorado, ûnder kolonel John P. Slough. Under it offinsyf fan 'e Konfederearre generaal Henry Hopkins Sibley yn Nij-Meksiko en Arizona fierde Chivington in ienheid fan 418 man oan. Op 26 maart 1862 kaam er yn Apache Canyon sa'n 300 Konfederearre Teksanen ûnder majoar Charles L. Pyron oer it mad. Yn it dêropfolgjende gefjocht waarden fan 'e Teksanen 4 deade, 20 ferwûne en 75 kriichsfinzen nommen, wylst Chivington sels 5 deaden en 14 ferwûnen te betreurjen hie. Dy lytse oerwinning die wûnders foar it moreel fan 'e Koloradooske troepen.
Twa dagen letter, op 28 maart, stjoerde Slough Chivington en syn mannen derop út om in flankearjende beweging te meitsjen, mei de opdracht om Sibley fansiden oan te fallen sadree't syn haadmacht by Glorieta Pass yn gefjocht ferwikkele rekke wie mei Slough syn troepen. Chivington naam syn posysje yn boppe de pas, mar wachte dêr om 'e nocht op sawol Sibley as Slough. Doe't ferkenners berjochten dat Sibley syn hiele bagaazjetrein deunby op Johnson's Ranch wie, besleat Chivington op eigen inisjatyf om dy oan te fallen. Dêrby wist er sûnder ferliezen oan eigen kant de hiele bagaazjetrein bút te meitsjen en de lytse Konfederearre bewekkingsienheid op 'e flecht te driuwen of kriichsfinzen te nimmen. Neitiid joech er befel om alle kapweinen mei foarrieden te ferbaarnen en alle hynders en mûldieren dea te meitsjen.
Underwilens gie de Slach by Glorieta Pass oan op Pigeon's Ranch. Doe't Chivington him wer by Slough joech, die bliken dat dy fluch terrein priisjaan moast. De Konfederearre troepen fan Sibley hiene de slach wûn, mar troch Chivington syn aksje hiene se gjin foarrieden om in fierdere opmars mei te ûnderstypjen, en wiene se ynstee twongen om har werom te lûken. Sa hie Chivington de útkomst fan 'e slach folslein omkeard. Sibley moast him mei syn legermacht ôfjaan nei Teksas en de Konfederaasje soe nea wer it Súdwesten bedriigje.
Werom yn Kolorado waard Chivington sadwaande ynhelle as oarlochsheld, hoewol't kritisy letter oantekene hawwe dat as er him daliks wer by Slough jûn hie sadree't er it gewearfjoer fan 'e fjildslach heard hie, syn 400 man krekt it ferskil makke hawwe koene dat Slough by steat steld hie om 'e slach te winnen. Neitiid waard Chivington yn april 1862 oansteld as kolonel, mei it befel oer it 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Kolorado. Yn novimber fan datselde jier waard er ta brigadegeneraal befoardere, mar dy promoasje waard yn febrewaris 1863 ûngedien makke nei't in kriichsfinzen Konfederearre legerpredikant in formele klacht tsjin him yntsjinne hie om't er op Johnson's Ranch drige hie en deadzje alle Súdlike soldaten dy't er kriichsfinzen nommen hie.
It Bloedbad fan Sand Creek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it Ferdrach fan Fort Wise waard yn 1861 oan 'e Súdlike Sjajinnen it Sand Creek Yndianereservaat tawiisd, in lyts hoekje lân yn súdeastlik Kolorado, dêr't de grûn ûnbebouber wie en de tradisjonele jacht op 'e bizons ûnmooglik, mei't dy bisten dêr net foarkamen. In protte Súdlike Sjajinnen wegeren dit ferdrach te akseptearjen, mei't se harsels yn it reservaat ûnmooglik yn libben hâlde koene. It resultaat wie in sitewaasje wêrby't blanke delsettings en boerespultsjes it doelwyt waarden fan oerfallen troch poerlulke Sjajinske krigers. Tsjin 'e simmer fan 1864 wie it konflikt oanboaze ta in iepen oarloch (de saneamde Kolorado-oarloch), wêrby't de hauken ûnder de Súdlike Sjajinnen stipe krigen fan lykstimden ûnder de Súdlike Arapaho en de Kajowa (Kiowa).
