Lakota Frijheidsdelegaasje
Lakota Freedom Delegation | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | LFD | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
wurkmêd | gelykberjochtiging en maatskiplike emansipaasje fan 'e Lakota-Sû | |
haadkertier | Porcupine (Súd-Dakota) | |
oprjochte | 2007 | |
oprjochter | ferskaten (sjoch tekst) | |
offisjele webside | ||
www.lakotafreedom.com |
De Lakota Frijheidsdelegaasje (Ingelsk: Lakota Freedom Delegation), ek wol bekend ûnder de wat mear algemiene namme Lakota Frijheidsbeweging (Lakota Freedom Movement), is aksjegroep dy't aktyf is ûnder de Lakota-Sû (Lakota Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan 'e Feriene Steaten, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e steaten Noard- en Súd-Dakota wennet. De beweging bestiet út in stikmannich boargerrjochte-aktivisten dy't har ynsette foar de gelykberjochtiging en maatskiplike emansipaasje fan 'e Lakota.
De Lakota Frijheidsdelegaasje wurdt laat troch guon lju dy't ek aktyf binne of wiene yn 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM), wêrûnder foarhinne de Hollywood-akteur en aktivist Russell Means (1939-2012), en fierders Robert Robideau, Teǧeya Kte, Čanupa Gluha Mani en Phyllis Young, de oprjochtster fan 'e feministyske organisaasje Women of All Red Nations.
De beweging kaam rûnom yn it nijs doe't se yn desimber 2007 oankundigen dat de Lakota harren út alle ferdraggen mei de Feriene Steaten weromloeken en in selsstannige steat oprjochten, de Republyk Lakota. Letter hiene de lieders fan 'e LFD petearen mei fertsjintwurdigers fan Bolivia, Fenezuëla, Sily en Súd-Afrika om fan dy lannen erkenning los te krijen foar harren steat. Dat is lykwols oant op 't heden noch net slagge, al hat de LFD syn krewearjen noch net opjûn.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● (in) Offisjele webside fan 'e Lakota Frijheidsdelegaasje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side. |