Uljanovsk (oblast)
Oblast Uljanovsk
Ульяновская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Wolga |
ekonomyske regio | Wolga |
haadplak | Uljanovsk |
grutste plak | Uljanovsk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (69,71%) Tataren (11,59%) Tsjûvasjen (7,35%) Mordwinen (3,01%) 2010 |
sifers | |
ynwennertal | 1.203.969 (2022) |
oerflak | 37.181 km² |
befolkingstichtens | 32,38 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 19 jannewaris 1943 |
tiidsône | UTC+4 MSK+1 |
koördinaten | 53° 57' N 47° 55' E |
webside | ulgov.ru |
De oblast Uljanovsk (Russysk: Ульяновская область; Uljanovskaja oblast) is in oblast yn Ruslân. De oblast leit yn it federaasjedistrikt Wolga oan beide kanten fan de Wolga.
Geografy
Uljanovsk grinzget mei de klok mei oan Mordoovje (noardwesten), Tsjûvasje (noarden), Tatarstan (noardeasten), Samara (easten), Saratov (suden), en Penza (súdwesten).
De oblast leit oan de noardlike râne fan de sintrale steppes. In fearn fan it gebiet bestiet út leafwâlden, de rest is steppe en greide. De rivier de Wolga snijt de oblast midstwa. Westlik leit in heuveleftich lânskip dat bekend stiet as it Wolga Heechlân (mei hichtes oant 358 m), it eastlike diel is foar it measte flak.
It gebiet hat 2.030 rivieren en lytsere streamkes. Njonken de Wolga binne de grutste rivieren de Sûra, de Svijaga, de Grutte Tsjeremsjan (Bolsjoi Tsjeremsjan) de Teresjka en de Barysj.
De trochsnittemperatueren yn july binne +19 °C en yn jannewaris -11 °C. Fan novimber oant begjin april is der meast kâns op snie. Nachtfroasten fine oant ein maaie plak.
Skiednis
Sûnt de 7e iuw bewennen de Wolgabulgaren it gebiet. Hja wiene lykwols iuwenlang ferplichte om tribút te beteljen oan it Ryk fan de Chazaren. Pas nei de ûntbining fan de it Ryk fan de Chazaren waarden de Wolgabulgaren echt selstannich. Sûnt 922 waard it gebiet islamisearre en letter, yn it jier 1236, moasten de Wolgabulgaren tribút betelje oan de Mongoalen. Nei't de macht fan de Goude Horde minder waard, ûnstie yn 'e jierren 1437-1438 it Kazaner Kanaat.
Sûnt de oermastering fan it gebiet yn 1552 ûnder Ivan de Grousume dielt it gebiet de skiednis mei Ruslân. Nei de oermastering kamen stadichoan mear Russen yn it gebiet wenjen. Yn 1648 waard de stêd Sinbirsk stifte (sûnt 1780 Simbirsk, hjoeddedei Uljanovsk).
Fan 1708 oant 1780 foar it gebiet ûnderdiel fan it gûvernemint Kazan. Yn 1780 waard de tsjintwurdige oblast Uljanovsk fan Kazan skieden en oant 1796 it ûnderkeninkryk Simbirsk, dat nei 1796 it gûvernemint Simbirsk hiet.
Sovjet-Uny
Oardel moanne nei de Oktoberrevolúsje namen bolsjewiken yn Simbirsk de macht oer. Yn 1918 wie it gûvernemint it sintrum fan de Russyske Boargerkriich. Yn dat jier waard de stêd ynnommen troch it Folksleger, mar op 12 septimber hiene de bolsjewiken de stêd op 'e nij yn hannen. It gûvernemint waard yn 1924 omneamd yn Uljanovsk, nei Vladimir Iljitsj Uljanov, en yn 1928 opheft om mei Penza, Samara en Oarenburch yn de nije kraj Midden-Wolga op te gean, dy't letter omneamd waard yn kraj Kûibysjev (1936 Oblast Kûibysjev).
Op 19 jannewaris 1943 ûntstie de hjoeddeiske oblast Uljanovsk.
Befolking
De etnyske Russen foarmje it grutste part fan de befolking. Grutte minderheden binne tradisjoneel de Tataren, de Tsjûvasjen en de Mordwinen. Harren oandiel sakket lykwols wat, wylst sûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny de Azerbeidzjaanske en Armeenske minderheden grutter wurde.
Yn 16 fan de 21 rajon's foarmje Russen de mearderheid fan de befolking. Tataren wenje fral yn it Starokûlatkinski-rajon en yn it Novo-Malyklinkski-rajon. Yn it Mainski-rajon foarmje de Tsjûvasjen de mearderheid. Mordwinen hawwe nearne in rajon yn 'e oblast dêr't hja yn de mearderheid binne, mar hja binne sterk ferstsjinwurdige yn it Kûsovastovski-, Nikolajevski- en Novo-Malyklinski-rajon.
-
Oandiel fan Russen
-
Oandiel fan Tataren
-
Oandiel fan Tsjûvasjen
-
Oandiel fan Mordwinen
Befolkingsferrin
Jier | 1897 | 1926 | 1928 | 1959 | 1970 | 1980 | 1990 | 2000 | 2010 | 2020 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.527.848 | 1.384.220 | 1.396.600 | 1.117.359 | 1.270.036 | 1.400.806 | 1.410.878 | 1.427.375 | 1.292.799 | 1.229.824 | 1.203.969 |
.
Bestjoerlike yndieling en stêden
De oblast bestiet út 21 rajon's en 3 stedsdistrikten. Uljanovsk is de haadstêd; njonken Uljanovsk is Dimitrovgrad de grutste stêd. Alle oare plakken binne lytsere plakken fan minder as 20.000 ynwenners. Meiïnoar hat de oblast 6 stêden en 29 plakken mei in stedsk karakter.
Namme | Russyske namme | Ynwennertal (2021/2022*) | Wapen | Koördinaten |
---|---|---|---|---|
Uljanovsk | Ульяновск | 647.808* | 54° 19' N 48° 22' E | |
Dimitrovgrad | Димитровград | 112.388 | 54° 14' N 49° 35' E | |
Inza | Инза | 17.016 | 53° 51' N 46° 21' E | |
Barysj | Барыш | 15.408 | 53° 39' N 47° 07' E | |
Novo-Uljanovsk | Новоульяновск | 13.588 | 54° 09' N 48° 23' E |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Uljanowsk
|