Nei in oerfal wêrby't in hiel kolonistegesin fermoarde wie, stalde John Evans, de gûverneur fan Kolorado, it 3e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Kolorado gear, dat ek ûnder befel fan Chivington steld waard, mei as doel om foar iens en foar altyd mei de Yndianen ôf te weven. Alle "freonlike Yndianen" waarden oardere om har te melden by legerposten om't se oars as fijannich te boek komme soene te stean. Dat, it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen late syn troep nei Fort Lyon ta, dêr't er him melde by de legerkommandant. Mei beswarrings fan freonskip waard er wer weromstjoerd nei it Sand Creek Reservaat, dêr't er bliuwe moast oant de fijannichheden beëinige wiene. Sadwaande sloegen de Súdlike Sjajinnen fan Swarte Tsjettel (Moketavato) en guon Súdlike Arapaho ûnder Lofterhân (Niwot) harren kamp op by in bocht yn it streamke de Big Sandy Creek, likernôch 64 km noardwestlik fan Fort Lyon.
Mar by moarnsdage op 29 novimber 1864 waard it kamp oanfallen troch in troepemacht ûnder lieding fan Chivington, besteande út it 1e en 3e Frijwillige Kavaleryregmint fan Kolorado, oanfolle mei it 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Nij-Meksiko. Om't de measte krigers op jacht wiene, wiene der mar sa'n sechstich manlju yn it kamp oanwêzich, de measten dêrfan te âld of te jong om te jeien. Chivington skonk gjin oandacht oan it feit dat it kamp binnen de grinzen fan it reservaat lei en negearre de Amerikaanske flagge dy't as teken fan frede boppe it kamp wappere en de wite flagge dy't hyst waard koart nei't de oanfal begûn. Tsjin syn troepen seid er: "Nei de hel mei eltsenien dy't mei de Yndianen sympatisearret. [...] Deadzje en skalpearje se allegear, grut en lyts; niten dêr komme luzen fan."
Kaptein Silas Soule, de befelhawwer fan D Kompanjy fan it 1e Frijwillige Kavaryrezjimint fan Kolorado, wegere oan Chivington syn befel om oan te fallen gehoar te jaan, en oardere syn manskippen ynstee om 'e wapens del te lizzen. De rest fan Chivington syn legermacht foel lykwols sûnder skrupules it warleaze kamp oan yn wat bekend kaam te stean as it Bloedbad fan Sand Creek. Om't se de jûns tefoaren flink ta de flesse west hiene, foelen der oan 'e Amerikaanske kant 24 deaden en 52 ferwûnen, foar it meastepart troch freonlik fjoer. Neffens in eachtsjûge, de keapman George Bent, dy't sels ek rinne moast foar syn libben, rapportearre op 15 maart 1889 dat der mank de Yndianen 137 deaden west hiene: 28 manlju, wêrûnder it opperhaad Lofterhân, en 109 froulju en bern. Chivington sels woe hawwe dat by de oanfal 500 oant 600 Yndianen omkommen wiene, wêrby't it frijwol allegear om krigers gie.
Ear't Chivington en syn mannen it Yndiaanske kamp ferlieten, plonderen se de ferlitten tipys en stielen se de hynders. Doe't de reek oploek, kearden se nochris werom en diene se in grut tal Yndiaanske ferwûnen dea. Dêrnjonken skalpearren se de measte deaden, lykfol oft it dêrby om manlju, froulju, bern of poppen gie. Se fersierden har wapens, huodden en gereid mei skalpen en oare ôfsniene lichemsdielen, wêrûnder fingers, earen en de geslachtsorganen fan manlju en froulju, en sels mei minsklike foetussen, dy't se út 'e lichems fan 'e swiere memmen snien hiene. Ferskaten fan harren rieken ôfsniene skamlippen op om har ta huodbân te tsjinjen.
