Springe nei ynhâld

Wood Mountain Lakota Earste Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wood Mountain Earste Naasje)
Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Ingelsk Wood Mountain Lakota First Nation
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Assiniboia (Saskatchewan)
etnisiteit Lakota
ledetal 210 (2006)
oprjochting 1910
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Wood Mountain Reservaat 160
lokaasje súdlik Saskatchewan
oerflak 23,8 km²
ynwennertal 12 (2006)
offisjele webside
www.woodmountainlakotafn.ca
kaart
Wood Mountain Lakota Earste Naasje (Saskatchewan)
Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

De Wood Mountain Lakota Earste Naasje (Ingelsk: Wood Mountain Lakota First Nation) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme stiet ek wol koartwei bekend as de Wood Mountain Earste Naasje (Wood Mountain First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Wood Mountain Lakota Earste Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1910, en hie neffens gegegevens út 2006 209 leden. It haadkertier is fêstige yn Assiniboia, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Wood Mountain Lakota Earste Naasje besteane út etnyske (Sioux), nammentlik Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. It is de iennichste Lakota-stamme yn Kanada.

De Wood Mountain Lakota Earste Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Wood Mountain Reservaat 160 (Wood Mountain 160 Reserve), dat deunby it doarp Wood Mountain leit en ek by it Nasjonaal Park Grasslands. It hat in oerflak fan 23,8 km², en fan 'e krapoan 210 stamleden wennen der yn 2006 mar 12 yn it reservaat. De Wood Mountain Lakota Earste Naasje heart ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

Doe't de Lakota yn 1877 troch de Amerikanen ferslein waarden yn wat ornaris de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 neamd wurdt, flechte it Hûnkpapa-opperhaad Sittende Bolle, ien fan 'e foarnaamste lieders fan 'e Lakota, mei in lytse troep folgelingen de Kanadeeske grins oer. Mei't de Britten, de koloniale machthawwers yn Kanada, net op in konflikt mei de Feriene Steaten sieten te wachtsjen, waard Sittende Bolle dêr mar amperoan gastfrij ûnthelle. Likegoed bleau er der fjouwer jier lang yn ballingskip, oant yn 1881 de ûntbearings en de diplomatike druk te grut waarden, sadat er doe weromkearde nei de Feriene Steaten, dêr't er him oanjoech by Fort Buford, yn Montana.

Fan Sittende Bolle syn folgelingen giene 186 mei him werom, mar de rest, besteande út 37 gesinnen, keas derfoar om yn Kanada te bliuwen. Dy lju bleaune yn harren kamp by Wood Mountain, dêr't Sittende Bolle syn fjouwerjierrige ballingskip trochbrocht hie, en ûnderholden harsels mei de jacht en mei te wurkjen as deihierarbeiders. Yn 1910 waard harren in tydlik reservaat tawiisd, en hoewol't se nea in ferdrach mei it Kanadeeske regear sleaten, krige it reservaat yn 1930 dochs in permaninte status. De 37 oarspronklike gesinnen belunen meitiid yn oantal, benammentlik om't se yn oanbuorjende stammen omtrouden.

Krekt as de acht besibbe Dakota-stammen yn súdlik Saskatchewan en Manitoba, dy't har dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstigen nei harren flecht út it Amerikaanske Minnesota wei, erkent it Kanadeeske regear de Wood Mountain Lakota Earste Naasje en hat it der in reservaat oan tawiisd, mar dochs is it offisjele stânpunt dat de Lakota (en Dakota) eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota