Seksuele slavernij

Ut Wikipedy
De Slavemerk, in skilderij fan Jean-Léon Gérôme, fan omtrint 1884, dat in oriïntalistysk idee jout fan hoe't in Easterske (seks)slavemerk der útsjen soe.

Seksuele slavernij is it ta slaaf meitsjen fan ûnwillige minsken mei as doel om se seksueel te eksploitearjen. Yn syn bekendste foarm yn it Westen, dy fan twongen prostitúsje, komt it fuort út frouljushannel, wêrby't froulju nei in frjemd lân ta brocht of lokke wurde, dêr't bliken docht dat se ûnder twang seksuele tsjinsten ferliene moatte oan 'e klanten fan harren baas. Yn Nederlân is dit strafber ûnder it begryp minskehannel, Wetboek fan Strafrjocht kêst 273f (oant 2005 kêst 250a, dêrnei oant 2006 kêst 273a).

Yn ûntwikkelingslannen komme lykwols ek noch oare foarmen fan seksuele slavernij foar. Berneprostitúsje is yn guon lannen in bekend ferskynsel. In oare foarm fan seksuele slavernij is it twongen houlik. Fierderoan bestiet der seksuele slavernij mei ien inkele eigner/misbrûker; dit komt ynsidinteel yn it Westen ek foar as ûntfieringsslachtoffers (of eigen gesinsleden) lange tiid, soms sels jierrenlang, finzen holden en seksueel misbrûkt wurde troch ien dieder. Ek is der rituële seksuele slavernij, mank geand mei beskate religieuze praktiken, lykas trokosi yn Gana, Benyn en Togo. Ta einbeslút kin der by foarmen fan slavernij dy't net primêr of seks rjochte binne, yn 'e gong wei ek seksueel misbrûk foarkomme. As it yn oarlochssitewaasjes bart, kin seksuele slavernij ûnder de misdieden tsjin de minsklikheid falle.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.