Yn 't earstoan waard Sand Creek yn 'e Amerikaanske kranten besongen as in skoandere oerwinning tsjin in dappere, mar op kwea beluste fijân. Mar al rillegau sketsten de ferhalen fan tsjûgen en oerlibbenen in hiel oar byld. De publike opiny sloech om, en der waarden twa ûnderskate militêre ûndersiken ynsteld tsjin Chivington en syn trewanten, dy't lykwols nearne ta laten. Kaptein Soule, dy't tsjin syn eardere superieur tsjûge, waard koarte tiid letter, frijwol wis yn opdracht fan freonen fan Chivington, fermoarde. It Amerikaanske Kongres stelde in spesjale kommisje yn om 'e saak te ûndersykjen, dy't yn syn rapport ta de konklúzje kaam dat der "mar amper gaadlike wurden [te] fine[n wiene] om [Chivington] syn hâlden en dragen te beskriuwen. [...] mei opsetsin plende er in smoarch en genipich bloedbad en fierde it doe út [...] hy makke misbrûk fan harren brekme oan euvelmoed en harren warleaze sitewaasje om 'e aaklikste hertstochten te befredigjen dy't ea in minskehert besmodzge hawwe." It rapport rôp fierders op om fuortendaliks maatregels tsjin him en syn trewanten te ûndernimmen, wat lykwols net barde. Tsjin dy tiid wie nammentlik de Boargeroarloch ôfrûn en wie der in algemiene amnesty útfurdige, wêrby't gjin foarbehâld makke wie foar oarlochsoperaasjes tsjin 'e Yndianen. De iennichste straf dy't de ambisjeuze Chivington krige, wie dat er yn febrewaris 1865 twongen wie om ûntslach út it leger te nimmen en dat er neitiid de politike karriêre dêr't er op longere, wol ûnder syn skuonsoallen skriuwe koe.
Fierder libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't yn 1865 syn soan Thomas ferdronk, kearde Chivington werom nei Nebraska om 'e neilittenskip te berêden. Dêr besocht er sûnder folle súkses in fuormanderij te begjinnen. Hy ferlate syn skoandochter Sarah, mei wa't er neitiid troude. Yn july 1868 reizge er nei Washington, D.C. om in skeaclaim tsjin 'e Yndianen ter wearde fan $37.000 yn te tsjinjen. Doe't dat nearne ta late, gied er nei Troy, yn New York, dêr't er jild liende fan Sarah har famylje dat er nea werombetelle. Nei't er syn jonge frou yn 1871 sitte litten hie wylst er sels nei Kanada ta set wie, liet hja har yn oktober fan dat jier fan him skiede, wêrby't se as reden opjoech dat er har wegere hie te ûnderhâlden.
Nei in koart ferbliuw yn Kalifornje kearde Chivington werom nei syn thússteat Ohio, dêr't er in jier as wat buorke. Letter waard er redakteur fan in pleatslike krante. Yn 1883 besocht er in sit te feroverjen yn it Steatskongres fan Ohio, mar doe't syn tsjinstanners it Bloedbad fan Sand Creek derby hellen, moast er him út 'e ferkiezingsstriid weromlûke. Neitiid gied er wer nei Denver, dêr't er as helpsheriff wurke oant koart foar syn ferstjerren yn 1894, yn 'e âlderdom fan 73 jier, oan kanker. Oan syn dea ta hold er altyd fol dat syn aksjes oangeande it Bloedbad fan Sand Creek folslein rjochtfeardige wiene.
Erfskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1887 waard it doarp Chivington, yn Kolorado, nei him ferneamd. Dat rekke lykwols ûnder de Dust Bowl, yn 1920-er en 1930-er jierren, frijwol hielendal ûntfolke, en no binne der noch mar in pear heal ferrinnewearre gebouwen fan oer. Yn 2005 stimde de gemeenteried fan Longmont deryn ta om 'e namme fan 'e strjitte Chivington Drive te feroarjen yn Sunrise Drive, nei't aktivisten dêr tweintich jier lang kampanje foar fierd hiene, om't se net woene dat der nei in oarlochsmisdiediger as Chivington in strjitte ferneamd wie. Yn 1996 bea de Algemiene Synoade fan de Feriene Metodistyske Tsjerke formeel ûntskuldigings oan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma oan foar de dieden begien troch in predikant fan harren tsjerkegenoatskip ûnder it Bloedbad fan Sand Creek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |
- Amerikaansk kolonel
- Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch
- Persoan yn de Kolorado-oarloch
- Persoan yn it Wylde Westen
- Amerikaansk abolisjonist
- Amerikaansk frijmitselder
- Amerikaansk predikant
- Amerikaansk plysjeman
- Amerikaansk ûndernimmer
- Amerikaansk boer
- Amerikaansk sjoernalist
- Amerikaansk kranteredakteur
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Persoan berne yn 1821
- Persoan stoarn yn 1894