Springe nei ynhâld

Abolisjonisme

Ut Wikipedy
Foto fan in slavejonge yn it Sultanaat Sansibar (om 1890 hinne). 'De straf fan in Arabyske master foar in lichte oertrêding.' Fan de jierren 1860 ôf oan wie fotografy in krêftich wapen yn it arsenaal fan de abolisjonisten
Ofskaffing fan de slavernij yn de Frânske koloanjes yn 1848
(skilderij fan Auguste François Biard, 1849)

Abolisjonisme (fan it Latynske abolitio, "ferneatiging"), of de abolisjonistyske beweging, is de beweging dy't in ein te meitsje wol oan slavernij en slaven oer de hiele wrâld te befrijen.

It earste lân dat slavernij folslein ferbea wie Frankryk yn 1315, mar it waard letter wol brûkt yn syn koloanjes. Troch tadwaan fan Toyotomi Hideyoshi is slavernij sûnt 1590 yn hiel Japan ôfskaft, hoewol 't der yn de Twadde Wrâldoarloch noch oare foarmen fan twangarbeid brûkt waarden. It earste en iennichste lân dat himsels befrijde fan slavernij wie in eardere Frânske koloanje, Haïti, as gefolch fan de Haïtiaanske Revolúsje fan 1791-1804.

De Britske abolisjonistyske beweging begûn oan 'e ein fan 'e 18e iuw en de Saak Somersett út 1772 stelde fêst dat slavernij net bestie yn 'e Ingelske wet. Yn 1807 waard de slavehannel yn it hiele Britske Ryk ferbean, hoewol 't besteande slaven yn Britske koloanjes earst mei de Slavery Abolition Act yn 1833 befrijd waarden. Vermont wie de earste steat yn Amearika dy 't yn 1777 de slavernij ôfskafte. Yn 1804 hiene de oare noardlike steaten de slavernij ôfskaft, mar yn 'e súdlike steaten bleau slavernij legaal. Yn 1808 ferbea de Feriene Steaten de ynfier fan slaven, mar pas yn 1865 waard slavernij folslein ferbean.

Yn East-Europa organisearren groepen harren tusken 1843 en 1855 om de slavernij fan de Roma yn Walachije en Moldavië ôf te skaffen en yn 1861 om de hearrigen yn Ruslân te emansipearjen. De Feriene Steaten keurden yn desimber 1865 it 13e Amendemint goed, nei 't se krekt in bluodrige Boargeroarloch útfochten hiene, dêr 't in ein mei kaam oan de slavernij "útsein as straf foar misdied". Yn 1888 waard Brazilië it lêste lân op it Amerikaanske kontinint dat slavernij ferbea. Doe 't it Japanske Ryk fan de ein fan de 19e iuw ôf Aziatyske lannen anneksearre, waarden argayske ynstellings, dêrûnder slavernij, yn dy lannen ôfskaft.

Nei iuwen fan striid waard slavernij yn 1948 lang om let yllegaal ferklearre ûnder de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske fan de Feriene Naasjes. Mauritanië wie it lêste lân dat slavernij offisjeel ôfskafte, mei in presidinsjeel dekreet yn 1981. [1] Tsjintwurdich binne slavernij en twangarbeid foar bern en folwoeksenen yn hast alle lannen yllegaal en ek yn striid mei ynternasjonale wetjouwing, mar minskehannel foar arbeid en seksuele slavernij rekket noch hieltyd tsientallen miljoenen folwoeksenen en bern.

Nederlânske Ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw giene stimmen op dy 't de misstannen fan it slavernijstelsel oanklagen. Ien fan de earsten wie Aphra Behn mei har roman Oroonoko út 1688 oer in ta slaaf makke Afrikaanske prins dy 't nei de Britske koloanje Suriname brocht wie. De anty-slavernijbeweging kaam yn 'e Republyk hiel stadich op gong en waard pas ûnder druk fan Ingelân wat ferhastige. Yn 1807 besocht Ingelân de slavernij ek yn Suriname - doe koart in part fan it Britske Ryk - ôf te skaffen. Doe 't yn 1815 de koloanje werom jûn waard oan it keninkryk fan de Nederlannen liet Kening Willem I witte meiwurkje te wollen oan it Ferdrach fan Parys (1815) en it Kongres fan Wenen (1814-1815) en ferbea yn 1815 de Trans-Atlantyske slavehannel.

Yn 1855 waard yn Amsterdam it "Damescomité ter bevordering van de Afschaffing der Slavernij in Suriname" oprjochte troch Anna Bergendahl. Yn Nederlân en ynternasjonaal wiene froulju tige aktyf yn de abolisjonisme beweging, omdat harren aktiviteiten sosjaal akseptearre wiene.

De slavernij waard yn 1859 foar Nederlânsk-Ynje opheft en mei de Emansipaasjewet yn 1863 waard de slavernij yn de koloanje Suriname en de koloanje Curaçao en Onderhorigheden ôfskaft.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Slavery's last stronghold", CNN. Maart 2012.