Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal

Ut Wikipedy
Golden Globe foar Bêste Film
yn in Bûtenlânske Taal
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar bêste net-Ingelsktalige
   langspylfilm
útrikt troch HFPA
frekwinsje 1x yn 't jier
datum jannewaris
plak Beverly Hills (Kalifornje)
ynsteld 1949
1e útrikking 1950
offisjele webside
www.goldenglobes.com

De Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Foreign Language Film) is in Amerikaanske priis op it mêd fan films. Dizze priis stiet ornaris noch bekend as de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film, mar dy beneaming is yn 1986 feroare yn 'e hjoeddeistige namme. De Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal wurdt sûnt 1950 elts jier ein jannewaris útrikt oan 'e as bêste beoardiele bûtenlânske langspylfilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film (Best Foreign Film) waard yn 1949 ynsteld en foar it earst útrikt by de útrikkingsseremoanje fan jannewaris 1950. Oant 1964 waard der net elts jier in priis yn dizze kategory takend, mar kaam it ek geregeldwei foar dat der yn dizze kategory mear as ien Golden Globe yn 't jier ferjûn waard. Yn 1955 (foar de útrikkingsseremoanje fan 1956) waard de priis yn twaen spjalten, yn 'e Golden Globe foar Bêste Ingelsktalige Bûtenlânske Film (Best English-Language Foreign Film) en de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânsktalige Bûtenlânske Film (Best Foreign-Language Foreign Film). Die skieding duorre oant en mei 1972 (oftewol de útrikkingsseremoanje fan 1973). Dêrnei waard de spjalting opheft en kaam der wer ien Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film. Under dy namme stie de priis bekend oant mids jierren '80.

Mei yngong fan 1986 (de útrikkingsseremoanje fan 1987) kaam er bekend te stean as de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Best Foreign Language Film). Dat betsjutte dat Ingelsktalige films fan bûten de Feriene Steaten (bgl. út it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika en Ierlân) fan dat stuit ôf net mear yn oanmerking kamen foar dizze priis, mar ynstee meitingje moasten nei de Golden Globe foar Bêste Film – Drama of de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. It betsjutte ek dat Amerikaanske films wêryn't foar it meastepart yn in oare taal as it Ingelsk praten wurdt (lykas it fierhinne Japansktalige oarlochsdrama Letters from Iwo Jima, tenei krekt wól yn oanmerking kamen foar de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal. Dêrmei binne de betingsten, dêr't gadingmakkers yn dizze kategory oan foldwaan moatte, in stik rommer as foar de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (dêr't gjin inkele Amerikaanske of Ingelsktalige film ea foar yn oanmerking kommen is).

Betingsten foar gadingmakkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films dy't meitingje wolle om 'e Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal hoege net yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen draaid te hawwen. Oars as by de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal binne der by de Golden Globes yn dizze kategory gjin beheinings oangeande it tal films dat per lân yntsjinne wurde kin. Neffens de offisjele regels moatte se lykwols al oan 'e folgjende betingsten foldwaan:

  • De spyldoer moat teminsten 70 minuten wêze.
  • Fan 'e dialooch yn 'e film moat teminsten 51% yn in oare taal as it Ingelsk wêze.
  • De film moat yn it lân fan oarsprong yn 'e bioskopen te sjen west hawwe yn in perioade fan 14 moannen foarôfgeande oan 'e betreffende útrikkingsseremoanje fan 'e Golden Globes, om persiis te wêzen tusken 1 novimber en 31 desimber. Films dy't yn it lân fan oarspong net útbrocht binne omreden fan sinsuer, kinne har foar de Golden Globe kwalifisearje troch yn 'e neamde perioade teminsten 1 wike lang yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten draaid te hawwen.

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Golden Globes wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Golden Globes oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1949", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1950.

