Springe nei ynhâld

Woastynhamsterrôt

Ut Wikipedy
woastynhamsterrôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai echte hamsterrotten (Neotoma)
soarte
Neotoma lepida
Thomas, 1893
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De woastynhamsterrôt (wittenskiplike namme: Neotoma lepida) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e echte hamsterrotten (Neotoma). Dit bist is lânseigen yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. It is in herbivoar nachtdier dat agressyf territoriaal is. De IUCN klassifisearret de woastynhamsterrôt as net bedrige.

It ferspriedingsgebiet fan 'e woastynhamsterrôt beslacht foar in grut part de Grutte Dobbe yn it westen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, mei de hiele steat Nevada, it westen fan Utah, it súdwesten fan Idaho en it súdeasten fan Oregon. Dêropta komt dit bist ek foar yn Súdlik Kalifornje, besuden de Sierra Nevada. By de kust fan Kalifornje lâns rikt it ferspriedingsgebiet yn it noarden hast oan 'e Baai fan San Francisco ta. Bûten de Feriene Steaten komt de woastynhamsterrôt ek foar op it hiele Kalifornysk Skiereilân, dat diel útmakket fan Meksiko.

In woastynhamsterrôt siket beskûl ûnder in hûndertjierrige aloë (Agave americana).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De woastynhamsterrôt is relatyf lyts foar in echte hamsterrôt. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 16–19 sm, mei in sturtlingte fan 12–20 sm en in gewicht fan 122–350 g. Der bestiet in bytsje seksuele dimorfy yn dizze soarte, mei't de mantsjes grutter binne as de wyfkes. De sturt is behierre ynstee fan beskobbe, lykas by de brune rôt (Rattus norvegicus). De snút is smel, mei lange snorhierren. De earen binne relatyf lang, hast like lang as de efterpoaten.

De kleur fan woastynhamsterrotten fariëarret fan yndividu ta yndividu, en kin fan alles wêze, fan bleek griis oant bêzje-eftich oant suver swart. Nettsjinsteande de kleur fan 'e rest fan it lichem binne de bealch en poatsjes by dit bist altyd wyt. De sturt is opfallend twakleurich: wyt fan ûnderen en fan boppen deselde kleur as de oare boppeste lichemsdielen. De fierders bleke, mear nei wyt útskaaiende pels op 'e kiel is griis op it plak dêr't de kiel oergiet yn it boarst.

Woastynhamsterrotten libje yn drûge biotopen. Dêrby giet it benammen om mei aalst begroeide steppe en woastinen lykas de Sonoarawoastyn fan it Kalifornysk Skiereilân, de Mojavewoastyn fan súdeastlik Kalifornje en de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn Nevada en oanbuorjende steaten. Se hâlde fan rotsige heuvelskeanten mei spjalten en pún, dy't begroeid binne mei kaktussen, jûkka, jeneverbeistrûken, lege dinnebeammen en oare lege fegetaasje. Yn berchtmen komme se foar oant op in hichte fan 2.900 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De woastynhamsterrôt is foar it meastepart in nachtdier. Hy libbet in solitêr bestean yn in agressyf tsjin soartgenoaten ferdigene territoarium. Unmisbere natuerlike helpboarnen, lykas wetterhâldende planten, wurde soms ek ferdigene tsjin bisten fan oare soarten. Mantsjes markearje harren territoarium troch harsels oer de grûn te wriuwen en dêrby in muskuseftige stof ôf te setten dy't se ôfskiede út klieren yn har ûnderlichem. Wyfkes markearje har territoarium troch te graven en dêrnei har siden, poaten of wangen tsjin 'e opgroeven ierde oan te wriuwen.

Woastynhamsterrotten libje yn ûndergrûnske hoalen of yn rotsspjalten. Se lykje de foarkar te jaan oan rotsspjalten, mar se kinne har oan in protte ûnderskate omstannichheden oanpasse. Soms nimme se hoalen oer dy't troch grûniikhoarntsjes of kangaroerotten groeven binne, mar oer it algemien grave se har eigen. Se fortifisearje de yngong mei ferskate kubike meters oan tûkjeboel en toarnen dy't se gearfandelje fan 'e kaktussoarten springtsjolla (Cylindropuntia fulgida) en teddybeartsjolla (Cylindropuntia bigelovii). Sa'n saneamde 'rúchskerne' foarmet in formidabele ferdigeningsliny tsjin rôfdieren. De wenferbliuwen of 'keamers' fan 'e hoalen sitte in hiel ein ûnder de grûn en wurde gauris sitewearre op strategysk leine plakken, tsjin rotswanden oan of oan 'e basis fan kreosoatstrûken (Larrea tridentata) of kaktussen. Soms bouwe woastynhamsterrotten har nêst yn 'e legere tûken fan in beam.

In woastynhamsterrôt foar 't ljocht lokke mei pinda's.

Syn hoale of nêst brûkt de woastynhamsterrôt net inkeld om in feilich plak te hawwen om te sliepen, mar ek foar it opslaan fan fretten en as ûntsnappingsmooglikheid foar as er tenei kommen wurdt troch in rôfdier. In hoale kin wol 6 yngongen hawwe en oant 8 ynterne keamers. De rúchskerne fan tûkjeboel foar de yngong kin wol 36 sm heech en oan 'e basis 1 m breed wêze.

De peartiid falt foar de woastynhamsterrôt yn 'e maityd en simmer, wêrby't it wyfke nei in draachtiid fan 30–36 dagen in nêst fan maksimaal 5 jongen smyt. Dy weagje by de berte likernôch 10 g en komme blyn te wrâld, mei inkeld de puntsjes fan it hier al sichtber. Mei 10 dagen geane de eachjes iepen. De snijtoskjes fan jonge woastynhamsterrotten steane yn 't earstoan útinoar, sadat der foar yn 'e bek in seishoekige iepening is. Dy brûke se om har fêst te klamjen oan 'e oeren fan 'e mem, sa stevich dat se mar kwealk los te krijen binne. Mei likernôch 12 dagen krije de tosken har normale stân. Pas mei 4 wiken wurde de jongen lykwols folslein ôfwûn. De maksimale libbensferwachting foar woastynhamsterrotten is yn finzenskip 5 jier. It is net bekend hoelang't se yn it wyld libje, mar dat moat perfoarst gâns koarter wêze.

De woastynhamsterrôt fret benammen beane, de blêden fan 'e meskyt (Prosopis sp.) en de jeneverbeibeam (Juniperus sp.) en dielen fan kaktussen, wêrby't se gjin lêst lykje te hawwen fan 'e stikels. Woastynhamsterrotten frette ek (dielen fan) 'e kreosoatstrûk (Larrea tridentata), stikels, mosterplanten, aalst en bokweit, en fierders oare griene fegetaasje, sieden, fruchten, ikels en dinne-apels. Yn woastinige habitats binne se yn hege mjitte ôfhinklik fan 'e skiifkaktus (Opuntia sp.) om genôch wetter binnen te krijen.

De 'rúchskerne' fan in woastynhamsterrôt.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e woastynhamsterrôt binne ferskate soarten slangen, ûlen en haukfûgels, mar ek de prêrjewolf (Canis latrans), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de grutearkitfoks (Vulpes muticus), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en de Amerikaanske nerts (Neogale vison).

De woastynhamsterrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Der binne 22 (stân fan saken yn 2002) erkende ûndersoarten fan 'e woastynhamsterrôt (Neotoma lepida). In grut diel dêrfan is yn syn fersprieding beheind ta lytse eilantsjes foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân yn 'e Golf fan Kalifornje. De Angel de la Guardahamsterrôt (Neotoma insularis) waard dêr foarhinne ek ta rekkene, mar dat bist wurdt no, nei nij DNA-ûndersyk, frij algemien erkend as in selsstannige soarte.

  • N. l. abbreviata Goldman, 1909 (eilân San Francisco foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. arenacea Allen, 1898 (by San José del Cabo op it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. aridicola Huey, 1957 (inkele eilannen yn 'e Golf fan Kalifornje, foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. californica Price, 1894 (Bear Valley yn Kalifornje)
  • N. l. egressa Orr, 1934 (by Rosario op it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. felipensis Elliot, 1903 (eilantjse San Felipe, yn 'e Golf fan Kalifornje, foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. gilva Rhoads, 1894 (by Banning yn Kalifornje)
  • N. l. grinnelli Hall, 1942 (oan 'e Kolorado, 20 myl streamop fan Picacho yn Kalifornje)
  • N. l. intermedia Rhoads, 1894 (by Dulzura yn Kalifornje)
  • N. l. latirostra Burt, 1932 (eilân Danzante yn 'e Golf fan Kalifornje foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. lepida Thomas, 1893 (Utah en Nevada)
  • N. l. marcosensis Burt, 1932 (eilantsje San Marcos yn 'e Golf fan Kalifornje foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. marshalli Goldman, 1939 (eilân Carrington yn 'e Grutte Sâltmar fan Utah)
  • N. l. molagrandis Huey, 1945 (eilân Santo Domingo foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. nevadensis Taylor, 1910 (Humboldt County yn Nevada)
  • N. l. notia Nelson and Goldman, 1931 (Sierra de la Victoria op it súdlike part fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. nudicauda Goldman, 1905 (eilân Carmen foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. perpallida Goldman, 1909 (eilân San José yn 'e Golf fan Kalifornje, foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. petricola von Bloeker, 1938 (Monterey County yn Kalifornje)
  • N. l. pretiosa Goldman, 1909 (50 myl benoarden de Magdalenabaai op it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. ravida Nelson and Goldman, 1931 (by Comcondú, oan 'e súdpunt fan it Kalifornysk Skiereilân)
  • N. l. vicina Goldman, 1909 (eilân Espíritu Santo yn 'e Golf fan Kalifornje foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Wat de opsomming fan ûndersoarten oangiet, sjoch: Neotoma lepida fan B.J. Verts en Leslie N. Carraway (pdf).