Ivanovo (oblast)
Ivanovo oblast
Ивановская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sintraal |
ekonomyske regio | Sintraal |
haadplak | Ivanovo |
grutste plak | Ivanovo |
taal | Russysk |
sifers | |
ynwennertal | 976.918 (2022) |
oerflak | 21.437 km² |
befolkingstichtens | 45,57 ynw./km² |
Etnyske groepen | Russen (90,63 %) Oekraïners (0,72 %), Tataren (0,63 %) stân 2010 |
oar | |
stifting | 1936 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 57° 03' N 41° 24' E |
webside | ivadm.ivanovo.ru |
De oblast Ivanovo (Russysk: Ивановская область; Ivanovskaja oblast) is in oblast yn it Europeeske diel fan Ruslân.
Skiednis
De oblast is ien fan de gebieten dy't it langst troch Russen bewenne wurdt en in pear stêden datearje út de tiid fan de 13e iuw.
Yn 1929 ûnstie de folle gruttere yndustry-oblast Ivanovo. Dy oblast waard yn 1936 opdield yn de oblasten Jaroslavl en Ivanovo. Yn 1944 waarden fan de oblast Ivanovo nochris dielen ôfskuord foar de stifting fan de nije oblasten Kostroma en Vladimir.
Geografy
De oblast leit likernôch 300 kilometer noardlik fan de haadstêd Moskou tusken de Wolga en de Kljazma yn it sintrale diel fan de Easteuropeeske Leechflakte. Yn de oblast streame likernôch 1.700 rivieren en rivierkes en der binne mear as 150 marren.
Ekonomy
De oblast is relatyf earm. Oan it begjin fan de 19e iuw ûnstiene der tekstylfabriken, wêryn't de regio in liedende rol spile. Dêrom wurdt Ivanovo ek wol ferlike mei de Ingelske tekstylsintra Manchester en Liverpool. Noch jimmeroan is de tekstylyndustry wichtich foar de ekonomy, mar dêrnjonken is der ek in soad masjinebou en gemyske yndustry.
Bestjoersyndieling en stêden
De oblast Ivanovo is ûnderferdield yn 21 rajons en 6 stedsdistrikten. De grutste stêd is it bestjoerssintrum Ivanovo. Meiïnoar binne der yn de oblast 17 stêden en 13 plakken mei in stedsk karakter.
Namme | Russysk | Ynwenners (2022) [1] | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Ivanovo | Иваново | 399.983 | 56° 59' N 40° 58' E | |
Kinesjma | Кинешма | 79.936 | 57° 27' N 42° 09' E | |
Sjûja | Шуя | 56.041 | 56° 51' N 41° 22' E | |
Vitsjûga | Вичуга | 32.971 | 57° 12' N 41° 55' E | |
Fûrmanov | Фурманов | 32.855 | 57° 15' N 41° 06' E | |
Teikovo | Тейково | 31.623 | 56° 51' N 40° 33' E |
Befolkingsûntwikkeling
Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 1.195.804 | 2.649.429 | 1.322.152 | 1.339.110 | 1.323.852 | 1.313.627 | 1.148.329 | 976.918 |
Klimaat
It klimaat fan de oblast is tuskenbeide kontinintaal. De simmers binne relatyf waarm, wylst winters kâld en snieryk binne. De kâldste moanne is jannewaris mei in trochsneed temperatuer fan -12 graden Selsius. July is de waarmste moanne mei in trochsneed temperatuer fan + 18 graden Selsius.
Ofbylden
-
Konstruktivisme yn Ivanovo
-
Houten hûs yn Ivanovo
-
Vvedenskaja- of Reade tsjerke (Ivanovo)
-
Tekstylfabryk fan Vitsjûga
-
Stasjon fan Sjûja
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Iwanowo
|