jier lân titel winner (ynternasjonale titel winner) regisseur
1949 Itaalje Ladri di Biciclette (The Bicycle Thieves) Vittorio De Sica
1950 gjin priis takend
1951 gjin priis takend
1952 gjin priis takend
1953 gjin priis takend
1954 Feriene Keninkryk Genevieve Henry Cornelius
Argentynje La Mujer de las Camelias (The Lady of the Camelias) Ernesto Arancibia
Japan Nijushi no Hitomi (Twenty-Four Eyes) Keisuke Kinoshita
West-Dútslân Weg ohne Umkehr (No Way Back) Victor Vicas
jier kategory lân titel winner (ynternasjonale titel winner) regisseur
1955 bûtenlânsktalich Feriene Keninkryk Dangerous Curves ûnbekend
Japan Kodomo no Me (Eyes of Children) Yoshirō Kawazu
West-Dútslân Kinder, Mutter und ein General (Sons, Mothers and a General) László Benedek
  Denemark Ordet (The Word) Carl Theodor Dreyer
Grikelân Stella (Stella) Michael Cacoyannis
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Richard III Laurence Olivier
1956 bûtenlânsktalich Itaalje Guerra e Pace (War and Peace) King Vidor
Grikelân To Koritsi Me ta Mavra (The Girl in Black) Michael Cacoyannis
Japan Taiyo to Bara (Roses on the Arm) Keisuke Kinoshita
Finlân Valkoinen Peura (The White Reindeer) Erik Blomberg
West-Dútslân Vor Sonnenuntergang (Before Sundown) Gottfried Reinhardt
Ingelsktalich gjin priis takend
1957 bûtenlânsktalich West-Dútslân Bekenntnisse des Hochstaplers Felix Krull (Confessions of Felix Krull) Kurt Hoffmann
Japan Kiiroi Karasu (Yellow Crow) Heinosuke Gosho
Meksiko Tizoc (Tizoc) Ismael Rodríguez
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Woman in a Dressing Gown J. Lee Thompson
1958 bûtenlânsktalich Joegoslaavje Cesta Duga Godinu Dana (The Road a Year Long) Giuseppe De Santis
Frankryk L'Eau Vive (Girl and the River) François Villiers
West-Dútslân Das Mädchen Rosemarie (Rosemary) Rolf Thiele
Ingelsktalich Feriene Keninkryk A Night to Remember Roy Ward Baker
1959 bûtenlânsktalich West-Dútslân Die Brücke (The Bridge) Bernhard Wicki
Japan Kagi (Odd Obsession) Kon Ichikawa
Brazylje
Frankryk
Orfeu Negro (Black Orpheus) Marcel Camus
Sweden Smultronstället (Wild Strawberries) Ingmar Bergman
West-Dútslân Wir Wunderkinder (Aren't We Wonderful?) Kurt Hoffmann
Ingelsktalich gjin priis takend
1960 bûtenlânsktalich Sweden Jungfrukällan (The Virgin Spring) Ingmar Bergman
Frankryk La Vérité (The Truth) Henri-Georges Clouzot
Ingelsktalich Feriene Keninkryk The Trials of Oscar Wilde Ken Hughes
1961 bûtenlânsktalich Itaalje La Ciociara (Two Women) Vittorio De Sica
Ingelsktalich gjin priis takend
1962 bûtenlânsktalich gjin priis takend
Ingelsktalich gjin priis takend
1963 bûtenlânsktalich gjin priis takend
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Tom Jones Tony Richardson
1964 bûtenlânsktalich Itaalje Matrimonio all'Italiana (Marriage Italian-Style) Vittorio De Sica
Israel Sallah Shabati (Sallah Shabati) Ephraim Kishon
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Girl with the Green Eyes Desmond Davis
1965 bûtenlânsktalich Itaalje Giulietta degli Spiriti (Juliet of the Spririts) Federico Fellini
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Darling John Schlesinger
1966 bûtenlânsktalich Frankryk Un Homme et une Femme (A Man and a Woman) Claude Lelouch
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Alfie Lewis Gilbert
1967 bûtenlânsktalich Frankryk Vivre pour Vivre (Live for Life) Claude Lelouch
Ingelsktalich Kanada The Fox Mark Rydell
1968 bûtenlânsktalich Sovjet-Uny Vojna i Mir (War and Peace) Sergej Bondartsjûk
Ingelsktalich Feriene Keninkryk
Itaalje
Romeo and Juliet Franco Zeffirelli
1969 bûtenlânsktalich Algerije Z (Z) Costa-Gavras
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Oh! What a Lovely War Richard Attenborough
1970 bûtenlânsktalich Frankryk Le Passager de la Pluie (Rider on the Rain) René Clément
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Women in Love Ken Russell
1971 bûtenlânsktalich Israel HaShoter Azulai (The Policeman) Ephraim Kishon
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Sunday Bloody Sunday John Schlesinger
1972 bûtenlânsktalich Sweden Utvandrarna (The Emigrants) Jan Tröll
Nybyggarna (The New Land)
Ingelsktalich Feriene Keninkryk Young Winston Richard Attenborough
jier lân titel winner (ynternasjonale titel winner) regisseur
1973 West-Dútslân Der Fußgänger (The Pedestrian) Maximilian Schell
1974 Sweden Scener ut ett Äktenskap (Scenes from a Marriage) Ingmar Bergman
1975 Kanada Lies My Father Told Me Ján Kadár
1976 Sweden Ansikte mot Ansikte (Face to Face) Ingmar Bergman
1977 Itaalje Una Giornata Particolare (A Special Day) Ettore Scola
1978 Sweden Höstsonaten (Autumn Sonata) Ingmar Bergman
1979 Frankryk
Itaalje
La Cage aux Folles (Birds of a Feather) Édouard Molinaro
1980 Feriene Keninkryk Tess Roman Polanski
1981 Feriene Keninkryk Chariots of Fire Hugh Hudson
1982 Feriene Keninkryk
Yndia
Gandhi Richard Attenborough
1983 Sweden Fanny och Alexander (Fanny and Alexander) Ingmar Bergman
1984 Feriene Keninkryk A Passage to India David Lean
1985 Argentynje La Historia Oficial (The Official Story) Luis Puenzo
1986 Nederlân De Aanslag (The Assault) Fons Rademakers
1987 Sweden Mitt Liv som Hund (My Life as a Dog) Lasse Hallström
1988   Denemark Pelle Erobreren (Pelle the Conqueror) Bille August
1989 Itaalje Nuovo Cinema Paradiso (Cinema Paradiso) Giuseppe Tornatore
1990 Frankryk Cyrano de Bergerac (Cyrano de Bergerac) Jean-Paul Rappeneau
1991 Dútslân Hitlerjunge Salomon (Europa Europa) Agnieszka Holland
1992 Frankryk Indochine (Indochine) Régis Wargnier
1993 Hongkong Ba Wang Bie Ji (Farewell, My Concubine) Chen Kaige
1994 Belgje Farinelli (Farinelli) Gérard Corbiau
1995 Frankryk Les Misérables (Les Misérables) Claude Lelouch
1996 Tsjechje Kolja (Kolya) Jan Svěrák
1997 Belgje Ma Vie en Rose (My Life in Pink) Alain Berliner
1998 Brazylje Central do Brasil (Central Station) Walter Salles
1999 Spanje Todo Sobre mi Madre (All About My Mother) Pedro Almodóvar
2000 Taiwan Wò Hǔ Cáng Lóng (Crouching Tiger, Hidden Dragon) Ang Lee
2001 Bosnje en Hertsegovina Ničija Zemlja (No Man's Land) Danis Tanović
2002 Spanje Hable con Ella (Talk to Her) Pedro Almodóvar
2003 Afganistan Osama (Osama) Siddiq Barmak
2004 Spanje Mar Adentro (The Sea Inside) Alejandro Amenábar
2005 Palestina Al-Djanna al-Aan (Paradise Now) Hany Abû-Assad
2006 Feriene Steaten
Japan
Letters from Iwo Jima / Iōjima Kara no Tegami Clint Eastwood
2007 Frankryk
Feriene Steaten
Le Scaphandre et le Papillon / The Diving Bell and the Butterfly Julian Schnabel
2008 Israel Vals im Bashir (Waltz with Bashir) Ari Folman
2009 Dútslân Das weiße Band (The White Ribbon) Michael Haneke
2010   Denemark Hævnen (In a Better World) Susanne Bier
2011 Iraan Jodai-e Náder az Simin (A Separation) Asghar Farhadi
2012 Eastenryk Amour (Amour) Michael Haneke
2013 Itaalje La Grande Bellezza (The Great Beauty) Paolo Sorrentino
2014 Ruslân Leviafan (Leviathan) Andrej Zvjagintsev
2015 Hongarije Saul Fia (Son of Saul) László Nemes
2016 Frankryk Elle (Elle) Paul Verhoeven
2017 Dútslân
Frankryk
Aus den Nichts (In the Fade) Fatih Akin
2018 Meksiko Roma (Roma) Alfonso Cuarón
2019 Súd-Koreä Gisaengchung (Parasite) Bong Joon-ho
2020 Súd-Koreä Minari Lee Isaac Chung
2021 Japan Doraibu Mai Kā (Drive My Car) Ryūsuke Hamaguchi
2022 Argentynje Argentina, 1985 Santiago Mitre

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.